Sineeske sompereager
| Sineeske sompereager | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Sineeske sompereager yn briedkleed | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ardeola bacchus | ||||||||||||
| Bonaparte, 1855 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
briedfûgel wintergast |
De Sineeske sompereager (Ardeola bacchus) is in lytse reager út de famylje fan 'e reagers (Ardeidae), dy't yn East-Aazje foarkomt. De soarte falt benammen op troch it grutte ferskil tusken it winter- en it briedkleed.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn it winterkleed is de Sineeske sompereager fral griisbrún fan kleur. De kop en de nekke binne ljochtbrún oant bêzje mei donkere, fertikale streken. De rêch is effen oliifbrún. De snaffel is gielich mei in donkere boppekant, wylst de poaten giel binne. De wjukken binne opfallend suverwyt, wat ek yn flecht in wichtich skaaimerk is.
Yn it briedkleed feroaret it uterlik fan 'e fûgel sterk. De kop en de nekke wurde djip wynread oant kastanjebrún en krije langere sierfearren op 'e efterkop. De rêch feroaret fan brún nei in donker, glânzjend blau-swartich uterlik en ûntwikkelet lange fearren dy't oer de sturt hingje. It boarst kriget lange, donkerreade fearren, wylst it ûnderboarst griisich bliuwt. De snaffel is dan giel mei in blauwe basis en in swarte punt. De poaten kinne yn it hichtepunt fan 'e briedtiid fel rôzeread wurde. De wjukken feroarje net mei it seizoen en bliuwe wyt.
Juvenilen lykje sterk op folwoeksen fûgels yn it winterkleed. Se binne oer it algemien brún mei tichte, donkere streken oer kop, nekke en boarst. Ek by har binne de wjukken wyt, al kinne de úteinen fan 'e fearren noch lytse brune puntsjes of in brunige gloed sjen litte.
Yn it winterkleed en as juvenyl is de soarte hast net te ûnderskieden fan 'e Javaanske sompereager (Ardeola speciosa).
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sineeske sompereager briedt benammen yn East- en Súd-Sina, it Russyske Fiere Easten, Koreä, Japan en Taiwan. Ek yn dielen fan Noard-Birma en Noardeast-Yndia (Assam) komme briedpopulaasjes foar.
In grut part fan de noardlike populaasjes is trekfûgel. Dy fûgels ferlitte tusken septimber en april de briedgebieten om te oerwinterjen yn Súdeast-Aazje, ûnder mear op it Maleisyske Skiereilân, yn Tailân, Fjetnam, op Borneo, Sumatra en yn 'e Filipinen. Yn waarmere regio’s, lykas dielen fan Súd-Sina en Yndia, binne populaasjes faak stânfûgel of allinnich lokaal migrearjend.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Sineeske sompereager is net tier wat syn iten oanbelanget. It dieet bestiet út fisk, amfibyën lykas kikkerts en podden, skaaldieren, ynsekten, imerkes, krobben, wjirms en slakken. Ut en troch wurde ek lytse fûgels fongen. De fûgel jaget meast troch ûnferweechlik stil te stean of stadich troch ûndjip wetter te rinnen en dan hookstrooks mei de snaffel ta te slaan.
De soarte briedt faak yn lytse koloanjes, gauris tegearre mei oare reagersoarten lykas de feereager (Bubulcus ibis) of de lytse wite reager (Egretta garzetta). It nêst is ienfâldich en wurdt meastal heech yn beammen of yn tichte strewellen by wetter boud. Der wurde ornaris 3 oant 6 ljochtblau-griene aaien lein. Beide âlden briedzje en fersoargje de piken. Nei in briedtiid fan likernôch 18 oant 22 dagen komme de aaien út; nei sa’n 4 oant 5 wiken fleane de jongen út.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sineeske sompereager stiet op de Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (Least Concern, 2024). De wrâldpopulaasje wurdt as stabyl beskôge en de soarte is lokaal algemien. Wol kinne habitatferlies, fersmoarging, it brûken fan pestisiden en feroarings yn lângebrûk op guon plakken in negative ynfloed hawwe.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Sompereager
- Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Fjetnam

