Springe nei ynhâld

Sileenske grûnspjocht

Ut Wikipedy
Sileenske grûnspjocht
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftspjochteftigen (Piciformes)
famyljespjochten (Picidae)
skaaigrûnspjochten (Colaptes)
soarte
Colaptes pitius
Molina, 1782
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Sileenske grûnspjocht (wittenskiplike namme: Colaptes pitius) is in fûgel út it skift fan 'e spjochteftigen (Piciformes), de famylje fan 'e spjochten (Picidae) en it skaai fan 'e grûnspjochten (Colaptes). Dit bist komt foar yn 'e súdlike Andes fan Súd-Amearika. It is in stânfûgel dy't, oars as de measte spjochten, syn iten foar it meastepart op 'e grûn byinoar siket, ynstee fan yn 'e beammen. It menu bestiet hast hielendal út eamels. De Sileenske grûnspjocht is yn hege mjitte territoriaal. De IUCN klassifisearret dizze fûgel as net bedrige.

De Sileenske grûnspjocht waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1782 troch de Sileenske soölooch Juan Ignacio Molina. De oarspronklike wittenskiplike namme wie Picus pitius. In skoft waard de Sileenske grûnspjocht yn in eigen monotypysk skaai pleatst, dat de namme Pituipicus hie. Letter waard lykwols dúdlik dat dizze fûgel thúsheart yn it skaai fan 'e grûnspjochten (Colaptes). De Sileenske grûnspjocht is de sustersoarte fan 'e Andesgrûnspjocht (Colaptes rupicola), dy't foarkomt yn 'e sintrale Andes.

In Sileenske grûnspjocht yn 'e regio Araukaanje, yn sintraal Sily.

De Sileenske grûnspjocht is lânseigen yn 'e súdlike Andes fan Súd-Amearika. Dêr komt er foar yn sintraal en súdlik Sily, fan 'e regio Coquimbo yn it noarden oant de regio Magallanes yn it suden. Deselde fûgel komt ek foar yn it súdwesten fan it oanbuorjende Argentynje, yn in smelle stripe by de eastlike flank fan 'e Andes lâns. Dat gebiet leit yn 'e lânstreek Patagoanje en heart bestjoerlik ta de provinsjes Neuquèn, Rio Negro, Chubut en Santa Cruz.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sileenske grûnspjocht is in middelgrutte spjocht. Hy hat in totale lichemslingte fan likernôch 30 sm, mei in gewicht fan 100–163 g. De swarte snaffel is lang en hat in skerpe punt. De poaten binne grien-grizich fan kleur.

It fearrekleed is yn 'e nekke en op 'e rêch en wjukken dûnkerbrún oant swart mei smelle oerdwerse wite oant bêzje streekjes. De sturt is fan boppen dûnkerbrún oant swart, mei op 'e middelste fearren en oan 'e sydkanten smelle wite streekjes, en fan ûnderen gielich mei dizenige streekjes. De ûnderkant fan it liif is brutsen wyt oant hiel ljochtgriis, mei brede swartich brune streken op it boarst, mar in fierhinne effen kleure bealch.

De seksuele dimorfy is subtyl yn dizze soarte. Mantsjes en wyfkes sjogge der fierhinne itselde út, behalven wat de kop oangiet. Folwoeksen mantsjes hawwe in dûnkergrize 'mûtse'; dy rikt fan 'e foarholle oant de nekke, dêr't faak in lytse toppe reade fearren sit. De wangen en it kin binne bêzje mei fine swarte of swart-mei-reade stipkes oan wjerskanten fan 'e kop yn it ferlingde fan 'e snaffel. De kiel is bêzjich wyt. Folwoeksen wyfkes sjogge der itselde út, mar hawwe effen kleure wangen dy't frij binne fan stipkes fan lykfol hokker kleur. Likemin hawwe wyfkes ea reade fearren yn 'e nekke.

Juvenilen hawwe in dûnkerder 'mûtse', bredere ljochte streken op it boppeliif en mear dûnkere spikkels op it ûnderliif.

De Sileenske grûnspjocht is in bewenner fan kriten mei in Mediterraan klimaat of in seeklimaat. Hy jout de foarkar oan iepen of healiepen lânskippen, lykas wâldsiggen, iepen plakken yn bosken, savanne, rivierwâlden, plantaazjes mei beammen, hôven en steppe dy't hjir en dêr begroeid is in klútsje beammen. Sileenske grûnspjochten komme foar op in hichte fan 600–1.000 m boppe seenivo en ûntbrekke dus yn it heechberchtme. Winterdeis sakje se faak fierder ôf nei leger leine gebieten, dêrta twongen troch de kjeld, en kinne se sels op seenivo waarnommen wurde.

In Sileenske grûnspjocht op 'e wjuk.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sileenske grûnspjocht is yn syn hiele ferspriedingsgebiet in stânfûgel. Wol kin it wêze dat beskate yndividuën binnen dat ferspriedingsgebiet in wat nomadysk bestean liede, mar dat hâldt gjin ferbân mei de wikseling fan 'e jiertiden.

Sileenske grûnspjochten hawwe ferskate fokalisaasjes, wêrûnder in lang oanholden searje fan wik-wik-wik, in fariabel fluite kwii, inkeld of as diel fan in langere rige fan sokke uterings, en in wiik-uh, wiik-uh.

De peartiid falt foar de Sileenske grûnspjocht fan oktober oant en mei desimber. Dêrby hout in pearke in hoale út om yn te nêsteljen yn in deade beam of yn in oerein steande beamstronk yn in rivierbêd. Soms wurdt in nêsthoale ek útgroeven yn in steile wâl of in ierden klif. Sileenske grûnspjochten binne, fral yn dy tiid fan it jier, yn hege mjitte territoriaal. De draachtiid duorret 20–30 dagen, wêrnei't it wyfke almeast 2–3 aaien leit. Beide âlden drage by oan it brieden. De piken binne nêstbliuwers, dy't ferskate wiken folslein ôfhinklik binne fan fersoarging troch de âlden. It is net bekend op hokker leeftyd de pike útfleane.

Sileenske grûnspjochten foerazjearje, oars as de measte oare spjochten, mar krekt as oare grûnspjochten, foar it meastepart op 'e grûn ynstee fan yn 'e beammen. Se frette suver útslutend eamels en de larven en aaien fan eamels. Foerazjearjen is foar de Sileenske grûnspjocht in groepsaktiviteit, dy't yn famyljegroepkes útoefene wurdt, ornaris net fier fan beammen ôf. Dêrby huppe de fûgels om en pjukke en grave se mei de snaffel yn 'e ierde om, keare ôffallen blêden om en reagje oar planteguod oan 'e kant. Se ûndersykje ek omfallen beammen en beamstronken, mar steande beammen litte se hast altyd gewurde.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Sileenske grûnspjocht binne rôffûgels lykas earnen en hauken.

De Sileenske grûnspjocht hat de IUCN-status fan "net bedrige". Dizze fûgel hat in relatyf grut ferspriedingsgebiet, dêr't er noch rûnom foarkomt. Hoewol't it tal Sileenske grûnspjochten ûnbekend is, hawwe ornitologen der fertrouwen yn dat de populaasje stabyl is. Der binne gjin bedrigings identifisearre dy't foar dizze fûgel in direkt probleem foarmje.

De Sileenske grûnspjocht wurdt beskôge as in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.