Sineeske berchkat
| Sineeske berchkat | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Felis bieti | ||||||||||||
| Milne-Edwards, 1892 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Sineeske berchkat (wittenskiplike namme: Felis bieti), ek wol bekend as de Sineeske steppekat of de Sineeske woastynkat, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e wylde katten (Felis). Dit bist komt foar yn sintraal Sina. It is in tige seldsum en skou bist, en de earste foto fan in wyld eksimplaar waard pas yn 2007 nommen. Foarhinne waard it beskôge as in ûndersoarte fan 'e Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris). De Sineeske berchkat is in nachtdier mei in karnivoar dieet, dat benammen út lytse hazze-eftigen bestiet. De IUCN klassifisearret dit bist as kwetsber, wat it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid is.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sineeske berchkat waard yn 1892 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Frânske soölooch Alphonse Milne-Edwards. Dyselde basearre syn beskriuwing op in pels út 'e Sineeske provinsje Sichuan. Hy joech it bist de wittenskiplike namme Felis bieti as earbetoan oan in lângenoat fan sines, de misjonaris Félix Biet.
Lange tiid wie ûndúdlik hoe't de Sineeske berchkat krekt klassifisearre wurde moast. Yn 2007 waard it bist provisjoneel yndield as in ûndersoarte fan 'e Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris), mei de wittenskiplike namme Felis silvestris bieti). Yn 2017 waard de Sineeske berchkat op basis fan morfologyske ferskillen mei de Jeropeeske wylde kat troch de gesachhawwende Taakgroep oangeande Kateftigen fan 'e Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN) erkend as in selsstannige soarte.
Evolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tinken is no dat de neiste sibbe fan 'e Sineeske berchkat net de Jeropeeske wylde kat Felis silvestris) is, mar de Afrikaanske wylde kat (Felis lybica). Der wurdt rûsd dat de lêste mienskiplike foarâlder fan 'e beide soarten likernôch 1,5 miljoen jier lyn libbe, yn it Mid-Pleistoseen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sineeske berchkat is endemysk yn Sina, dêr't er foarkomt yn in oaniensletten en kompakt ferspriedingsgebiet yn it sintrale diel fan it lân. It omfettet it noardeasten fan 'e autonome regio Tibet, it westen fan 'e provinsje Sichuan, it easten fan 'e provinsje Qinghai, it súdeasten fan 'e provinsje Gansu, dielen fan it súdwesten fan 'e autonome regio Binnen-Mongoalje, de hiele autonome regio Ningxia en it westen fan 'e provinsje Shaanxi.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sineeske berchkat hat trochinoar in kop-romplingte fan 69–84 sm, mei in sturtlingte fan 29–41 sm en in gewicht fan 5–9 kg. Dêrmei is er in slachje grutter as de hûskat (Felis catus). De pels is sânkleurich, mei langere dûnkerder hierren dertrochhinne. Dizenige horizontale streken oer de kop en de poaten en fertikale streken oer de rêch en de siden binne mar skraachoan te sjen. De sturt, dy't hast in plomsturt neamd wurde kin, hat fjouwer swarte ringen en in swarte punt. Ek de earen hawwe in swarte punt mei in lyts swart eartoefke, en ûnderste dielen fan 'e efterpoaten hawwe in pear horizontale swarte bannen. De bealch is folle ljochter: krêmkleurich of witich.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sineeske berchkatten binne bewenners fan heechleine steppes, berchgreiden, en berchskeanten dy't begroeid binne mei strewelleguod en boskjes nullebeammen op in hichte fan 2.500–5.000 boppe seenivo. It is anno 2025 noch net bekend oft dit bist ek yn 'e woastyn (d.w.s. de Goby) of yn ticht nullewâld libbet.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sineeske berchkat is in seldsum bist dat boppedat tige skou is. Hoewol't syn bestean by de wittenskip al fan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ôf bekend is oan 'e hân fan in stikmannich pelzen fan bejage eksimplaren dy't yn museä bedarre binne, waard de earste foto fan in libbene kat yn syn natuerlike habitat pas yn 2007 makke. By de iennichste libbene eksimplaren dy't foartiid bekend wiene, gie it op seis yndividuën yn Sineeske dieretunen.
De Sineeske berchkat is in nachtdier, dat oerdeis op in beskut plak rêst hâldt. Under dekking fan it tsjuster giet er op jacht. Op it menu steane benammen fluithazzen, dat lytse hazze-eftigen binne. Fierders fret de Sineeske berchkat ek kjifdieren en lytse en middelgrutte fûgels.
De peartiid falt foar de Sineeske berchkat fan jannewaris oant en mei maart. Nei in draachtiid fan 60–70 dagen smyt de poes dêrby yn in ûndergrûnske hoale dy't oernommen is fan in oar bist 2–4 jongkatsjes.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Folwoeksen Sineeske berchkatten hawwe net folle natuerlike fijannen. Jongkatsjes binne lykwols kwetsber foar alderhanne rôfdieren, fan ûlen en rôffûgels oant foksen en martereftigen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sineeske berchkat hat de IUCN-status fan "kwetsber", dat it leechste is fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid (de oare beide binne "bedrige" en "krityk bedrige"). It ferspriedingsgebiet is beheind en de wrâldpopulaasje is neat te grut. In spesifike bedriging foar dit bist is de bestriding mei fergif fan fluithazzen troch Sineeske boeren. Mei't fluithazzen de wichtichste itensboarne foar de Sineeske berchkat foarmje, krije de katten troch fergiftiging fan harren proaien it fergif ek binnen (in ferskynsel dat sekundêre fergiftiging neamd wurdt). De Sineeske berchkat is opnommen yn Taheakke II fan it CITES-ferdrach, dat it near leit op 'e ynternasjonale hannel yn (dielen fan) 'e neamde bisten. Yn 'e Folksrepublyk Sina genietet de Sineeske berchkat in wetlike beskerme status.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sineeske berchkat is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gin ûndersoarten erkend wurde.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

