Springe nei ynhâld

Sikstynske Kapel

Ut Wikipedy
Sikstynske Kapel
Cappella Sistina
De Sikstynske Kapel sjoen fan de koepel fan de Sint-Pitersbasilyk ôf.
De Sikstynske Kapel sjoen fan de koepel fan de Sint-Pitersbasilyk ôf.
Lokaasje
lân Flagge fan Fatikaanstêd Fatikaanstêd
plak Flagge fan Fatikaanstêd Fatikaanstêd
koördinaten 41° 54' N, 12° 27' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Bisdom Rome
wijd oan Maria-Tahimelopnimming
Arsjitektuer
arsjitekt Baccio Pontelli
boujier 1483
hichte 20.70 m.
Kaart
Sikstynske Kapel (Fatikaanstêd)
Sikstynske Kapel

De Sikstynske Kapel (Italjaansk: Cappella Sistina) is de bekendste kapel yn it Apostoalysk Paleis, de residinsje fan de paus yn Fatikaanstêd.

It is ien fan de bekendste binnenromten fan de wrâld, fanwege de ferneamde fresko's fan Michelangelo en omdat it de romte is dêr't yn konklaaf de kardinalen byinoar komme om der in nije paus te kiezen. Dat bart nei it ferstjerren of ôftreden fan'e hjoeddeistige paus. Foar dit konklaaf wurdt op it dak fan de kapel in skoarstien pleatst, dêr't op it konklaaf twa kear deis reek út komt. De skoarstien wurdt hjirfoar oansletten op in kacheltsje dêr't nei elke twa stimrondes de stimbriefkes yn ferbaarnd wurde. Dit is ôfhinklik fan de útslach fan it stimmen swarte of wite reek, sadat de minsken op it Sint-Pitersplein sjen kinne oft der al dan net in nije paus keazen is. Sûnt it konklaaf fan 2005 wurde by wite reek ek de klokken fan de Sint-Pitersbasilyk lûd om betizing oer de kleur fan de reek foar te kommen. Nei it konklaaf draacht de nij keazen paus hjir ek syn earste mis op mei de kardinalen dy't him keazen hawwe. Dit docht er op de dei nei syn ferkiezing.

De Sikstynske Kapel is bekend as it plak fan pauslike konsulven, mar is yn it foarste plak it fysike plak fan de pauslike hofkapel. Dêr fûnen de wichtichste liturgyske fieringen plak foar it pauslik hôf, dat yn de tiid fan paus Sikstus IV yn de lette 15e iuw sa'n 200 minsken omfette, ûnder wa geastliken en ûnderskieden leken. De Sixtijnske kapel stiet op it plak dêr't foarhinne de Cappella Maggiore (Grutte kapel) stie.

Dy Cappella Maggiore ûntliende har namme oan it feit dat der ek noch in oare, lytsere kapel yn gebrûk wie by de paus en syn gefolch foar de deistige oanbidding. Yn'e tiid fan paus Sikstus IV wie dit de kapel fan paus Nikolaas V, dy't dekorearre wie troch Fra Angelico. De Cappella Maggiore waard as sadanich neamd yn 1368. Neffens in meidieling fan Andreas fan Trebizonde oan paus Sikstus IV, doe't men se slope woe om plak te meitsjen foar de hjoeddeiske kapel, wie de Cappella Maggiore yn in ferrinnewearre steat mei har brike muorren.

De ôfmjittings fan de hjoeddeiske kapel slute nau oan by dy fan it orizjineel. Nei de bou waard de kapel fersierd mei fresko's fan in tal fan de ferneamdste keunstners fan de heech-renêssânse, dêrûnder: Botticelli, Ghirlandaio, Perugino en Michelangelo.

De kapel waard opdroegen oan de Maria-Tahimelopnimming en de earste mis waard der opdroegen op 15 augustus 1483. De Sikstynske Kapel hat har funksje as pauslike hofkapel oant no ta behâlden en hjir fine dan ek de wichtichste liturgyske fieringen plak, of it moast wêze dat de paus op reis is. Oan de kapel is in fêst sjongkoar ferbûn, it Koar fan de Sikstynske Kapel, dêr't troch bekende komponisten in protte orizjinele muzyk foar skreaun is.

