Sinneral
| Sinneral | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Eurypyga helias | ||||||||||||
| Pallas, 1781 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De sinneral (Eurypyga helias) is in fûgelsoarte út de monotypyske famylje ralfûgels (Rallidae) út it skift kagû's en sinnerallen (Eurypygiformes).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De sinneral is in fûgel mei fine liniêre patroanen yn 'e kleuren swart, griis en brún. As de fûgel syn wjukken iepenteart is te sjen dat de slachpinnen ljochter binne mei oranjebrune en swarte bannen. Dat iepentearen docht er as er bygelyks skrikt of fijannen yn 'e buert binne. Ek de sturt hat in oranjereade mei swarte bân oer de fearren. De lange smelle snaffel is boppe donkergriis en ûnder, lykas ek de poaten, oranjegiel. Op 'e donkere kop mei in oranje each rinne fan 'e snaffel twa wite streken nei de nekke, ien oer it each en ien ûnder it each. Ek de kiel is wyt. De fûgel makket in fluitsjend lûd.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sinneral wurdt op basis fan it fearrekleed en it formaat yn trije ûndersoarten ferdield mei de folgjende fersprieding:
- Eurypyga helias major (Hartlaub 1844), briedt fan Gûatemala oant Panama, yn westlik Kolombia en westlik Ekwador.
- Eurypyga helias meridionalis (Berlepsch & Stolzmann 1902), briedt yn Junín en Cusco yn Perû.
- Eurypyga helias helias, de nominaatfoarm, briedt eastlik fan 'e Andes yn eastlik Kolombia, yn Fenezuëla, Guyana, eastlik Ekwador, eastlik Perû, eastlik Bolivia en yn 'e Amazône-regio fan Brazylje.
De sinneral libbet oan beboske rivieren en beken en jaget dêr op fisk en oare lytse rêchbonkedieren op 'e selde wize as in soad reagerfûgels. It nêst wurdt op in horizontale tûke fan in beam boud en bestiet út moas en planten en dridze. In lechsel bestiet meastentiids út twa aaien.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De sinneral waard earder faak yn it skift Gruiformes yndield, mar dat waard altyd as tydlik beskôge. Suver morfologysk is de fûgel te ferlikenjen mei de reagerfûgelss en de neist sibben lykas de reiddompen, mar dat komt mooglik fral troch de konverginte evolúsje fanwegen ferlykbere omstannichheden. De neist sibbe fan 'e sinneral is in oare fûgel dy't ek yn it skift Gruiformes stie, nammentlik de kagû. Ut molekulêre stúdzjes hat bliken dien dat dy twa soarten de meast neiste, libbene sibben binne. Dêrfandinne wurde dy twa soarten no faak yn it eigen skift Eurypygiformes set.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar der wurdt tocht dat de oantallen ôfnimme. De tebekgong is lykwols net sa slim dat de fûgel as bedrige beskôge wurde kin. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, ).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Sinneral
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
