Springe nei ynhâld

Sineeske robynkielgeal

Ut Wikipedy
Sineeske robynkielgeal
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemiggesnappers (Muscicapidae)
skaairobynkielgealtsjes (Calliope)
soarte
Calliope tschebaiewi
Przewalski, 1876
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     briedfûgel C. tschebaiewi
     briedfûgel C. pectoralis
     wintergast

De Sineeske robynkielgeal (Calliope tschebaiewi, synonym: Calliope pectoralis tschebaiewi) is in fûgelsoarte yn it skaai robynkielgealtsjes (Calliope) út 'e famylje miggesnappers (Muscicapidae).

Mantsje yn it Nasjonaal Park Kaziranga.

De Sineeske robynkielgeal is in fûgel fan 12-14 sm lang, dy't fergelykber is mei de robynkielgeal, wêrby't it mantsje in robynkleurige kiel en in wite wynbrauwstreep en in wite snorstreep hat. By dizze soarte is de brune kleur fan 'e robynkielgeal lykwols ferfongen troch griis. De wjukken binne brúneftich en de sturt is swarteftich mei in wite basis en punten. Ek de Sineeske robynkielgeal hat in swarte bân oer it boarst. It wyfke liket op it wyfke fan 'e robynkielgeal, mar is grizer en minder waarm fan kleur en hat wite punten op 'e bûtenste sturtfearren.

De berchrobynkielgeal (wêrfan't de Sineeske robynkielgeal earder as in ûndersoarte behannele waard, sjoch hjirûnder) is tige ferlykber, mar mist de wite snorstreek, hat wat minder read op 'e kiel, en in dúdlik bredere swarte boarstbân.

Earder waard de soarte yndield yn it fûgelskaai Luscinia. Yn 2010 waard in wiidweidige fylogenetyske stúdzje oer sjongfûgels yn 'e famylje Muscicapidae publisearre. Dêrút die bliken dat it skaai Luscinia net monofyletysk wie, itjinge betsjut dat de soarten yn it skaai gjin nauwe sibben fan inoar wienen. Om in monofyletyske groep te foarmjen, waard dêrom it skaai Calliope wer ynsteld (it skaai Calliope waard al yn 1836 ynfierd troch de Ingelske ornitolooch John Gould.). Ferskillende soarten ferhûzen dêrnei nei it nij ynstelde skaai en dêrûnder ek de Sineeske robynkielgeal.

De Sineeske robynkielgeal waarde earder as in ûndersoarte fan 'e swartkielgeal (C. pectoralis) behannele, mar ferskilt yn uterlik, sang en sels genetika. De soarte wurdt hjoed-de-dei as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.

De fûgel briedt yn eastlik Kasjmir, op it súdlike, eastlike en noardeastlike Tibetaanske Plato, yn sintraal Sina (noardeastlik Gansu, eastlik Qinghai, Sichuan en noardwestlik Yunnan) en it noardlikste part fan Myanmar. Bûten it briedseizoen wurdt er sjoen yn ; e legere kriten fan eastlik Nepal oant noardeastlik Yndia, noardeastlik Bangladesj, noardlik Myanmar en súdlik Yunnan.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel briedt yn strûklân, meast boppe de beamgrins oant 4.420 m hichte. Winterdeis wurdt er sjoen op greidlân en yn strûklân, faak by wetter. Hy sit meastentiids op 'e grûn tusken fegetaasje, dêr't er nei ynsekten, rûpen en spinnen siket. De fûgel briedt tusken maaie en augustus. Hy bout in bolfoarmich nêst mei in sydyngog fan drûch gers ferburgen op 'e grûn tusken rotsen en woartels. In lechsel bestiet út trije oant fjouwer blauwgriene aaikes mei readbrune plakjes.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei stabile ûntwikkeling. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: