Springe nei ynhâld

Simona Brambilla

Ut Wikipedy
Simona Brambilla
Simona Brambilla (2019)
Simona Brambilla (2019)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Italjaansk
berne27 maart 1965
berteplakMonza
wurkpaad
berop/amtPrefekt fan it Dikastearje foar Instituten van Wijd Libben en foar Mienskippen fan Apostolysk Libben.
jierren aktyf2025-

Simona Brambilla (Monza, 27 maart 1965) is in Italjaanske non. Sûnt 6 jannewaris 2025 is sy de Prefekt fan it Dikastearje foar Instituten van Wijd Libben en foar Mienskippen fan Apostolysk Libben. Se is de earste frou oan it haad fan in departemint fan de Romeinske Kuery.

Brambilla helle har diploma as ferpleechster yn 1986. Yn Merate wurke se yn in sikehûs. Yn 1988 trede Brambilla ta yn it Ynstitút fan de Missysusters fan Consolata. Sûnt 1999, nei har kleastergeloften, late se in jongereinpastoraat yn Mozambyk.

Oan de Pauselijke Universiteit Gregoriana studearre Brambilla Psychology, dêr't se yn 1998 har diploma foar krige. Oan dyselde universiteit dosearre Brambilla yn it tiidrek 2002-2006 psychology. Yn 2008 helle se ek har doktoraat.

Yn 2011 en 2017 waard Brambilla keazen as generaal-oerste fan de frouljustak fan de Consolata Missionarissen, in funksje dy't se oant maaie 2023 hie.

Paus Fransiskus beneamde op 8 july 2019 Brambilla en seis oare froulju ta leden fan it Dikastearje foar Instituten van Wijd Libben en foar Mienskippen fan Apostolysk Libben. Net earder wiene froulju hjirfan lid.

Yn 2022 bepaalde paus Fransiskus dat net langer allinne manlike preesters in ôfdieling fan de Kuery liede meie soene, mar ek manlike en froulike net-preesters. Op 7 oktober 2023 waard Brambilla de earste froulike sekretaris fan it dikastearje dêr't se al lid fan wie. Dyselde moanne die se mei oan de Synoade oer Synodaliteit.

De Argentynske heechlearaar sosjology María Lía Zervino en Brambilla waarden yn desimber 2024 de earste froulike leden fan in ried dy't tasjocht op de útfiering fan de besluten fan de biskopssynoade.

Yn jannewaris 2025 beneamde paus Fransiskus, Brambilla ta Prefekt fan it Dikastearje foar Instituten van Wijd Libben en foar Mienskippen fan Apostolysk Libben. Dêrmei waard sy de earste frou dy't in dicastearje liedt. It dikastearje hâldt him dwaande mei religieuze oarders en kongregaasjes, moat goedkarring jaan foar nije mienskippen en fúzjes, opheffingen begeliede en besluten nimme oer it fuortgean fan leden út in oarder of kongregaasje. De Spaanske kardinaal Angél Fernández Artime waard pro-prefekt, omdat guon taken fan in prefekt ferrjochte wurde moatte troch immen dy't ta preester wijd is.

Mei it ferstjerren fan paus Fransiskus yn april fan dat jier kaam der automatysk in ein oan Brambilla's termyn, mar yn maaie besleat de nij keazen paus Leo XIV dat alle leden fan de Kuery oanbliuwe mochten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL