Sikke Sikkema
Appearance
| Sikke Sikkema | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Sikke Sikkema | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 17 april 1941 | |
| berteplak | Frjentsjer | |
| stjerdatum | 23 novimber 2021 | |
| stjerplak | Frjentsjer | |
| etnisiteit | ||
| sportive ynfo | ||
| PC | 1969 | |
| debút | 1960 | |
| karriêre-ein | 1974 | |
| wichtige prestaasjes | ||
Sikke Sikkema (Frjentsjer, 17 april 1941 - dêre, 23 novimber 2021) wie in aktyf keatser fan 1960 oant en mei 1974.
Hikke en tein yn Frjentsjer wûn hy yn 1956 mei syn neef Piet Sikkema en Jan Seerden de Freule yn 1960 sette syn keats kariêre echt útein. Sikkema die fjirtjin kear mei oan de PC dy't er yn 1969 wûn mei Johan van Seijst en Johannes Westra. Yn 1968 en 1974 wie er winner fan de Bûnspartij senioaren. Hy hat 81 finales keatst werfan hy 43 wist te winnen.
Sikke Sikkema ferstoar op 23 novimber 2021, yn 'e âldens fan 80 jier, nei in lang siikwêzen.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1956 Freulepartij 1e priis
- 1960 PC 3e priis
- 1962 PC 4e priis
- 1963 PC 3e priis
- 1964 PC 2e priis
- 1967 PC 4e priis
- 1968 Bûnspartij senioaren / NK 1e priis
- 1969 PC 1e priis
- 1972 PC 2e priis
- 1974 Bûnspartij senioaren / NK 1e priis
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |