Sinnebaaien

Sinnebaaien of sintsjen[1][2][3] is in passive frijetiidsaktiviteit wêrby't men jin sûnder folle klean oan bleatstelt oan sinnestrieling, mei as foarnaamste doel om 'e hûd brún wurde te litten. It kin ek ta doel hawwe om jin te ûntspannen en fan 'e waarmte te genietsjen. Bisten dogge it faak om op te waarmjen, benammen as it om kâldbloedige bisten giet. In risiko foar minsken is it oprinnen fan sinnebrân, dat tsjingien wurde kin troch jin yn te smaren mei sinnebrânkrêm. Sinnebaaien wurdt troch minsken dien op publike lokaasjes, lykas op it strân of op in gersfjild by in iepenloftswimbad of yn it park, mar ek op mear besletten plakken, lykas yn 'e eigen eftertún, op jins balkon of op it dek fan in jacht of in oare boat. Sinnebaaien om brún te wurden is in relatyf resint útfynsel. It grutste part fan 'e skiednis besochten minsken just in sa ljocht mooglike hûdskleur te behâlden om't dat in teken wie fan rykdom en dus in hege maatskiplike klasse. Pas fan 'e 1920-er jierren ôf waard it, ûnder ynfloed fan feroarjende arbeidsomstannichheden, emansipaasje en moade, populêr om in brunere hûd te hawwen. Tsjintwurdich is bekend dat sinnebaaien in fluggere ferâldering fan 'e hûd en teffens hûdkanker feroarsaakje kin.
Wurking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wannear't de minsklike hûd bleatsteld wurdt oan sinneljocht, wurde melanine en fitamine D oanmakke. Om't de measte lju net genôch fitamine D út har iten helje, is foldwaande bleatstelling oan 'e sinne wichtich foar it algehiel wolwêzen. Mar oermjitte sinnebaaien bringt krekt skea ta oan 'e sûnens. De hûd ferâlderet der flugger troch. En fral minsken mei in ljochte hûdsklear rinne in grut risiko op sinnebrân, wêrby't de hûd troch tefolle ultrafiolette strieling skansearre rekket en ferkleuret ta read. Sinnebrânplakken binne tige gefoelich, oant se nei in pear dagen ferfelje. Under de skansearre hûd is dan nije, sûne hûd oanmakke, en de skansearre hûd lit los in relatyf grutte stikken. Dat proses feroarsaket in hast ûnferdraachbere jûkte. Mei in dei as fiif oant sân is de sinnebrân wer hielendal genêzen. In slimmer gefolch fan tefolle sinnebaaien is it oanboazjend risiko op hûdkanker, in potinsjeel deadlike sykte, dy't him jierren letter pas by de sinnebaaier oppenearje kin.

Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jin yn 'e sinne deljaan om te rêsten of te ûntspannen, sûnder de eksplisite bedoeling om 'e hûd te brúnjen, is nei alle gedachten in aktiviteit fan alle tiden. Sinnebaaien om brún te wurden is lykwols in modern ferskynsel, dat pas yn 'e tweintichste iuw wizânsje waard.
Sûnt de Neolityske Revolúsje en de opkomst fan agraryske, sedintêre maatskippijen waard in brune hûd assosjearre mei wurk bûtendoar, op 'e ikkers. Lju út 'e hegerein, dy't net yn 'e sinne hoegden te wurkjen, holden in ljochtere hûdskleur dy't sjoen waard as in yndikaasje fan privileezje, en iuwenlang wie dêrom in ljochte hûdskleur it ideaal dêr't ek lju út 'e legere maatskiplike klassen nei stribben as har ekonomyske sitewaasje it taliet. De hûd fan lju út 'e hegere klassen, benammen dy fan froulju, waard beskerme tsjin 'e sinne mei brede huodden en mei parasols. Dat wie sa yn Aldheid fan Egypte, Grikelân, Itaalje, Ynje en Sina, en dat bleau ek yn 'e Midsiuwen en lettere iuwen sa. Wat houliks- en sekspartners oangie, bestie der in dúdlike foarkar foar lju mei in sa bleek mooglike hûd. Soks wiisde net inkeld op in hege klasse, mar waard ek assosjearre mei jonkheid, froulikens en oantreklikheid.
Pas yn 'e iere tweintichste iuw kaam dêr feroaring yn. Dat hie dermei te krijen dat froulju út 'e hegere klassen mear oan bûtendoaraktiviteiten diene, mei as gefolch dat harren hûd mear bleatsteld waard oan 'e sinne. Tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw waard sport nammentlik in sosjaal talitbere frijetiidsaktiviteit foar dames út 'e hegere middenklasse. Mei ûnder ynfloed dêrfan rekken de klaaiïngsnoarmen foar sokke froulju oan it begjin fan 'e tweintichste iuw fersoepele.

