Springe nei ynhâld

Sikstus IV

Ut Wikipedy
Sikstus IV
   kristlik lieder
Paus Sikstus IV
Paus Sikstus IV
amt en titulatuer
tsjerke Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom bisdom Rome
sit Hillige Sit
amtsperioade 1414-1484
foargonger Paulus II
opfolger Innosintius VIII
wurkpaad
kleasteroarder Fransiskanen
kardinaal 18 septimber 1467
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Francesco della Rovere
nasjonaliteit Italjaansk
bertedatum 21 july 1414
berteplak Celle Ligure
stjerdatum 12 augustus 1484
stjerplak Rome

Paus Sikstus IV, bêrne as Francesco della Rovere (Celle Ligure, 21 july 1414 - Rome, 12 augustus 1484) wie de 212e paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Yn 1475 wie hy de opdrachtjouwer foar de bou fan de Sikstynske Kapel.

Francesco wie in soan fan in respektearre mar earme húshâlding. Letter naam de famylje de namme della Rovere oan fan in famylje yn Turyn mar fan wa't hja gjin famylje wie. Hy kaam ta de minderbruorren. Hy studearre filosofy en teology yn Bologna, Chieri, Padua en Savona. en wie professor oan seis Italjaanske universiteiten. Paus Paulus II beneamde him yn 1467 ta kardinaal.

Op 9 augustus 1471 waard er keazen as opfolger fan Paulus II. Hy keas foar de namme Sikstus nei de Romeinske martler Sikstus II. Hoewol't ynearsten ferwachte waard dat er de oarder herstelle soe, wurdt it hiel gau dúdlik dat paus Sikstus IV him skuldich makke oan freontsjespolityk. By syn 34 beneamingen fan nije kardinalen oerhearsken politike beweech redenen.

De ierste troch Sikstus beneamde kardinalen wiene syn twa neven Giuliano della Rovere (paus Julius II) en Pietro Riario, dy't trijeris biskop, twaris aartsbiskop, patriarch fan Konstantinopel en kardinaal waard. In oar famyljelid, Girolamo Riario sleepte Sikstus yn ferskate sinleaze krigen mei.

Troch freontsjespolityk en wanoarderlik belied útput, waard de pauslike skatkiste oanfolle troch nije middels, ferhege preemjes foar it ferkrijen fan de jierlikse ynkommen fan in geastlike, it te keap setten fan amten en it útskriuwen fan nije ôflitten.

Op 12 augustus 1484 ferstoar Sikstus IV. Hy waard begroeven yn in prealgrêf yn de Fatikaanske Sint-Pitersbasilyk. Hege skulden wiene it resultaat fan syn kultuer- en machtspolityk.

Ofkomstich fan de Oarder fan de minderbruorren dêr't libben yn earmoede oan de basis stiet, sloech Sikstus IV in hiele oare wei yn: dy fan de rykdom. Hy liet Rome werbouwe en joech kapitalen út oan (kulturele) projekten.

Hy liet in brêge oer de Tiber bouwe, de saneamde Ponte Sisto. Dêrneist joech hy de opdracht ta sawol de bou fan de Santa Maria della Pace as de Santa Maria del Popolo. Dizze lêste soe it mausoleum wurde foar de famylje Della Rovere.

Rome krige ûnder Sikstus IV in hiel oar gesicht, wêrby't de smelle strjitsjes ferfongen waarden troch brede grutte strjitten en nije pleinen.

Sikstynske Kapel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1473 joech hy opdracht ta de bou fan de Sikstynske kapel, op it plak dêr't foarhinne de Cappella Maggiore (Grutte kapel) stie. De oanlieding ta de bou fan de Sikstynske kapel wie de ôftakele tastân dêr't de Capella Maggiore him yn befûn. Under it bewâld fan paus Sikstus IV begûn Renaissance-arsjitekt Baccio Pontelli yn gearwurking mei Giovanni di Dolce oan de bou fan in nije kapel. De kapel waard opdroegen oan de Maria-Tahimelopnimming en de earste mis waard der opdroegen op 15 augustus 1483.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Pausen yn 'e 15e iuw

Innosintius VII · Gregoarius XII · Martinus V · Eugenius IV · Nikolaas V · Kalikstus III · Pius II · Paulus II · Sikstus IV · Innosintius VIII · Aleksander VI ·


· · Berjocht bewurkje