Springe nei ynhâld

Sineeske klikstirns

Ut Wikipedy
Sineeske klikstirns
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaiklikstirnzen (Thalasseus)
soarte
Thalasseus bernsteini
Schlegel
IUCN-status: krityk

De Sineeske klikstirns (Thalasseus bernsteini, synonym Sterna bernsteini) is in fûgelsoarte fan it skaai klikstirnzen (Thalasseus) yn 'e famylje seefûgels (Laridae). It is de meast seldsume stirnzesoarten fan 'e wrâld.

Fleanende Sineeske klikstirns.

Sineeske klikstirnzen binne middelgrutte stirnzen fan 38-43 sm lang, dy't yn uterlik tige ferlykber is mei de gewoane klikstirns (T. sandvicensis) , de Amerikaanske klikstirns (T. acuflavidus) en de Bingaalske klikstirns (T. bengalensis). Hy hat it meast fan 'e earste, mar ferskilt dêrmei yn 'e snaffel. De gewoane klikstirns hat nammentlik in swarte snaffel mei in giele punt, wylst dy by de Sineeske klikstirns krektoarsom giel is mei in swarte punt. Yn ferlikening mei de Amerikaanske klikstirns is de snaffel fan 'e Sineeske klikstirns steviger. Lykas dy twa hat er yn it briedseizoen in folle swarte kroan, in bleek sulvergrize rêch en wjukken en in wite sturt. Fan 'e Bingaalske klikstirns, mei wa't er it oerwinteringsgebiet dielt, is er te ûnderskieden oan 'e wite stút en blekere grize mantel en de swarte punt oan 'e stevigere snaffel, dy't fan tichtby sjoen ek in wite punt hat. Nettsjinsteande dat de túfstirns syn meast neiste sibbe is, ferskilt er dêrmei dúdliker troch dy syn gruttere formaat, de folslein giele snaffel, wite foarholle yn it briedseizoen en in folle donkerder grize mantel en stút.

De fûgels brieden oant koartlyn allinnich oan 'e kust fan eastlik Sina en dêr op mar twa lokaasjes. Yn 2016 waarden ek twa briedpearkes ûntdutsen yn Súd-Koreä. Winterdeis wurdt er waarnommen yn Yndoneezje, Maleizje, Sina, Tailân en op 'e Filipinen.

Desinnialang waard oannommen dat Sineeske klikstirnzen útstoarn wiene, oant yn it jier 2000 in pear pearkes fan 'e soarte op 'e nij ûntdutsen waarden op 'e Matsu-eilannen yn 'e Strjitte fan Taiwan. Oannommen waard dat de folsleine populaasje út minder as 50 fûgels bestie. Yn 2025 wurdt de hiele populaasje op likernôch 100 oant 150 fûgels rûsd. De fûgelsoarte wie sûnt 1913 útstoarn yn Maleizje, mar waard dêr foar it earste sûnt mear as in iuw wer yn febrewaris 2025 waarnommen.

Briedplakken op eilannen foar de kust fan it Koreäanske Skiereilân en yn 'e East-Sineeske See en Giele See wurde beskerme en der binne briedpopulaasjes ferhûze nei feiliger plakken. Oer de migraasje fan 'e soarte is net in soad bekend. Grutte bedrigingen foarmje noch jimmeroan it yllegaal rispjen fan aaien troch fiskers, fûle stoarmen, it ferlies fan sompige gebieten oan 'e kust en fûgelsyktes.

De IUCN klassifisearret de soarte as krityk op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: