Sineeske sliepmûs

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sineeske sliepmûs
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
famylje: sliepmûzen (Gliridae)
skaai: Sineeske sliepmûzen (Chaetocauda)
soarte
Chaetocauda sichuanensis
Wang, 1985
IUCN-status: te min gegevens

De Sineeske sliepmûs of Sichuansliepmûs (Latynske namme: Chaetocauda sichuanensis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae) en it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e Sineeske sliepmûzen (Chaetocauda). Dizze soarte komt foar yn 'e subalpine mingde wâlden fan it noardlik diel fan 'e Sineeske provinsje Sichuan.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sineeske sliepmûs is in heimsinnich bistke, dat inkeld bekend is fan twa fongen froulike eksimplaren dy't ôfkomstich wiene út it Natoerreservaat Wanglang. De wittenskiplike beskriuwing fan 'e soarte, troch Wang Youzhi, út 1985, berêst folslein op 'e karakteristiken fan dy beide wyfkes. Yn 1991-1992 waard foar de Sineeske sliepmûs in nij taksonomysk skaai stifte, dat fan 'e Sineeske sliepmûzen (Chaetocauda), dat oant no ta monotypysk bleaun is.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De beide bekende eksimplaren fan 'e Sineeske sliepmûs hiene in kop-romplingte fan 9, resp. 9,1 sm, mei in sturtlingte fan 9,2, resp. 10,2 sm en in gewicht fan 24½, resp. 36 g. Sineeske sliepmûzen binne nachtdieren en beambewenners, dy't har nêsten sa'n 3 m boppe de grûn meitsje. De beide bekende eksimplaren waarden oantroffen op in hichte fan 2.500 m boppe seenivo.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2004 krige de Sineeske sliepmûs de IUCN-status fan "bedrige", fanwegen syn (nei alle gedachten) beheinde en isolearre ferspriedingsgebiet, mar yn 2006 waard er reklassifisearre as data deficient, wat sizze wol dat der te min gegevens beskikber binne om in jildige ynskatting oer de status fan dit bist te meitsjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.