Sibearyske wylp
| Sibearyske wylp | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Numenius madagascariensis | ||||||||||||
| Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De Sibearyske wylp (Numenius madagascariensis) is in grutte steltrinner dy't neffens uterlik it meast liket op 'e langsnaffelwylp (Numenius americanus), mar wat grutter is. Hy is foaral brún, en ûnderskiedt him fan oare wylpen troch syn effen, net-streke brune ûnderwjuk en brune stút. It is net allinnich de grutste wylp, mar nei alle gedachten mei in lingte fan 60–66 sm en in wjukspanwiidte fan 110 sm ek de grutste snipfûgel fan 'e wrâld. It gewicht is 390 oant –1.350 gram, wat lyk is oan dat fan 'e Jeropeeske wetterwylp; wyfkes binne gemiddeld sawat 100 gram swierder as mantsjes. De tige lange snaffel, fan 12,8 oant 20,1 sm, konkurrearret mei de snaffelgrutte fan 'e nau besibbe langsnaffelwylp as de langste snaffel foar in snipfûgel. Syn ferspriedingsgebiet oerlapet dat fan 'e eastlike ûndersoarte fan 'e Jeropeeske wetterwylp (Numenius arquata orientalis), dêr't er it maklikst fan te ûnderskieden is troch syn brune stút en ûnderrêch, ynstee fan wyt.
Fersprieding en habitat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Sibearyske wylp briedt yn noardeastlik Aazje, ynklusyf Sibearje oant Kamtsjatka, en Mongoalje. Syn briedhabitat bestiet út sompich en wiet lân en by marren. De measte fûgels trekke bûten it briedseizoen nei kustgebieten fan Austraalje, mei guon dy't oerwinterje yn Yndoneezje, Tailân, de Filipinen en Nij-Seelân, dêr't se yn estuaria, strannen en sâltsompen foarkomme; in pear oerwinterje sa fier nei it noarden as súdlik Sina en Taiwan. By de trek makket de Sibearyske wylp faak tuskenstops op 'e waadflakten fan 'e Giele See of oan 'e kusten fan Japan.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1760 naam de Frânske soölooch Mathurin Jacques Brisson in beskriuwing fan 'e Sibearyske wylp op yn syn "Ornithologie". Hy brûkte de Frânske namme Le courly de Madagascar en de Latynske namme Numenius madagascariensis. Hoewol't Brisson Latynske nammen betocht, foldogge dizze net oan it binêre systeem en wurde se net erkend troch de Ynternasjonale Kommisje foar Soölogyske Nomenklatuer. Doe't de Sweedske natuerûndersiker Carl Linnaeus yn 1766 syn "Systema Naturae" bywurkje liet foar de tolfte edysje, foege hy 240 soarten ta dy't earder troch Brisson beskreaun wiene. Ien dêrfan wie de Sibearyske wylp, dêr't Linnaeus de binêre namme Scolopax madagascariensis foar betocht. De namme madagascariensis, ferwizend nei Madagaskar, wie in flater fan Brisson; de type-lokaliteit is no bekend as Makassar op Selebes, Yndoneezje, dêr't de fûgel oerwinteret; de soarte is noch nea op Madagaskar waarnommen.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op syn briedplakken yt de Sibearyke wylp ynsekten, lykas larven fan krobben en miggen, en amfipoaden. By de trek yt er ek beien. Yn it net-briedseizoen yt er wringeleazen, wêrby't er de foarkar jout oan krabben en lytse weakdieren, mar hy siket ek nei oare skaaldieren en boarstelwjirms.
Hy brûkt syn lange, nei ûnder bûge snaffel om yn 'e dridze te sykjen nei wringeleazen. Hy foerazjearret faak allinnich, mar sammelet him meastentiids yn grutte kloften om te trekken of te rêsten.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 2024 wurde der wrâldwiid sa'n 20.000 – 35.000 folwoeksen eksimplaren rûsd. Earder waard er troch de IUCN oant 2009 klassifisearre as net-bedrige, mar it die bliken dat de fûgel seldsumer is as earder oannommen waard. Dêrom waard syn status yn 2010 ferhege nei kwetsber en yn 2015 nei bedrige, wêr't er no noch jimmeroan stiet (2026). Yn Austraalje wurdt de fûgel ûnder de Environment Protection and Biodiversity Conservation Act as krityk bedrige klassifisearre.
De delgong fan 'e populaasje wurdt fral witen oan 'e massale ynpoldering fan waadflakten troch Sina, Noard-Koreä en Súd-Koreä oan 'e kusten fan 'e Giele See. Dat hat in ferlies fan mear as 65% fan 'e waadflakten feroarsake, dêr't de Sibearyske wylp op 'e trek syn tuskenstops makket.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Wylp
- Bedrige fûgel
- Lânseigen fauna yn Austraalje
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Krysteilân
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân)
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje
- Lânseigen fauna yn Nij-Seelân
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn East-Timor
- Lânseigen fauna yn Fanûatû
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