Yn dyselde snuorje ferdizene it ferskil tusken brune fjildwurkers en bleke pommeranten trochdat in protte lju út 'e arbeidersklasse yn fabriken kamen te wurkjen, dêr't se de hiele dei út 'e sinne bleaune en sadwaande ek in bleke hûdskleur holden. Dat betsjutte dat in ljochte hûdskleur fan dy tiid ôf gjin betrouber teken fan privileezje mear wie; it koe ek just earmoede oantsjutte. Oan 'e oare kant wiisde in brunere hûd, fral yn it winterhealjier, derop dat sokke lju ryk genôch wiene om nei it bûtenlân te reizgjen foar in fakânsje "yn 'e sinne". As gefolch fan dy maatskiplike ûntjouwings feroare ek it byld dat iuwenlang fan hûdskleur bestien hie folslein. Dêr kaam noch de positive ynfloed by dy't ljochtterapy bliek te hawwen op lju dy't oan lupus fulgaris en Ingelske sykte litten.
Sa waard in brune(re) hûd fan 'e 1920-er jierren ôf in statussymboal foar dames út begoedige maatskiplike fermiddens. Nei de Twadde Wrâldoarloch rekke sinnebaaien yn baaiklean stadichoan ek by de legere maatskiplike klassen ynboargere. Dat proses waard foarútholpen troch foto's en bylden fan ferneamde modellen, akteurs en aktrises en oare ferneamde persoanen mei in troch de sinne brune hûd. De yntroduksje fan 'e bikiny soarge derfoar dat de faasje fan 'e ynboargering op dramatyske wize omheech gie.
Fan begjin 1960-er jierren ôf, doe't bygelyks Ursula Andress yn in wite bikiny yn 'e James Bond-film Dr. No (1962) ferskynde, wie der neat nuvers mear oan sinnebaaien, ek net foar lju út 'e arbeidersklasse. It wie in frijetiidsaktiviteit dy't fluch oernommen waard trochdat it goedkeap en foar eltsenien tagonklik wie, en tagelyk de skyn fan glamour oer him hie en ek noch sûn oanfielde. Yn 'e 1970-er en 1980-er jierren waard sinnebaaien op 'e strannen oan 'e kusten fan 'e Middellânske See ien fan 'e wichtichste aktiviteiten fan fakânsjes dy't minsken út koelere kontreien yn it ramt fan it opkommende massatoerisme dêr by 't simmer trochbrochten. Der waard sels in namme foar betocht: strânfakânsje.

Tsjin 'e midden fan 'e 1980-er jierren waard dúdlik dat sinnebaaien eins net sûn is. Eltse minske hat dan wol ferlet fan in beskate mjitte fan sinneljocht, mar oerenlang yn 'e sinne te lizzen te bakken ferâlderet de hûd yn in folle heger tempo, en boppedat ferheget it, troch oanhâldende bleatstelling oan ultrafiolet ljocht, ek noch tige by tige it risiko om hûdkanker te krijen. Dokters warskôgen dêrfoar, en der waarden ek fan oerheidswegen bewustwurdingskampanjes optúge. Mar de measte sinnebaaiers sloegen de goerie yn 'e wyn om't se har (ûnrjochtlik) foldwaande beskerme achten mei sinnebrânkrêm dêr't in ultrafioletfilter oan tafoege wie.
Sûnt likernôch it begjin fan 'e ienentweintichste iuw waarden brúndûsen en bruningskrêms in alternatyf foar sinnebaaien om brún te wurden. Sokke produkten befetsje trochstrings de stof dihydroksyaseton, dat de hûd tydlik brún makket sûnder de skealike effekten fan ultrafioletstrieling. Mar brúndûsen en bruningskrêms resultearje net altyd yn in like natuerlike of egale hûdtint, en liede sadwaande wol ta stigmatisearring. Sinnebaaien bliuwt sadwaande oant hjoed de dei ta populêr, nettsjinsteande alle skealike bywurkings.
Sinnebaaien by bisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sinnebaaien wurdt ek in protte dien troch bisten. Kâldbloedige bisten, lykas reptilen, kinne makliker en flugger bewege as se wat opwaarme binne. Skyldpodden, hagedissen, slangen en krokkedileftigen dogge dêrom allegearre oan sinnebaaien, fral op 'e moarn, as se nei de kâlde(re) nacht sterk ôfkuolle binne. Behalven dat it har helpt by it bewegen, ûnderstipet opwaarmjen ek de spiisfertarring. Ek ynsekten lykas flinters en sprinkhoannen waarmje har oan it begjin fan 'e dei faak op yn 'e sinne. Mar ek waarmbloedige bisten meie harsels faak graach yn 'e sinne koesterje, sa't bygelyks katten dogge.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen en Referenties, op dizze side.
|
