Springe nei ynhâld

Sineeske kraanfûgel

Ut Wikipedy
Sineeske kraanfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftkraanfûgeleftigen (Gruiformes)
famyljekraanfûgels (Gruidae)
skaaigewoane kraanfûgels (Grus)
soarte
Grus japonensis
Statius Müller, 1776
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel
     trochtrekker
     wintergast

De Sineeske kraan(fûgel), Japanske kraan(fûgel) of Mantsjoerijske kraan(fûgel) (Grus japonensis) is in fûgel yn it skaai gewoane kraanfûgels (Grus) út 'e famylje kraanfûgels (Gruidae). De soarte komt foar yn East-Aazje en is ien fan 'e grutste en seldsumste kraansoarten.

Sineeske kraanfûgel yn 'e flecht.

Sineekse kranen binne grutte wite fûgels fan likernôch in oardel meter heech mei in gewicht fan sawat 7,5 kg. De kop en nekke binne swart mei in read plak boppe op 'e kop en in wyt diel efter de eagen. Yn 'e flechtis te sjen dat de hânfearren wyt en de skermfearren en de ûnderearmfearren swart binne. Juvenilen binne brunich.

De soarte briedt yn Sibearje en Mongoalje en op it eilân Hokkaido yn Japan. Winterdeis migrearret er nei eastlik Sina en Koreä, wylst de Japanske populaasje stânfûgel is. Ut en troch binne der waarnimmingen fan 'e fûgel op Taiwan.

De fêstelânpopulaasje is ferdield yn in eastlike en westlike populaasje. De westlike populaasje briedt yn 'e middenrin fan' e Heilongjiangrivier oan 'e Russyske kant, lykas yn 'e Songnenflakte en it Da Hinggan-berchtme. Se oerwinterje benammen yn 'e kustwietlânnen fan it Nasjonaal Park Yancheng yn 'e Eastsineeske provinsje Jiangsu.[1]

De Sjineeske kraan is de sustersoarte fan in groep dy't bestiet út de Aziatyske soarten muontskraan en swarthalskraan, de Amerikaanske trompetkraan en de Jeropeeske kraan. Hy wurdt behannele as monotypysk, itjinge betsjut dat er net ferdield is yn ûndersoarten.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jonge fûgel yn 'e Zoo Hoyerswerda.

Yn Ruslân en Sina briedt er yn wiete gebieten mei gers of reid. Winterdeis wurdt er yn tijflakten, kwelders, oan rivieren, splissteande greiden en sâltpannen oantroffen.

De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer kategorisearret de soarte as kwetsber (VU) op 'e Reade list. Yn in relatyf koarte tiid is de soarte sterk yn oantal ôfnommen. Alhoewol't de populaasje yn Japan de lêste tiid foars groeid en no lykas ek de populaasje fan Koreä stabyl is, bleau de populaasje fan 'e yn Sina oerwinterjende populaasje foars ôfnimmen. De fûgel hat dêr bot te lijen hân fan feroaringen yn it lânskip, dy't laten ta isolaasje en fragmintaasje fan it habitat. De totale populaasje is dêr lyts. Mei weryntroduksje fan fokte fûgels wurdt dêr besocht om de wylde populaasje te fergrutsjen.

Rûsd wurdt dat de folsleine wrâldpopulaasje út 2000 oant 2650 folwoeksen fûgels bestiet.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: