Springe nei ynhâld

Siegfried Buback

Ut Wikipedy
Siegfried Buback
Jürgen Buback (1976)
Jürgen Buback (1976)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeSiegfried Buback
nasjonaliteit West-Dútsk
berne3 jannewaris 1920
berteplakWilsdruff
stoarn7 april 1977
stjerplakKarlsruhe
wurkpaad
berop/amtJurist
aktyf asProkureur-generaal
reden
  bekendheid
Fermoarde troch de Rote Armee Fraktion

Siegfried Buback (Wilsdruff, 3 jannewaris 1920 - Karlsruhe, 7 april 1977) wie in Dútsk prokureur-generaal by it Bundesgerichtshof, it heechste gerjochtshôf foar sivile en strafrjochtsaken yn West-Dútslân, dy't fermoarde waard troch leden fan de twadde generaasje fan de Rote Armee Fraktion.

De soan fan in amtner gie nei it "gymnasium Franziskaneum" yn Meissen, Saksen, dêr't er yn 1938 syn eineksamen die. Dêrnei studearre er rjochten oan de universiteit fan Leipzig. Op 11 april 1940 frege Buback om talitting ta de NSDAP en waard op 1 july fan datselde jier lid. Buback slagge yn 1941 foar it earste juridyske steatseksamen, datselde jier waard er oproppen foar de Wehrmacht.

Buback kearde yn juny 1947 werom út Frânske kriichsfinzenskip. In beoardieling fan 'e stêd Meissen yn datselde jier konkludearre ûnterjochte dat Buback gjin lid fan 'e NSDAP west hie en klassifisearre him dêrom as polityk ûnbelêste. Nei 1945 hat er nea wer lid west fan in politike partij. Nei syn staazje as abbekaat lei Buback yn 1950 yn Hannover it twadde juridyske steatseksamen ôf en trede er yn tsjinst fan de dielsteat Nedersaksen as assessor by it Oberlandesgericht (gerjochtshôf) yn Celle. Yn 1953 waard er dêr offisier fan justysje en yn 1959 earste offisier fan justysje. Nei syn oerstap nei it Iepenbier Ministearje waard er dêr yn 1963 haadoffisier fan justysje en yn 1971 federaal oanklager. By it Iepenbier Ministearje wurke er benammen foar de ôfdieling Lânferried en wie hy dêr al foar syn amtstermyn as federaal prokureur-generaal ferantwurdlik foar de opspoaring fan foaroansteande RAF-terroristen fan de earste generaasje.

Buback krige foar it earst nasjonale bekendheid yn 1962, doe't er yn de Spiegelaffêre it ûndersyk late tsjin it tydskrift Der Spiegel en syn útjouwer Rudolf Augstein fanwegen lânferried. Yn 1970 wist er de stellerij fan in Sidewinder-raket út 1967 troch in trio om Manfred Ramminger hinne fan de NAVO-fleanbasis Zell by Neuburg an der Donau op te lossen.

Yn 1969 pakte Buback yn in bjusterbaarlike saak nei in moannenlange, ynearsten hopeleas liikjende syktocht de moardner fan soldaten yn Lebach op, en wie er haad ûndersiker yn de Guillaume-affêre, dy't yn 1974 late ta it ôftreden fan bûnskânselier Willy Brandt.

Op 31 maaie 1974 waard Buback beneamd ta opfolger fan prokureur-generaal Ludwig Martin en yn dizze funksje belêste mei it ûndersyk nei en de bestraffing fan de dieden fan de Rote Armee Fraktion, dêr't er úteinlik sels it slachtoffer fan waard. Kurt Rebmann folge him op as prokureur-generaal.

Op 7 april 1977 om 9.15 oere hinne waard Buback ûnderweis fan syn wenning yn Neureut nei it Bundesgerichtshof yn syn tsjinstauto fermoarde. Behalve Buback, dy't op de passazjiersstoel siet, sieten ek syn sjauffeur, de 30-jierrige Wolfgang Göbel, en de 43-jierrige earste haadkommissaris Georg Wurster yn de auto.

Doe't de auto by it krúspunt Linkenheimer Landstraße (hjoed-de-dei Willy-Brandt-Allee hjitten) en Moltkestrasse foar in read ljocht stie te wachtsjen, stoppe rjochts njonken harren in motorfyts mei twa persoanen dy't oliifgriene helmen droegen. Sûnder fan it seal ôf te stappen, fjurre ien fan de persoanen fyftjin skotten ôf op de auto mei in semy-automatysk gewear. Alle trije manlju yn de auto waarden rekke. Buback en Göbel stoaren op it plak fan de oanslach, Wurster, dy't op'e efterbank fan de auto siet, ferstoar op 13 april oan syn ferwûnings. It "Kommando Ulrike Meinhof" fan de Rote Armee Fraktion easke de oanslach op.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL
    • Wikipedy:DE