Springe nei ynhâld

Sineeske strûksjonger

Ut Wikipedy
Sineeske strûksjonger
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje imerkesjongerfûgels (Locustellidae)
skaai strûksjongers (Locustella),
soarte
Locustella tacsanowskia
Swinhoe, 1871
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel
     wintergast

De Sineeske strûksjonger (Locustella tacsanowskia, synonym: Bradypterus tacsanowskius) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e imerkesjongerfûgels (Locustellidae). De wittenskiplike namme fan 'e fûgel is in earbetoan oan 'e Poalske soöloch en samler Władysław Taczanowski (1819-1890).

De Sineeske strûksjonger is in 13 oant 14 sm lange brúneftige fûgel. De boppekant is griisbrún, de ûnderkant gieleftich mei oan 'e ûnderste sturtdekfearren bleke einen. It ûnderste diel fan 'e kiel hat lytse plakjes. Guon eksimplaren hawwe lytse, donkere plakjes.

De Sjineeske strûksjonger briedt yn it easten fan Ruslân (Krasnojarsk nei it easten oer Transbaikal oant de regio Chabarovsk en it oanbuorjende noarden fan Mongoalje. Fierder yn it noardeasten, midden en suden fan Sina. Winterdeis migrearje de fûgels nei Súd- en Súdeast Aazje, mar de eksakte lokaasjes binne fanwegen beheinde waarnimmings net goed bekend. De soarte wurdt as monotypysk behannele, dat wol sizze dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.

De fûgel libbet yn berchgreiden op in hichte fan 2.800 oant 3.600 m boppe seenivo en oerwinteret yn reid en strewellen, op greiden en yn rysfjilden.

De fûgels ite ynsekten dy't se yn it gers sykje. Se briede yn juny oant july.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, de populaasje is stabyl en wurdt neffens tinken net oan substansjele bedrigingen bleatsteld. De omfang fan 'e wrâldpopulaasje is net bekend, mar wurdt as lokaal algemien omskreaun.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: