Sinaloa
| Sinaloa | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| lân | Meksiko | |
| haadplak | Culiacán Rosales | |
| grutste stêd | Culiacán Rosales | |
| gemeenten | 20 gemeenten | |
| federale distrikten | 7 | |
| Sifers | ||
| ynwenners | 3.026.943 (2020) | |
| oerflak (km²) | 57.365 km² | |
| befolkingstichtens | 52,77 ynw./km² | |
| Oar | ||
| steat sûnt | 14 oktober 1830 | |
| ISO-koade | MX-SIN | |
| tiidsône | UTC−7 | |
| simmertiid | Gjin | |
| koördinaten | 24°47′N 107°23′W | |
| webside | www.sinaloa.gob.mx | |
| Kaart | ||
| Westlike Sierra Madre | ||
Sinaloa, ek wol ferfryske ta Sinaloä, is in steat fan Meksiko yn it noardwesten fan it lân, oan 'e kust fan 'e Golf fan Kalifornje en de Grutte Oseaan. De steat grinzget oan Sonora, Chihuahua, Durango en Nayarit. De dielsteat hat in oerflak fan 57.365 km² en telt 3.026.943 ynwenners (2020). De haadstêd en grutste stêd is Culiacán Rosales. De steat stiet bekend as de "nôtskuorre fan Meksiko" fanwegen de grutte lânbouproduksje, mar is tagelyk ek berucht om it geweld fan 'e drugsmafia.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de Spaanske oermastering waard it gebiet bewenne troch ferskate yndiaanske folken, lykas de Cahita en de Tahue. Yn 1531 stifte de Spanjert Nuño Beltrán de Guzmán de stêd San Miguel de Culiacán. Yn 'e koloniale tiid foarme it gebiet in part fan 'e provinsje Nueva Vizcaya.
Yn 'e 19e iuw makke Sinaloa tegearre mei Sonora earst diel út fan 'e steat Occidente. Yn 1830 waarden de twa steaten definityf fan inoar skieden. Sûnt it begjin fan 'e 20e iuw hat de steat him ûntwikkele ta it wichtichste lânbougebiet fan Meksiko, tanksij de oanlis fan grutte yrrigaasjewurken. De steat is spitigernôch ek bekend wurden as it oarsprongsgebiet fan ferskate machtige drugskartels, itjinge yn 'e lêste desennia ta in soad geweld laat hat.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De steat bestiet geografysk út in smelle stripe leechlân oan 'e kust dy't yn it easten oergiet yn 'e rûge bergen fan de Sierra Madre Occidental. Troch de rivieren dy't út de bergen nei de see streame, is de grûn tige fruchtber.
Bestjoerlike Yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bestjoerlik is de steat opdield yn 20 gemeenten (muncipios). De haadstêd en grutste stêd is Culiacán. Oare wichtige stêden binne de havenstêd Mazatlán en it lânbousintrum Los Mochis.
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De wichtichste toeristyske lokaasje fan Sinaloa is Mazatlán, ien fan 'e âldste en populêrste baaiplakken oan 'e Meksikaanske westkust. De stêd is ferneamd om syn de histoaryske binnenstêd en de hege fjoertoer.
Dêrnjonken binne der ferskate Pueblos Mágicos (Magyske Doarpen) dy't toeristen lûke fanwegen harren koloniale arsjitektuer en kultuer, lykas El Fuerte, Cosalá en Mocorito. Ek de treinreis mei de Chepe (Ferrocarril Chihuahua al Pacífico), dy't yn Los Mochis begjint en troch de yndrukwekkende kleauwen fan 'e Sierra Madre rint, is in grutte trekpleister.
Befolking en kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De befolking fan Sinaloa is foar it grutste part fan mestysk komôf. De wichtichste yndiaanske groep binne de Mayo, dy't benammen yn it noarden fan 'e steat wenje. Sinaloa hat in rike muzikale tradysje, wêrfan't de Banda Sinaloense de bekendste foarm is.
Yn Sinaloa is troch de sterke oanwêzigens fan kartels in subkultuer ûntstien dêr't drugsferkear yn muzyk, styl en ferhalen in rol spilet. De bekendste útdrukking dêrfan binne de narcocorridos, ballades oer kartels en smokkelers.
Drugsproblematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sinaloa is ynternasjonaal benammen bekend as de basis fan it Sinaloakartel, ien fan 'e machtichste en meast gewelddiedige drugsorganisaasjes fan 'e wrâld. It kartel kontrolearret grutte dielen fan 'e produksje en smokkel fan drugs lykas fentanyl, metamfetamine en kokaine nei de Feriene Steaten.
De steat hat geregeld te krijen mei weagen fan geweld troch ynterne machtsstriid tusken ferskate fraksjes fan it kartel, lykas de oanhingers fan 'e famylje fan "El Chapo" Guzmán en dy fan Ismael "El Mayo" Zambada. Dat soarget foar in ûnfeilige situaasje yn dielen fan 'e steat, wêrtroch't bûtenlânske oerheden faak negative reisadvizen útjouwe foar gebieten bûten de grutte toeristyske sintra en op jûntiden in soad minsken net mear bûten komme.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sinaloa fan Wikimedia Commons. |
| Steaten fan Meksiko | ||
|---|---|---|
| Aguascalientes • Baja California • Baja California Sur • Campeche • Chiapas • Chihuahua • Coahuila de Zaragoza • Colima • Durango • Guanajuato • Guerrero • Hidalgo • Jalisco • Meksiko • Michoacán de Ocampo • Morelos • Nayarit • Nuevo León • Oaxaca • Puebla • Querétaro de Arteaga • Quintana Roo • San Luis Potosí • Sinaloa • Sonora • Tabasco • Tamaulipas • Tlaxcala • Veracruz • Yucatán • Zacatecas | ||
| Federaal distrikt: Meksiko-Stêd | ||