Sibearysk reidimerke
Sibearysk reidimerke | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Helopsaltes certhiola | ||||||||||||
Pallas, 1811 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
It Sibearysk reidimerke (Helopsaltes certhiola, synonym: Locustella certhiola) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e imerkesjongerfûgels (Locustellidae) út it skaai imerkesjongers (Helopsaltes).
Oant 2018 wie de fûgel yndield yn it skaai strûksjongers (Locustella). In yn 2018 publisearre molekulêr fylogenetyske stúdzje fan 'e famylje fan 'e imerkesjongerfûgels wiisde út dat it skaai Locustella út twa klades bestie. Mei fiif oare soarten ferhûze it Sibearysk reidimerke nei it nije skaai Helopsaltes.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sibearyske reidimerkes komme yn it easten fan Aazje foar. De fûgels wurdt oantroffen yn heech gers by sompen en wiete greiden. Winterdeis migrearje de fûgels nei Súd- en Súdeast-Aazje.
Lykas de oare soarten fan 'e famylje is de fûgel dreech te sjen en libbet er yn 'e begroeiïng.
De fûgel is in tige seldsume dwaalgast yn Europa. Yn septimber 2024 waard de soarte troch it fûgelringstasjon yn 'e Kroon's Polders op Flylân oantroffen.[1]
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne fan it skaai fjouwer ûndersoarten:[2]
- H. c. certhiola: fan Súd-Sibearje oant Mantsjoerije en de Japanske See, winterdeis nei Yndia.
- H. c. sparsimstriata: fan Súd-Sibearje oant it noardlike Altai-berchtme, de bergen fan Sajan en Transbaikaalje.
- H. c. centralasiae: fan súdeastlik Sibearje oant noardeastlik Sina, winterdeis nei de Andamanen en de Nikobaren.
- H. c. rubescens: noardlik Sibearje oant de See fan Ochotsk en Kamtsjatka, winterdeis nei Súd-Yndia.
Guon ûnderskiede in fyfte ûndersoarte, de H.c. minor, mei in fersprieding yn Amoerlân en it noardeasten fan Sina.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der bestiet gjin rûzing fan 'e totale populaasje, mar de soarte wurdt as algemien en lokaal sels talryk beskreaun (1997). Oannommen wurdt dat it oantal fûgels ôfnimt troch de oanhâldende ferneatiging fan syn leefgebiet, mar net sa slim dat er bedrige wurdt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Imerkesjonger
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Tailân