Sidesturten
| Sidesturten | ||
| gewoane sidesturt | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| famylje: | pêstfûgels (Bombycillidae) | |
| skaai | sidesturten (Bombycilla) | |
| Vieillot, 1808 | ||
It skaai sidesturten (Bombycilla) is in lytse mar karakteristike groep fan sjongfûgels út 'e famylje pestfûgels (Bombycillidae).
De namme ferwiist nei harren tige sêfte, glêde en side-eftige fearren. Alle trije soarten hawwe in opfallende, puntige túf op 'e kop dy't se by opwining omheech sette kinne. De soarten ha ek allegear in swart masker om 'e eagen hinne en in swart plak op 'e kiel. De basiskleur ís in kombinaasje fan waarme grize, brune en bêzje tinten. Oan 'e sekundêre slachpinnen sitte fral by de gewoane- en Amerikaanske sidesturt lytse reade einen as binne it dripkes reade lak. By in oare soarte, de Japanske sidesturt, binne dy plakjes hiel lyts of net oanwêzich.
It binne echte beie-iters en se ha in yn ferhâlding grutte lever, dy't helpt om de alkohol te ferwurkjen as de beien yn 'e mage begjinne te gêsten. Simmerdeis as se jongen fuorje moatte frette se ek ynsekten.
Bûten de briedtiid swalkje de fûgels yn grutte groepen om. As der gjin iten mear yn it noarden is kinne se ynienen yn grutte oantallen yn súdliker kriten ferskine. Soarten:
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding | Status/Trend |
|---|---|---|---|---|
| sidesturt | Bombycilla garrulus | Euraazje, Noard-Amearika | net bedrige | |
| Japanske sidesturt | Bombycilla japonica | Sibearje, oerwinteret yn Sina, Koreä, Taiwan, Japan | hast bedrige | |
| Amerikaanske sidesturt | Bombycilla cedrorum | Noard-Amearika en Midden-Amearika | net bedrige |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
