Sigesagereager
| Sigesagereager | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Zebrilus undulatus | ||||||||||||
| Gmelin, 1789 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De sigesagereager (Zebrilus undulatus) is in fûgel út de famylje fan 'e reagerfûgels.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It fearrekleed fan in folwoeksen sigesagereager is griis mei fine sigesagstreken en in ljochtere ûnderkant. Hy wurdt sawat 32 sintimeter heech. Jonge fûgels hawwe in donkere rêch en in brune kop en ûnderkant. Fanwegen syn uterlik waard er faak by de tigerreagers (Tigrisoma en besibbe soarten) rekkene. Yn feite is it lykwols in echte reiddomp: krekt as dy hat er mar 10 sturtfearren (oare reagerfûgels hawwe 12) en út DNA-ûndersyk die bliken dat er dúdlik yn 'e line fan 'e reiddompen past. Koarte poaten, in koarte hals en skutkleuren binne oarspronklike skaaimerken fan 'e famylje reagerfûgels, dy't by guon moderne soarten noch oanwêzich binne.
Fersprieding en leefgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sigesagereager komt yn it hiele Amazônebekken eastlik fan 'e Andes foar en oan 'e westlike râne fan it bekken yn Kolombia, Fenezuëla, Ekwador, Perû en Bolivia. Yn it noardwesten rint syn fersprieding net fierder as it Orinoko-streamgebiet yn Fenezuëla en yn it east-noardeasten omfiemet it de Guyana's. Yn it súdeasten fan it Amazônebekken rint syn ferspriedingsgebiet net fierder as it ôfwetteringsgebiet fan 'e rivier de Tapajós.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sigesagereager waard yn 1789 foar it earst formeel beskreaun troch de Dútske natuerûndersiker Johann Friedrich Gmelin yn syn bewurke edysje fan Systema Naturae fan Linnaeus. Hy sette him by de reagers, kraanfûgels, earrebearen en reiddompen yn it skaai Ardea en joech de fûgel de wittenskiplike namme Ardea undulata.
De sigesagereager is de iennichste soarte yn it skaai Zebrilus, dat yn 1855 ynfierd waard troch de Frânske natuerûndersiker Charles Lucien Bonaparte. De namme Zebrilus is in ferlytsingsfoarm fan it Frânske zèbre, itjinge "sebra" betsjut. De soartnamme undulatus is Latyn en betsjut "'mei weachfoarmige tekening". Der binne gjin ûndersoarten fan 'e fûgel bekend; hy is monotypysk.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It binne skrutene fûgels, dy't har meastentiids skûl hâlde yn 'e tichte begroeiïng, ek wylst se nei iten sykje.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat er yn oantal ôfnimt, mar net sa slim dat er as bedrige beskôge wurde moat. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) neamt de soarte as net bedrige (Leasts Concern, 2022).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

