Sije (band)

Ut Wikipedy
Sije
band
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Rock,
Reggea
bestean 1999-2018
leden
Sang Lineke Renkema
Sang &
Gitaar
Sije
Gitaar Alex Tienstra
Bas Sjerry Kwast
Drums Rene Tienstra
F.l.n.r.: Alex, Lineke, Simon, Sjerry en drummer Rene.

Sije wie in Fryske rockband oprjochte yn Eastermar en wie aktyf tusken 1999 en 2018

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De band spile tige fariearde muzyk, ek wol veel'sije(g) neamd en is foarme om de sjonger/gitarist Simon (Sije) Dijkstra. De fiif 'bendeleden' (sa't se harsels neame) binne fierders Alex Tienstra ( sologitaar ) en syn broer Rene Tienstra (drums/perkusje) en Sjerry Kwast (basgitaar/sang ). Lineke Renkema kaam yn 2009 as sjongster by Sije (nei it fuortgean fan Wietske & Jantine van der Zee), dêr't hja in bysûnder plak ynnaam tusken de "âlde rotten" fan de bende. Simon wie earder aktyf yn it duo "Simon en Skelte" en yn 2010 noch yn "Simon en Alex" (Alex Tienstra).

Sije debutearre yn 1999 op it 22e Tsjoch-festival. It repertwaar fan Sije bestiet benammen út bewurke Ingelske covers yn pop-rock(and roll), funky- en reggaestyl. Dêrneist spylje se ek eigen wurk. Der wurdt yn it Frysk en Ingelsk songen. Fermaak en spontanens stiet altyd foarop, it is stevige muzyk mei in knypeach nei it publyk.

Yn 2010 besleat sjongster Lineke om de band te ferlitten. Wat oerbleau fan de band giet troch, mar dan mei har fjouweren, sa't it eartiids wie. Sûnt 2011 binne der wer twa bandleden by, it binne: Jaap Dorhout dy't toetsen/keyboard spilet en Miranda Brouwer, sjongeres.

Yn 2013 beslut sjonger en gitarist Simon Dijkstra de band te ferlitten, mar de band giet fierder ûnder de namme L&G (ladyandgentlemen.nl). Der komt ek noch yn nije gitarist/sjonger by, Gerrit Jansen.

Yn 2015 gie sjongster Miranda út de band omdat se yn ferwachting wie en net fierder mei de band woe. Sy waard ferfongen troch Jannie de Vries út Kollum.

Yn 2016 besleat solo-gitarist Alex Tienstra de band ek te ferlitten en hy waard ferfongen troch Menno Wever. Sadwaande bestiet de band anno 2016 út Rene, Gerrit, Sjerry, Jannie, Jaap en Menno.

Yn de rin der tiid is L&G al wer in feit. Wol is der ûnderwilens in nije toetsenist oan lutsenen, te witten Bauke Rozenberg. Jaap is út de band. 

Yn juny 2017 beslút Rene Tienstra, drummer en meioprjochter fan L&G (Lady and Gentlemen) in punt te setten efter in jierrenlange en aktive rol yn en rûnom de eardere band Sije en dêrnei L&G. 

Wilens bestiet de band L&G ek net mear. Yn 2018 wie it dien. Sadwaande is der in ein kaam oan de muzikale aktiviteiten de mannen en fammen yn de ferskate bands.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]