Sikahart
| Sikahert | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
bok yn de simmer hine | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Cervus nippon | ||||||||||||
| Temminck, 1838 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It sikahart (Cervus nippon) of it Japanske reahart is in middelgrutte hartesoarte dy't oarspronklik út it easten fan Aazje komt. De namme 'sika' komt fan it Japanske wurd shika, itjinge gewoan 'hart' betsjut. De soarte is oer de hiele wrâld yntrodusearre yn lannen lykas it Feriene Keninkryk, Ierlân, Frankryk, Dútslan, Poalen, Denemark en de Feriene Steaten foar. Yn Nederlân is de soarte tige seldsum.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It sikahart is lytser as it reahart en hat in kompakte bou. Winterdeis is it hier donkergriis oant swart, wylst simmerdeis it hier kastanjebrún is mei opfallende wite stippen. De spegel, it wite plak op it efterein om 'e sturt, is mei donker hier omrâne. It sikahart hat in relatyf lyts gewei en meastentiids maksimaal acht punten oan 'e stange. De skofthichte sit tusken de 70 en 110 sintimeter, ôfhinklik fan 'e ûndersoarte.
Fersprieding en ûndersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It natuerlike ferspriedingsgebiet beslacht it easten fan Aazje, wêrûnder Japan, Taiwan, dielen fan Sina, Koreä en it easten fan Ruslân. Troch de grutte fan it gebiet binne der ferskate ûndersoarten ûntstien:
| Undersoarte | Wittenskiplike namme | Fersprieding / opmerkingen | |
|---|---|---|---|
| Japan | |||
| Kyūshū-sikahart | Cervus nippon nippon | Súd-Japan (Kyūshū en Shikoku); de type-ûndersoarte. | |
| Hokkaido-sikahart | Cervus nippon yesoensis | De grutste Japanske fariant; komt foar op Hokkaido. | |
| Honshu-sikahart | Cervus nippon centralis | De meast foarkommende ûndersoarte op it haadeilân Honshu. | |
| Yakushima-sikahart | Cervus nippon yakushimae | Endemysk op it eilân Yakushima; lytse bou. | |
| Mageshima-sikahart | Cervus nippon mageshimae | Isolearre populaasje op it eilân Mageshima. | |
| Kerama-sikahart | Cervus nippon keramae | Op 'e Kerama-eilannen | |
| Tsushima-sikahart | Cervus nippon pulchellus | Eilân Tsushima; nau besibbe oan fêstelânpopulaasjes. | |
| East-Aazje (fêstelân en oare eilannen) | |||
| Mantsjoerijsk sikahart | Cervus nippon mantchuricus | Ruslân, mooglik útstoarn yn Sina en Koreä. | |
| Dybowski-sikahart | Cervus nippon hortulorum | East-Ruslân; de grutste fan alle ûndersoarten. | |
| Formosa-sikahart | Cervus nippon taiouanus | Endemysk yn Taiwan; yn it wyld útstoarn yn 1969, nei weryntroduksje no tanimmend | |
| Fjetnameesk sikahart | Cervus nippon pseudaxis | Noard-Fjetnam; folslein útstoarn yn it wyld, plannen foar weryntroduksje yn tarieding | |
| Súdsineesk sikahart | Cervus nippon kopschi | Súd- en East-Sina; bedrige troch habitatferlies. | |
| Sichuansikahart | Cervus nippon sichuanicus | West-Sina (Sichuan en Gansu). | |
| † Shanxi-sikahart | Cervus nippon grassianus | Provinsje Shanxi, Sina, mooglik útstoarn | |
| † Noardsineesk sikahart | Cervus nippon mandarinus | Utstoarn; eartiids yn Noard-Sina, nei alle gedachten yn it wyld útstoarn | |
| † Luzon-sikahert | Cervus nippon soloensis | Filipinen (Luzon); allinnich bekend as fossyl. | |
Bûten it natuerlike gebiet is de soarte yn 'e 19e iuw yntrodusearre yn Europa foar de jacht en yn harteparken. Sûnt dy tiid hawwe ûntsnapte dieren wylde populaasjes foarme yn ûnder oaren it Feriene Keninkryk, Ierlân, Frankryk en Nederlân.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sikaherten passe harren maklik oan en libje yn ferskate habitats fan ticht bosk oant sompen en gerslannen. It binne herbivoaren dy’t in breed skala oan planten ite, lykas gers, blêden, twigen en sels beambast. Se binne lûdroftich. Yn 'e brûnstiid (septimber oant novimber) litte de mantsjes in heech fluitsjend lûd hearre om wyfkes te lokjen en oare mantsjes ôf te skrikken. De wyfkes smite nei in draachtiid fan goed sân moannen meastentiids ien keal yn 'e maitiid.
Status, bedriging en beskerming
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte as net bedrige (Least Concern) klassifisearre, foaral fanwegen de grutte populaasjes yn Japan. Guon Sineeske ûndersoarten binne lykwols seldsum of sels útstoarn yn it wyld.
Yn Europa wurdt it sikahart faak as in bedriging sjoen foar it lânseigen reahart. De beide soarten kinne nammentlik krúse (hybridisearje), itjinge liedt ta genetyske fersmoarging fan 'e reahartpopulaasje. Dêrom jilde der yn lannen lykas Nederlân strange regels om de fersprieding fan it sikahert op te kearen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Echt hart
- Sûchdieresoarte
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Eksoat yn Armeenje
- Eksoat yn Eastenryk
- Eksoat yn Azerbeidzjan
- Eksoat yn Tsjechje
- Eksoat yn Denemark
- Eksoat yn Ierlân
- Eksoat yn Litouwen
- Eksoat yn Madagaskar
- Eksoat yn Nij-Seelân
- Eksoat yn de Filipinen
- Eksoat yn Poalen
- Eksoat yn de Oekraïne
- Eksoat yn Ingelân
- Eksoat yn Skotlân
- Eksoat yn Wales
- Eksoat yn de Feriene Steaten
- Eksoat yn Frankryk
- Eksoat yn Dútslân

