Sineeske kob
| Sineeske kob | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Saundersilarus saundersi | ||||||||||||
| Swinhoe, 1871 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De Sineeske kob (Saundersilarus saundersi), ek wol de Sineeske swartkopmiuw neamd, is in bedrige fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae). De fûgel komt foar yn Sina, Japan, Noard-Koreä, Súd-Korea, Sibearje, Taiwan en Fjetnam. It natuerlike habitat fan 'e fûgel bestiet út estuaria en sâltwettersompen.
De wittenskiplike namme fan 'e Sineeske kob is ferneamd nei de Britske ornitolooch Howard Saunders.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sineeske kobben binne fûgels mei in frijwat knobske bou. It is in tige lytse miuwesoarte mei in lingte fan 33 sintimeter; allinnich de dwerchkob is noch lytser. Folwoeksen fûgels hawwe yn 'e briedtiid in swarte kop en nekke. Se binne tige ljocht mei in wyt lichem, in wite sturt en ljochtgrize wjukken. De wjukken ha wite punten en swarte markearrings op 'e slachpinnen. Bûten de briedtiid feroaret it swart fan 'e kop en nekke nei wyt mei in pear grize plakken. Jonge fûgels binne te werkennen oan in smelle swarte sturtbân en wat donkere plakken op 'e boppekant fan de wjukken. De poaten binne donkerreadbrún, de koarte snaffel is swart.
Fersprieding en habitat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sineeske kob briedt yn eastlik Sina en oan 'e westkust fan Koreä. De briedplakken lizze yn sâltwettersompen dêr't de plantesoarte Suaeda glauca groeit. De fûgel oerwinteret yn Súd-Sina, Taiwan, Súd-Korea, súdwestlik Japan en Fjetnam. Winterdeis is de soarte te finen yn estuaria en akwakultuerfivers. Guon populaasjes lûke nei it binnenlân nei marren en sompen.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas by in protte oare kobben, waard de soarte tradisjoneel yn it skaai Larus yndield. Op grûn fan fylogenetysk ûndersyk hawwe guon ornitologen de soarte ferpleatst nei Chroicocephalus, wylst oaren fan betinken binne dat de soarte genôch ûnderskiedend is om him yn it monotypyske skaai Saundersilarus ûnder te bringen. Yn 2023 waard dy yndieling akseptearre troch de International Ornithologists' Union.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sineeske kob fangt syn proai troch op likernôch tsien meter hichte te fleanen en dan fluch op in gaadlike proai te dûken. Sa fangt er fisk, krabben, wjirms en oare lytse beestjes. De fûgel is ek in kleptoparasyt: hy ûntfytmannet iten fan oare fûgelsoarten. It is net in goede swimmer, om't de fluezen mar foar in part ûntwikkele binne. Meastentiids bliuwt de fûgel op it lân oan 'e wetterkant.
Sineeske kobben briede yn sâltwettersompen yn in ienfâldich kûltsje yn 'e grûn. Se binne monogaam en elk pear hat in eigen territoarium. Yn maaie wurde twa of trije aaien lein en de briedtiid duorret likernôch 22 dagen. Yn oktober lûke de folwoeksen fûgels en de jongen nei harren oerwinteringsgebieten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in soad geskikt habitat kwytrekke, benammen troch it feroarjen fan sâltwettersompen yn lânbougrûn of fiskkwekerijen en troch yndustriële ûntwikkeling, lykas oaljewinning. Ien fan 'e pear oerbleaune bolwurken binne de Yancheng-kustwettergebieten, dêr't sawat 20% fan 'e wrâldpopulaasje libbet.
De totale populaasje waard yn 2011 troch BirdLife International op 14.400 folwoeksen eksimplaren rûsd, mar mooglik binne it der mar 7.100 oant 9.600 en it hat der in soad fan dat it oantal noch fierder ôfnimt. De IUCN klassifisearret de fûgel as kwetsber op 'e Reade List. De wichtichste bedrigingen binne de degradaasje fan habitat. Ek de yntroduksje fan 'e hurdgroeiende plant Spartina alterniflora hat in skealik effekt. Dêrnjonken soarget fersteuring fan folwoeksen fûgels foar in gruttere kâns op predaasje fan 'e aaien en piken.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
