Siferkoadepuzel

In siferkoadepuzel, ek wol koadewurdpuzel of yn it Ingelsk codeword of coded crossword, is in krúswurdpuzel sûnder omskriuwingen, wêrby't yn elk hokje in sifer stiet dat oerienkomt mei in spesifike letter. [1] Elk sifer korrespondearret mei presys ien letter, en dy tawizing is yn de hiele puzzel sa. Troch logysk redenearjen, wurdpatroanen en krusende wurden besiket de oplosser út te finen hokker letter by hokker sifer heart, sadat it folsleine diagram ynfolle wurde kin. [2] It puzzeltype komt foar yn kranten, puzelblêden en digitale apps.[3]
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In siferkoadepuzel bestiet meastal út:
- in krúswurdeftich diagram sûnder omskriuwingen;
- sifers ynstee fan letters yn alle fekjes;
- in fêste ien-op-ien-relaasje tusken sifers en letters;
- ien of in pear foarôf jûne letters as startpunt;
- krúsende wurden dy’t helpe by it ôflieden fan de oare letters.
Yn in siferkoadepuzel wurdt foar elke ferskillende letter in unyk koadeûmer brûkt, meastal oprinnend fan 1 ôf. [4]Meastentiids komme alle 26 letters foar yn de puzel. De puzel wurdt oplost troch substitúsje: sadree't in letter fûn is, kin dy yn alle fekjes mei itselde sifer ynfolle wurde. De struktuer fan it diagram liket op dy fan in krúswurdpuzel, mar de rol fan omskriuwingen wurdt oernommen troch de ûnderlinge gearhing fan de wurden en de sifer-lettertawizing. [5]
Oplosmetoaden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In soad brûkte strategyen by it oplossen fan siferkoadepuzels binne ûnder oare:
- Startletters: de yn it foar jûne letters biede in earste oanknopingspunt foar it ynfoljen fan wurden.
- Wurdpatroanen werkenne: de siferstruktuer fan in wurd (bygelyks 1 – 2 – 1) kin tsjutte op in soad foarkommende koarte wurden.
- Frekwinsje: yn gruttere puzels komme beskate sifers faker foar; dy korrespondearje faak mei gâns foarkommende letters lykas e, n of a.
- Krusende wurden: ienris foar in part ynfolle wurden meitsje it ienfâldiger om de restearjende letters te bepalen.
- Letterkombinaasjes: typyske pearen en klusters, lykas ea, oa, st, kje of en, kinne helpe by it rieden fan letters.
Farianten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der besteane ferskate farianten fan de siferkoadepuzel, dy't foaral yn details fan inoar ferskille. De meast foarkommende foarm is de klassike siferkoade, wêryn't alle letters troch sifers ferfongen binne en ien of inkelde startletters jûn wurde. Yn Nederlânsktalige puzelblêden ferskynt dat type meastal ûnder de namme cijfercodepuzzel, dy't ynhâldlik frijwol gelyk is oan de klassike foarm. Yn Ingelsktalige lannen is de puzel bekend as codeword of coded crossword, faak mei gruttere diagrammen en relatyf net folle foarôf ynfolle letters. By guon Amerikaanske siferkoades hawwe net allinnich de letters, mar ek de swarte hokjes in sifer. [6] Yn Finlân wurdt neist de siferkoades faak ek in plaatsje tafoege as ekstra oanwizing. [7] Dêrneist besteane der tematyske farianten, wêryn't de ynfolle wurden om in bepaald ûnderwerp hinne keazen binne, mar bliuwt de oplossingsmetoade fierder itselde as by de standertpuzel.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Siferkoadepuzels fine harren oarsprong yn ferfangingskryptogrammen, wêrby't letters systematysk ferfongen wurde troch oare symboalen. Yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw ferskynden farianten dêr't net in trochrinnende tekst yn ferburgen waard, mar in folslein krúswurdeftich diagram. Yn Ingelsktalige lannen rekken dizze puzels bekend ûnder de namme ‘’codeword’’ of ‘’coded crossword’’. Troch puzelblêden en spesjalisearre útjouwers fersprate it puzzeltype him nei lannen’lykas Nederlân, dêr't it ûnder de namme fan siferkoade en koadewurdpuzel publisearre waard.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
| Taalpuzels | |
|---|---|
|
anagrampuzel
• drûdel
• filippine
• hertpuzel
• hynstesprong
• kryptogram
• krúswurdpuzel
• paspuzel
• pazurgo
• pentagrampuzel
• petpuzel
• rebus
• sânglêspuzel
• scrabble
• setduvelpuzel
• siferkoadepuzel
• sitaatpuzel
• slashpuzel
• spiraalpuzel
• Sweedske puzel
• taartpuzel
• trochrinner
• weefpuzel
• wordfeud
• wurdfrissel
• wurdian
• wurdl
• wurdljedder
• wurdriuwen
• wurdsiker
• wurdtsjil
• wurdwjirm
| |