Sineb El Masrar

Ut Wikipedy
Sineb El Masrar
skriuwer
Sineb El Masrar yn 2018
Sineb El Masrar yn 2018
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sineb El Masrar
nasjonaliteit Dútsk
berne 1981
berteplak Hannover (Nedersaksen)
etnisiteit Marokkaansk-Arabysk
wurk
taal Dútsk
sjenre non-fiksje
tema's islaam, islamisme
útjouwer Herder Verlag
jierren aktyf 2010 – no
offisjele webside
www.sinebelmasrar.de

Sineb El Masrar (Hannover, 1981) is in Dútsk sjoernaliste en publisiste, dy't ferskate útjeften oer de islaam en it islamisme op har namme stean hat.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

El Masrar waard yn 1981 yn 'e Noarddútske stêd Hannover berne as de dochter fan in Marokkaanske automonteur, dy't mids jierren sechstich as gastarbeider yn Dútslân kommen wie en oan 'e ein fan 'e santiger jierren ek syn frou út Marokko oerkomme liet.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

El Masrar folge in oplieding ta en behelle in diploma as sosjaal wurkster. Yn juny 2006 rjochte se it tydskrift Gazelle op, in multy-kultureel frouljusblêd, dêr't sy de útjouster en haadredaktrise fan is. Dêrnjonken wie El Masrar yn 2006 ek in lid fan 'e wurkgroep Media en Yntergraasje fan 'e yntegraasjekonferinsje ûnder lieding fan Maria Böhmer yn 'e Bûnskânselardij. Fierders naam se fan maaie 2010 oant yn 2013 diel oan 'e Dútske Islamkonferinsje.

Yn it neijier fan 2010 ferskynde by Eichborn Verlag it earste boek fan har hân, mei as titel Muslim Girls: Wer wir sind, wie wir leben ("Moslimfammen: Wa't we binne, hoe't we libje"). Dat wie in non-fiksjeboek oer islamityske froulju yn Dútslân, dat yn 2015 ûnder in licht oanpaste namme as paperback werútjûn waard by Herder Verlag.

Har twadde boek, Emanzipation im Islam: Eine Abrechnung mit ihren Feinden ("Emansipaasje yn 'e Islam: In Ofrekken mei de Fijannen Dêrfan"), kaam yn 2016 út by Herder. El Masrar rekke by in breder publyk bekend doe't de kontroversjele Turkske islamistyske organisaasje Millî Görüş in klacht tsjin har twadde boek yntsjinne en by de rjochtbank yn München en sinsurearring fan in passaazje ôftwong. Yn dat stikje helle El Masrar in artikel yn 'e krante Die Welt oan oer de belutsenens fan Millî Görüş by de Ynternasjonale Humanitêre Helporganisaasje (IHH), in feriening dy't foar 6,6 miljoen trochspile hie oan 'e militante Palestynske Hamasbeweging en dêrfoar troch de Dútske oerheid ferfolge waard.

Yn 'e hjerst fan 2018 ferskynde in trêde boek fan El Masrar, mei as titel Muslim Men: Wer sie sind, was sie wollen ("Moslimmanlju: Wa't se binne, wat se wolle"). Dêryn ûndersocht se op yngeande en krityske wize de foaroardielen dy't yn 'e Westerske maatskippij tsjin moslimmanlju besteane.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sineb El Masrar wennet yn 'e Dútske haadstêd Berlyn.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2010 – Muslim Girls: Wer wir sind, wie wir leben
  • 2015 – Muslim Girls: Wer sie sind, wie sie leben (werútjefte as paperback en ûnder in oanpaste titel fan Muslim Girls: Wer wir sind, wie wir leben)
  • 2016 – Emanzipation im Islam: Eine Abrechnung mit ihren Feinden
  • 2018 – Muslim Men: Wer sie sind, was sie wollen

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.