Springe nei ynhâld

Sileenske flamingo

Ut Wikipedy
Sileenske flamingo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftflamingo-eftigen (Phoenicopteriformes)
famyljeflamingofûgels (Phoenicopteridae)
skaaigrutte flamingo's (Phoenicopterus)
soarte
Phoenicopterus chilensis
Molina, 1782
IUCN-status: hast bedrige
ferspriedingsgebiet

De Sileenske flamingo (Phoenicopterus chilensis) is in grutte fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e flamingofûgels (Phoenicopteridae). De soarte is nau besibbe oan 'e gewoane flamingo en de reade flamingo, mar ûnderskiedt him troch spesifike skaaimerken oan 'e poaten en de snaffel.

De Sileenske flamingo wurdt likernôch 110 oant 130 sm heech en is de lytste yn it skaai. De fearren binne foar it grutste part rôze, mar de soarte is donkerder as de gewoane flamingo. In typysk skaaimerk fan 'e soarte binne de grize poaten mei opfallende rôze of reade knibbels en rôze hakken. De snaffel is foar mear as de helte swart, wat mear is as by oare flamingosoarten.

Juvenilen binne benammen griis-brún oant smoarch-wyt. De earste twa oant trije jier hawwe se noch gjin rôze yn 'e fearren. De poaten binne yn it begjin hielendal donkergriis oant swart.

Ferskillen tusken de soarten yn it skaai Phoenicopterus:
SkaaimerkSileenske flamingoRôze of gewoane flamingoReade flamingo
Wittenskiplike nammePhoenicopterus chilensisPhoenicopterus roseusPhoenicopterus ruber
GrutteDe lytste (± 110-130 sm)De grutste (± 120-150 sm)Middelgrut (± 120-145 sm)
PoatenGriis-eftich mei opfallende reade knibbels en swimfluesenhielendal ljochtrôzehielendal feller rôze/read
SnaffelFoar mear as de helte swartAllinnich de punt is swartPunt is swart, basis is oranje/giel
FearrekleedDúdlik rôzeDe bleekste (hast wyt mei in rôze gloed)De felfleurichste (djip rôze oant oranje/read)

Fersprieding en biotoop

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel libbet yn Súd-Amearika. It ferspriedingsgebiet rint fan Sintraal-Perû oer de Andes nei Fjoerlân en East-Brazylje. Se libje benammen yn sâlte marren, lagunes en deunby de kust, faak op grutte hichten oant wol 4.500 meter boppe seenivo.

Fûgels yn it Zwillbrocker Venn.

Bûten it natuerlike ferspriedingsgebiet yn Súd-Amearika komt de Sileenske flamingo ek as eksoat foar yn West-Europa, wêrûnder yn Nederlân en Dútslân. De fûgels binne oarspronklik ûntsnapt út bistetúnen of partikuliere kolleksjes en briede sûnt 1983 yn it Zwillbrocker Venn yn in natuergebiet yn Dútslân flak oer de grins by de Achterhoeke. It is de meast noardlike briedkoloanje fan flamingo's op 'e wrâld en se briede dêr op in eilantsje midden yn in grutte koloanje fan kobben, dy't harren beskermje tsjin rôfdieren lykas de foks. Nei it brieden binne de fûgels oer in grutte gebiet te sjen en wurde se ek wol yn it Lauwersmargebiet, de Fryske Iselmarkust en de Grevelingemar waarnommen.

Sileenske flamingo's binne sosjale fûgels dy't yn grutte koloanjes libje, soms fan tûzenen fûgels tagelyk. Se ite benammen lytse kreeften, algen en diatomeeën, dy't se mei harren spesjale snaffel út it wetter filterje.

It nêst bestiet út in bultsje dridze mei in kûltsje, dêr't meastentiids mar ien aai yn lein wurdt. Beide âlden briede it aai út en soargje foar it jong.

De soarte wurdt troch de IUCN klassifisearre as hast bedrige (Near Threatened). De populâasje stiet ûnder druk troch habitatferlies, fersmoarging en it sammeljen fan aaien troch de minske.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: