Sineeske wite reager
| Sineeske wite reager | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Egretta eulophotes | ||||||||||||
| Swinhoe, 1860 | ||||||||||||
| IUCN-status: kwetsber
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
wintergast |
De Sineeske wite reager (Egretta eulophotes) is in fûgel út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Sineeske wite reager is in middelgrutte reager fan 68 sm lang mei in slanke hals en sniewite fearren. Syn snaffel is stevich, is donker en fleiskleurich by de basis oan 'e ûndersnaffel. De poaten binne swart, mar de teannen binne giel.
Yn 'e briedtiid kriget de fûgel in tige opfallende túf fan wol 11 sintimeter lang op 'e efterkop. Ek op it boarst en de rêch groeie lange, kantachtige sierfearren (saneamde aigrettes) dy't as in soarte fan wâae oer de bealch falle. De snaffel kriget in opfallende oranjegiele kleur en de team wurdt blau, in ferskil mei de lytse wite reager.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel briedt op lytse ûnbewenne eilantsjes foar de kust. De wichtichste briedplakken lizze oan 'e westkust fan it Koreaansk Skiereilân. Yn Sina briedt de fûgel benammen op eilannen yn 'e provinsje Liaoning (lykas it distrikt Changhai) en dielen fan 'e eastkust. Sibearje telt in hiele lytse populaasje fan 20 oant 40 pearkes op it eilân Foerûgelma yn it fiere easten fan Ruslân.
Yn oktober lûkt de fûgel nei it suden nei waarmere kustgebieden yn Súdeast-Azië. De Filipinen foarmje it wichtichste oerwinteringsgebiet, fral de eilannen Leyte, Bohol en Cebu. Yn Maleizje is de fûgel winterdeis yn 'e kustgebieten fan Sarawak en Selangor te sjen. Lytsere oantallen komme winterdeis foar yn Yndoneezje (Sumatra, Java, Borneo), Fjetnam, Tailân en Singapoer.
As de fûgel migrearret wurdt er oan 'e hiele kust fan Sina, Taiwan en somtiden sels yn Japan sjoen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sineeske wite reagers briede yn koloanjes op lytse eilannen foar de kust. De nêsten wurde boud fan tûken en gers yn lege beammen, strûken of bytiden op 'e grûn tusken de rotsen. It wyfke leit meastentiids 2 oant 4 ljochtgriene/blauwe aaien. Beide âlden wikselje inoar ôf by it brieden, dat likernôch 24 oant 30 dagen duorret. Ek it fuorjen fan 'e jongen dogge se tegearre; de piken wurde likernôch 4 kear deis mei opkoarre fisk en garnalen fuorre. De fûgels ferlitte nei likernôch 40 dagen it nêst en it duorret dan net mear lang dat se de lange tocht nei it suden meitsje.
It binne aktive jagers dy't mei wjukken klapperje en fluch yn ûndjip wetter rinne om de proaien oerémus te meitsjen en dan as de bliksem mei syn snaffel ta te slaan. Lytse fisken, garnalen en krabben foarmje it grutste part fan it iten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 19e iuw waard der in soad op 'e fûgel jagen fanwegen de sierfearren. Hjoed-de-dei foarmet de grutste bedriging it ferlies fan habitat troch ynpoldering fan waadgebieten, ynfrakstruktuer, yndustry, fersmoarging, bewenning en lânbou. De fûgel wurdt beskerme yn Ruslân, Sina, Taiwan en Súd-Koreä.
De fûgel is tige seldsum en de folsleine populaasje wurdt op likernôch 4.000 oant 6.000 folwoeksen fûgels rûsd. De IUCN klassifisearret de fûgel as kwetsber op 'e Reade list (2025).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Lytse reager
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Fjetnam

