Springe nei ynhâld

Sibearyske see-ein

Ut Wikipedy
Sibearyske see-ein

Jerk
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftgoeseftigen (Anseriformes)
famyljeeinfûgels (Anatidae)
skaaisee-einen (Melanitta)
soarte
Melanitta stejnegeri
Ridgway, 1887
IUCN-status: net bedrige

De Sibearyske see-ein (Melanitta stejnegeri) is in einfûgel út it skaai see-einen (Melanitta).

De ein wurdt 50 oant 58 sm lang en 1200 oant 1700 gram swier. De spanwiidte fan 'e soarte leit tusken 86 en 99 sm. De snaffel is readoranje mei wat giel. Jerken binne swart en ha in lytse wyt plakje by it each, in donkere knobbel op 'e snaffel. Wyfkes binne brún en ha twa rûne wite plakken op it gesicht.

De fûgel liket op 'e wytwjuksee-ein. It ûnderskied wat jerken oanbelanget is de hegere knobbel boppe de snaffel en de oare kleuren fan 'e snaffel. Jerken fan 'e wytwjukein ha boppedat brunere flanken. It ûnderskied tusken de wyfkes fan 'e twa soarten binne dreger te identifisearjen, mar de knobbel fan it wyfke fan 'e Sibearyske see-ein is grutter.

De Sibearyske see-ein briedt op de Russyske tûndra yn markes en sompen en oan rivieren en oerwinteret oan 'e kust. Hiel út en troch binne der winterdeis mear yn it binnenlân waarnimmingen.

De fûgel yt skaaldieren, weakdieren en ynsekten.

De populaasje wurdt op 400.000 oant 700.000 folwoeksen fûgels rûsd (2006). De oantallen rinne lykwols tebek. De fûgels wurde op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Stejneger's scoter