Sineeske woffer
| Sineeske woffer | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje Wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ixobrychus sinensis | ||||||||||||
| Gmelin, 1789 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
briedfûgel stânfûgel wintergast |
De Sineeske woffer (Botaurus sinensis, synonym: Ixobrychus sinensis) is in Aziatyske fûgel út de famylje fan 'e reagerfûgels.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Sineeske woffer is in lytse reager fan 36 oant 38 sm lang mei in koarte hals en in frij lange snaffel. De fûgel hat gielgriene poaten, in ivoarkleurige snaffel (tsjusterder oan 'e boppekant), in koarte swarte sturt en giele irissen. It mantsje fan 'e soarte hat in donkere krún, in fealbrune oant kastanjebrune kop en hals, mei in effen feal brúngiel lichem boppe en brunich ûnder. De krún, hals en it boarst fan it wyfke binne streke; de efterhals en bopperêch binne readbrún en de ûnderkant hat donker readbrune en brune streken. Jonge fûgels ha in soad fan it wyfke, mar binne mear streke en brún op 'e kop en rêch en boppe lochtbrune spikkels.
De Sineeske woffer hat net in útsprutsen briedkleed sa't guon oare fûgels dat hawwe, mar der binne yn de briedtiid wol in pear opfallende feroarings te sjen, fral oan 'e snaffel en de keale hûd tusken de snaffel en it each, dy't nei read of rôzeread ferkleurje.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It briedgebiet fan 'e Sineekse woffers beslacht in grut part fan Aazje fan it Yndiaaske subkontinint en Pakistan oant it Russyske Fiere Easten, Japan, de Filipinen en hiel Súdeast-Aazje. Ek briedt de fûgel op ferskate eilannen yn 'e Pasifyske Oseaan, lykas Palau, Mikronezyske eilannen en Gûam.
De noardlike populaasjes (lykas Noard-Sina, Japan en it easten fan Ruslân) lûke winterdeis nei it suden, rjochting Súdeast-Aazje, de Filipinen, Yndoneezje en Nij-Guineä en dielen fan Mikroneezje, mar yn 'e tropyske dielen fan it ferspriedingsgebiet is de fûgel in stânfûgel.
De fûgel hâldt him benammen op yn reidfjilden, sompen mei tichte fegetaasje flakby swiet wetter.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sineeske woffer wurdt as in monotypyske soarte beskôge, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde. Hoewol't der yn it ferline wol útsteld is om ûndersoarten op basis fan lytse kleurferskillen te beneamen, wurde dy no sjoen as yndividuele fariaasjes.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wyfke leit meastentiids 4 oant 6 ljochtgrienblauwe aaien yn in nêst dat heechút trije meter boppe it wetter sit yn lytse beammen, strûken of tusken bamboe en reid. Yn 17 oant 20 dagen wurde de aaien troch sawol it mantsje as it wyfke útbret. Al nei in goede wike klimme de piken it nêst út om de omjouwing wat te ferkennen; nei likernôch 20 dagen ferlitte se it nêst foargoed. In Sineeske woffer kin yn ien seizoen wol twa oant trije kear briede en dat is heech foar reagerfûgels.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat de status fan net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List fan 'e IUCN. Alhoewol't de fûgel yn guon gebieten (lykas op 'e Seysjellen) hurd efterút giet, wurdt der fanút gien dat de fûgel yn it algemien net rap yn oantal efterút giet. De grutste bedriging is it ferdwinen fan sompen en reidfjilden troch urbanisaasje en yndustrialisaasje. It tapassen fan bestridingsmiddelen kin ynfloed ha op it oanbod fan ynsekten en oare proaidieren. Troch wetterbehear feroaret it wetterpeil yn reidsompen. Fierder kinne fersteuring troch minsken en klimaatferoaring de soarte bedriigje. Op guon eilannen yn 'e Pasifyske Oseaan, lykas Gûam en Saipan, foarmje ynfierde rôfdieren lykas de brune beamslang (Boiga irregularis) in grut gefaar foar nêsten.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Reiddomp
- Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Gûam
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn de Maldiven
- Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân)
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palau
- Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn de Seysjellen
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn East-Timor
- Lânseigen fauna yn Fjetnam