De hjoeddeiske Sikstynske Kapel waard ûntwurpen troch Baccio Pontelli en boud tusken 1475 en 1483 ûnder lieding fan Giovanni de Dolci, yn opdracht fan paus Sikstus IV, nei wa't de kapel ek neamd is.

De kapel hat in rjochthoekige grûnfoarm en is 40,23 meter lang, 20,70 meter heech en 13,41 meter breed, oerienkommend mei de Timpel fan Salomo, dy't 60 by 30 by 20 el grut wie, neffens 1 Keningen 6:2.

It plafond bestiet út in ôfplatte tonferwulft. De kapel wurdt yn twaen dield troch in moarmeren ofskieding.

Fresko's yn de Sikstynske Kapel

Op de muorreskilderingen wurde wichtige foarfallen út de kristlike skiednis ôfbylde, yndield yn trije perioaden: foar Mozes de wet ûntfong, de tiid tusken Mozes en Kristus en it tiidrek dat derop folge.

Under de Fresko's binne romten foarsjoen foar de tsien muorre tapiten fan de ferneamde rige Hannelingen fan de Apostels. Se is ûntwurpen troch Rafaël en weve troch it atelier fan Pieter van Aelst yn it hjoeddeiske Belgje. Allinne by útsûnderlike gelegenheden wurde se op de bedoelde plakken hongen.

Ferwulfttskildering

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It plafond wie oarspronklik azuerblau skildere en mei gouden stjerren dekorearre, mar paus Julius II besleat yn 1508 dat der in nij fresko skildere wurde moast. Hy kontraktearre Michelangelo, hoewol't dy him oant dan ta foaral mei byldhouwen dwaande hâlden hie. Michelangelo skildere de fresko's tusken 1508 en 1512.

De opdracht fan'e paus wie om de tolve apostelen te skilderjen, mar Michelangelo die dit foarstel sels ôf as "earmoedich"'. Hoewol't de keunstner sels altyd bewearde dat er dêrnei fan de paus kwa ûntwerp de frije hân krige "om te dwaan wat ik sels woe", tinkt men tsjintwurdich dat er út de rûnte om de paus advys hinne hân hat om de Bibelske ynfolling fan it fresko hinne. Doe't Michelangelo klear wie mei it ferwulft, hie er mear as 300 figueren skildere.

Yn'e midden is it ferneamste part fan it fresko: De Skepping, dêr't op te sjen is hoe't God Adam it libben jout. De skilderijen binne basearre op Genesis. Op 31 oktober 1512 waard de kapel iepensteld foar alle pommeranten fan Rome.

It Lêste Oardiel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1535 waard Michelangelo opnij benadere foar in skilderopdracht yn de kapel. Paus Paulus III joech him de opdracht om de muorre efter it altaar te beskilderjen. mei in ôfbylding fan it Lêste Oardiel. Dat fresko waard yn 1541 foltôge.

De útfiering fan it ûnderwerp soarge foar ûnienichheid binnen it Fatikaan: Michelangelo hie in protte figueren alhiel neaken en mei sichtbere geslachtsdielen ôfbylde. Paus Paulus III hie der gjin beswier tsjin, mar de seremoanjemaster fan 'e paus, Biagio da Cesena, beklage him iepenlik oer safolle neakenens, dêr't Michelangelo him yn 'e ûnderkant fan 'e rjochterhoeke fan it skilderij op ôfbylde as kening Minos, de rjochter fan 'e Underwrâld, waans pyst ferswolge wurdt troch in slang.

Yn it Konsily fan Trente (1545-1563) waard besletten dat neakenens yn religieuze ôfbyldingen net akseptabel wie. In grut part fan de genitaliën waarden, nei de dea fan Michelangelo, yn 1565 mei beskildere doeken bedutsen troch Daniele da Volterra, dy't hjirnei de skiednis yngie as Il Braghettone (de broekenmaker). Hy koe syn wurk net ôfmeitsje trochdat Paus Pius IV ferstoar en de kapel nedich wie foar it konklaaf, wêrby't de steger fuorthelle waard.

By de grutte restauraasje fan sawol it plafondfresko as it muorrefresko tusken 1980 en 1994 waard sawat de helte fan de doeken fan Da Volterra wer fuorthelle.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: