Sineeske reuze-iisfûgel
Sineeske reuze-iisfûgel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() mantsje ![]() wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Megaceryle lugubris | ||||||||||||
Temminck, 1834 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De Sineeske reuze-iisfûgel (Megaceryle lugubris) is in fûgel út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oant 43 sm lange soarte hat in opfallende túf. Syn fearren ha in patroan fan grize en wite plakken en de búk en de hals binne wyt. It mantsje hat in smelle, brutsen oranje halsbân, wylst it wyfkes ûnder de wjukken oranje dekfearren hat.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soart libbet fan noardeastlike Afganistan oant sintraal Fjetnam en Japan. Se ha in foarkar foar hurdstreamende, skjinne rivieren mei natuerlik iggen.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e soarte binne fjouwer ûndersoarten bekend:
- M. l. continentalis: de westelike en sintrale Himalaya.
- M. l. guttulata: fan 'e eastlike Himalaya oant Sintraal-Sina en noardlik Yndosina.
- M. l. pallida: Hokkaido (noardlik Japan) en de súdlike Koerilen (Ruslân).
- M. l. lugubris: Sintraal en Súd-Japan.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is gjin rûzing oer de oantallen fan 'e soarte. Sineeske reuze-iisfûgels ha in grut ferspriedings gebiet. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte dêrom as net bedrige klassifisearre (2024). De oantallen nimme oer it generaal tebek. Yn in grut diel fan Japan wurdt de soarte bygelyks as bedrige beskôge troch ôfnimmende oantallen as gefolch fan biotoopferlies en ek feroaringen yn Nepal, lykas ûntbosking en bouaktiviteiten, bedriigje de fûgel. Keunstmjittige wetterrinnen en de oanlis fan dammen makket harren leefgebiet ûngeskikt. Se ferlieze harren briedplakken as de iggen fan rivieren mei stien bedike wurde of weispiele troch de kap fan beammen. De soarte hat boppedat grutte territoaria nedich, sadat biotoopferlies al gau de populaasje ûnder druk set. It oanpassingsfermogen fan 'e soarte oan oare lânskippen is mooglik, mar beheind.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Reuze-iisfûgel
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Tailân