Springe nei ynhâld

Sijbe Hoekstra

Ut Wikipedy
Sijbe Hoekstra
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne14 augustus 1908
berteplakBoerum
stoarnBakkefean
stjerplak10 april 1945 (36 jier)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amtdûmny
aktyf asFersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich
reden
  bekendheid
Lid Binnenlânske Striidkrêften
Monumint ta neitins oan de fusilearring fan û.o. Hendrik Nicolaas Werkman en Sijbe Hoekstra

Sijbe Jan Hoekstra (Boerum, 14 augustus 1908 - Bakkefean, 10 april 1945) [1] wie in Nederlânske dûmny en fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch.

Hoekstra waard berne yn Boerum as soan fan dûmny Jan Hoekstra en Durkje Boersma. Hy wie de âldere broer fan Jan, dy't letter boargemaster fan efterinoar Nieuwleusen en Nijkerk wurde soe. Hoekstra waard in ottodoks-herfoarme predikant yn Midwolda. Yn de Twadde Wrâldoarloch rekke er rillegau belutsen by it ferset. Hy wie aktyf yn it Nasjonaal Steunfûns (NSF), de Oarderstsjinst (OD) en de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers (LO), en tsjinne as kommandant fan de Binnenlânske Striidkrêften (BS) yn syn wenplak.[2] Hy wurke ek foar de fersetskrante Trouw. Yn it ferset wurke er gauris op mei dûmny W.A. ​​Krijger út Oostwold.

Hoekstra waard op 21 maart 1945 thús arrestearre, neidat in lid fan syn fersetsgroep ûnder ferhear yn it wreed ferneamde Scholtenhûs trochsloech en syn namme priisjoech. Nei't er yn de finzenis fan Winschoten sitten hie, kaam Hoekstra yn it Hûs fan Bewar yn Grins telâne. Moandeimoarn 9 april 1945 waarden Hoekstra en njoggen oaren út harren sellen helle, per pear oaninoar bûn en yn in lytse frachtwein set. Underweis nei Bakkefean rekke de frachtwein it paad bjuster, dat fersetsman Harmannus Pieter Schuringa — dy't oan Hoekstra fêstbûn wie, mar him fan de touwen befrije kinnen hie — ûntkomme koe. Nei't de frachtwein nochris yn it sân fêstkommen wie, gied er mei de njoggen fersetslju werom nei Grins. Nei't se wer yn it sân fêst sitten hiene, gie de frachtwein mei de njoggen fersetsstriders werom nei Grins. De oare moarns waarden de njoggen - dizze kear mei Hendrik Nicolaas Werkman derby - werom nei Bakkefean brocht. Dêr waarden se persoanlik by Allardseach deasketten troch SD-er Peter Schaap. Trije dagen letter waard Grins befrijd.[3]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: