Springe nei ynhâld

Sipertse kat

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sifersgrauwe kat)
In sipertse kat.

In sipertse kat,[1][2][3] siperse kat,[1][2][3] sifertse kat,[2][4][5] siferse kat,[2][4][5] sifersgrauwe kat[2][6] of in sipert[1][2] is in kat (Felis catus) mei in streke of spikkelbûnte pels. De meast foarkommende kleurfariant is griis mei dêroerhinne in patroan fan swarte streken, dy't fertikaal binne op 'e rêch, hals en siden, mar horizontaal op 'e poaten, wylst se op 'e sturt de foarm fan ringen oannimme. Ek yn it gesicht rinne ferskate streken oer de wangen, wylst de foarholle in M-foarmige markearring hat. Op 'e bealch ferdizenje de streken yn 'e regel en skaait de kleur gauris wat út nei bêzje. In reade kat, mei in oranjige pels, hat dêroerhinne ek dûnkerder, rodzige streken en wurdt dêrom ek as in sipertse kat beskôge, hoewol't er yn 'e folksmûle mar komselden sa neamd wurdt.

Oarsprong fan 'e term

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Etymologysk is "siper(t)s" of "sifer(t)s" in ferbastering dy't ferwiist nei it eilân Syprus, dat oarspronklik blykber as it plak sjoen waard dêr't sokke katten wei kamen. Dat berêst trouwens net op wierheid. De hûskat (Felis catus) stammet ôf fan 'e Afrikaanske wylde kat (Felis lybica), dy't ek sipertse kleurmarkearings hat, dus fan oarsprong moatte alle nuete katten dizze kleur hân hawwe. It binne oare kleuren, lykas swart en bûnt, trijekleur en skyldpod, dy't har nei de domestisearring ûntjûn hawwe, mooglik om't sokke bisten yn it wyld troch in minder goede skutkleur minder goed oerlibje koene, mar miskien ek wol om't de minsklike baaskes fan 'e domestisearre kat de foarkar joech oan sokke kleuren en der spesifyk op fokten.

Erkende kleurfarianten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane by sipertse katten yn 'e kattefokkerij fjouwer erkende kleurpatroanen:

  • makriel: dûnkere streken oer in ljochtere grûnkleur, sa't foarkomt by grize en reade sipertse katten;
  • klassyk: brede dûnkere streken oer in ljochtere grûnkleur, wêrby't de streken op 'e siden in spiraalfoarm oannimme;
  • spikkelbûnt: mei dûnkere streken op 'e kop en de poaten en dûnkere ringen om 'e sturt, mar mei op 'e romp dûnkere spikkels ynstee fan streken;
  • puntbûnt of agoety: mei dûnkere streken op 'e kop, mar mei op 'e romp, de sturt en de poaten hiele fine dûnkere puntsjes. Dit lêste patroan wurdt feroarsake trochdat de ôfsûnderlike hierren ferskillende kleure bannen hawwe.

In fyfde kleurpatroan, dat gjin erkenning genietet, hat op 'e romp dûnkere rozetten ynstee fan spikkels.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 3 Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 869..
  2. 1 2 3 4 5 6 Visser, W., Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk, Drachten/Ljouwert, 1985 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 418, s. 134..
  3. 1 2 Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1744..
  4. 1 2 Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 859..
  5. 1 2 Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1727..
  6. Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 858.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.