Sintúch

In sintúch (Latyn: organum sensum) is in orgaan dat in organisme by steat stelt om beskate, foar dat sintúch spesifike, eksterne stimuly (prikels) waar te nimmen.
Minsken en bisten waarden tradisjoneel ornearre fiif sintugen te hawwen: gesichtsfermogen, gehoar, rooksin, smaak en taast. Mar tsjintwurdich wurde der folle mear erkend dy't by ûnderskate bistesoarten foarkomme. By de minske giet it dêrby om bygelyks termosepsje (it oanfielen fan waarmte en kjeld), nosisepsje (it fielen fan pine), lykwichtssin (it oanfielen fan jins eigen lykwicht en dus ek fan wat ûnder en boppe is) en ynterosepsje (it oanfielen dat in stof útstaat of oanfolle wurde moat, dus honger, toarst en de oandriuw ta pisjen en ûntlêsten). Elts ôfsûnderlik sintúch jout de minske of it bist dêr't it om giet tagong ta in beskaat diel fan 'e fysyske wurklikheid. Yn 'e fysiology foarmje de sintugen mei-inoar in orgaansysteem.
De sintugen sammelje prikels en sette dy om yn sinjalen dy't sawol trochjûn wurde oan as begrepen wurde kinne troch de harsens. Dat proses hjit transduksje. Yn 'e harsens wurdt besletten oft der ferlet is fan in reäksje en, sa ja, hokker reäksje dat wêze moat. De sintúchlike waarnimming stiet sadwaande oan 'e basis fan hast elts aspekt fan 'e kognysje, it hâlden en dragen en it tinken fan elts organisme. By minsken binne de sintugen dêrom ek in wichtich stúdzjefjild yn 'e neurowittenskip en de kognitive psychology.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
