Simmerkardinaal
| Simmerkardinaal | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje. Wyfke. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Piranga rubra | ||||||||||||
| (Linnaeus, 1758) | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel trekfûgel |
De simmerkardinaal of simmertangare (Piranga rubra; synonym: simmertangare) is in fûgelsoarte yn it skaai Piranga út de famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De simmerkardinaal wurdt sawat 18 sintimeter lang en hat in wjukspanwiidte fan 28 oant 30 sintimeter. Der bestiet in sterk seksuëel dimorfisme tusken de skaaien. By mantsjes is it hiele bealchje ynklusyf de sturtfearren krêftich read, allinnich de fearren fan 'e wjukken binne soms wat donkerder. Jonge mantsjes binne yn it earstoan ûnregelmjittich gielbrún en readeftich fan kleur. De wyfkes hawwe in oliifgiele boppekant en in giele ûnderkant. De wjukken binne gielbrún. De sterke snaffel is by mantsjes en wyfkes gielgriis, de iris is swart en de poatsjes en fuotten binne griis.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De simmerkardinaal briedt mei de nominaatfoarm Piranga rubra rubra yn 'e súdlike en sintrale dielen fan 'e Feriene Steaten fan 'e eastkust oant Kalifornje. De ûndersoarte Piranga rubra cooperi libbet yn noardlik Meksiko. De fûgels hâlde harren leafst yn tichte leaf- en mingde bosken op. Yn 'e lette hjerst trekke de fûgels oer súdlik Florida en súdlik Meksiko nei Midden-Amearika en it noarden fan Súd-Amearika, dêr't se oerwinterje.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Simmerkardinalen wurde benammen fûn yn 'e middelste en hege ferhegingen fan leafbeammen. Se mei graach bijen en ealjebijen, dy't se yn 'e flecht fange. Foardat se de ealjebijen opfrette, slaan se dy tsjin tûken om de angel te ferwiderjen. Soms ite se ek harren larven, wêrtroch't se maklik tagonklike bijekasten en wespenesten iepenbrekke. Foardat de fûgels yn 'e lette hjerst mei harren migraasje útein sette, slaan se fetreserves yn harren lichem op om 'e trek oan te kinnen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De simmerkardinaal is net seldsum yn syn biotoop en de populaasje is stabyl en dêrom wurdt de fûgel troch de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer as net bedrige (LC, 2016) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Piranga
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
