Springe nei ynhâld

Siktarisfûgel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Siktarisfûgels (famylje))
Siktarisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljesiktarisfûgels (Sagittariidae)
Finsch & Hartlaub, 1870
skaaisiktarisfûgel (Sagittarius)
Hermann, 1783
soarte
Sagittarius serpentarius
J.F. Miller, 1779
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet

De siktarisfûgel of sekretarisfûgel (Sagittarius serpentarius) is in rôffûgel en de iennige fertsjintwurdiger út de famylje Sagittariidae.

Fleanende siktarisfûgel.

De fûgel hat in pear krêftige, lange poaten en in rútfoarmige sturt, in lange túf fan swarte fearren en in oranje gesicht. It fearrekleed is griis mei swarte slachpinnen. De fûgel mjit 1,30 oant 1,40 m en weaget tusken 2,5 oant 4,5 kg. De spanwiidte fan 'e fûgel is likernôch 2 m.

Siktarisfûgels komme op Afrikaanske savannes besuden de Sahara foar.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn fretten bestiet út slangen, lytse sûchdieren, fûgels en reptilen. As er net folle oars is yt er ek imerkes. It fleanen giet him net maklik ôf, mar hy moat wol om't er yn syn leefgebiet genôch rôfdieren binne dy't de siktarisfûgel ek as proai hawwe. Bysûnder is de wize fan jeien: de proai fangt er troch dy mei syn lange poaten dea te wâdzjen.

Siktarisfûgel mei proai.

It nêst wurdt 3 oant 7 m boppe de grûn heech yn 'e beam fan tûkjes en twigen troch it mantsje en it wyfke boud. De beam stiet yn 'e regel tusken tichte strûken. In nêst bestiet út twa oant trije aaien, dy't reade plakjes ha. It wyfke briedt, wylst it mantsje har foer bringt. Tegearre soargje se foar de jonge fûgels, dy't nei 65 oant 85 dagen fleane kinne.

De sektarisfûgel hat in grut ferspriedingsgebiet yn Afrika, mar der bestiet in kâns op útstjerren. In rûge rûzing fan 'e populaasje troch BirdLife International yn 2020 hâldt de populaasje op 6.700 oant 67.000 folwoeksen fûgels. Neffens publisearre stúdzjes fan 2001 en 2020 nimme dy oantallen ôf. Yn guon regio's bûten de beskerme gebieten is de populaasje yn ien generaasje mei mear as 80% tebekrûn en bûten de nasjonale parken binne grutte gebieten fan it ferspriedingsgebiet ferlern gien. Dat jildt foar de populaasjes yn Maly, Niger en Boerkina Faso, mar ek yn Kameroen, Kenya, Botswana, Swazylân en Súd-Afrika rinne de oantallen tebek. It habitat fan 'e fûgel wurdt oantaast troch it jamk platbaarnen fan gerslân en foarmen fan yntinsiver agrarysk gebrûk yn natuerlik drûch gerslân. Dernjonken wurdt der op 'e fûgel jage en fersteure hoeders nêsten. Ek is de fûgel slachtoffer fan elektrisiteitstriedden. Yn Súd-Afrika is it in probleem dat gerslân ferkrongen wurdt troch strûken. Dêrfandinne stiet de fûgel sûnt 2020 as bedrige (EN, 2024) op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Yn 2023 is yn Tanzania in grut ûndersyk úteinset yn 'e Serengeti- en Nasjonaal Park TarangireTarangire-regio. Dêr binne jonge fûgels mei satellytstjoerders folge om út te finen hoe't se harren nei it útfleanen rêde. Dat projekt is yn 2025 2025 útwreide nei it Mkomazi Nasjonaal Park. BirdLife Súd-Afrika rjochtet him ek op gearwurking mei boeren en lânbehearders, sadat der ek bûten beskerme gebieten leefgebiet bliuwt foar de fûgel.

De namme fan 'e fûgel is nei alle gedachten te tankjen oan 'e sierfearren op 'e kop. Fearren waarden eartiids as skriuwpinne brûkt. In resintere ferklearring is dat de namme fan it Arabyske saqr-et-tair ôflaat is, itjinge jachtfûgel betsjut. De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1779 troch John Frederick Miller jûn en betsjut 'bôgesjitter fan slangen'.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: