Springe nei ynhâld

Shrek (franchise)

Ut Wikipedy
Shrek
betinkerWilliam Steig
eignerDreamWorks Animation
lân Feriene Steaten
begjinjier2001
films
langspylfilmshaadsearje:
● Shrek
● Shrek 2
● Shrek the Third
● Shrek Forever After
spin-offs:
● Puss in Boots
● Puss in Boots: The Last
   Wish
koarte films● Shrek in the Swamp
   Karaoke Dance Party

● The Ghost of Lord Farquaad
● Far, Far Away Idol
● Donkey's Caroling
   Christmas-tacular

● Shrek's Yule Log
● Thriller Night
● The Pig Who Cried
   Werewolf

● Puss in Boots: The Three
   Diablos

● Puss in Boots: The Trident
tillefyzje
tekenfilmsearjesThe Adventures of Puss in
   Boots
specials● Shrek the Halls
● Scared Shrekless
teäter
musicalsShrek: The Musical
spultsjes
fideospultsjesferskaat, sjoch: hjirre
literatuer
stripsferskaat, sjoch: hjirre
muzyk
soundtracksferskaat, sjoch: hjirre
offisjele webside
www.shrek.com (argivearre)

Shrek is in tige súksesfolle Amerikaanske mediafranchise besteande út in kompjûteranimearre filmsearje en ferskate adaptaasjes ta oare media, wêrûnder tillefyzje, fideospultsjes en toaniel. De franchise begûn yn 2001 mei de film Shrek, dy't loskes basearre waard op it printeboek Shrek! fan William Steig út 1990. Shrek is eigendom fan tekenfilmstudio DreamWorks Animation. De franchise heart ta it fantasysjenre en kin typearre wurde as in komyske mearkeparody. Kwa leeftyd is de franchise gaadlik foar bern en it hiele gesin. De wichtichste haadpersoan fan 'e franchise is Shrek, in sjegrinige mar as it derop oankomt goedhertige oger, dy't ûnder twang op in kweeste giet om in tsjeppe prinsesse fan in draak te rêden. De aventoeren dy't er op dy reis en neitiid belibbet, helje him út syn selsopleine isolemint en meitsje dat er net inkeld gâns freonen kriget, mar ek syn wiere leafde fynt.

Sjoch: Shrek (film) foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Yn Shrek wurdt Shrek (Mike Myers), in sjegrinige oger dy't yn in selsoplein isolemint yn in sompe wennet, troch de boasaardige en megalomane hear Farquaad fan Duloc (John Lithgow) twongen om foar him op in kweeste te gean. Hy moat de tsjeppe prinsesse Fiona (Cameron Diaz) rêde, dy't yn in kastiel finzen holden wurdt troch in draak. Neitiid moat er har by Farquaad bringe, sadat dy mei har trouwe kin. Shrek wurdt op syn reis beselskippe troch Ezel (Eddie Murphy), in pratende ezel dy't fan syn hert gjin moardkûle makket. Nei't Shrek de prinsesse rêden hat, rekket er lykwols op 'e weromweis nei Duloc fereale op har.

Shrek waard regissearre troch Andrew Adamson en Vicky Jenson nei in senario fan Ted Elliott, Terry Rossio, Joe Stillman en Roger S.H. Schulman. De film gie op 22 april 2001 yn premiêre, en brocht $491,8 miljoen op tsjin in budget fan $60 miljoen.

Sjoch: Shrek 2 foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Yn Shrek 2 binne Shrek (Mike Myers) en prinsesse Fiona (Cameron Diaz) krekt troud, wannear't se troch Fiona har âlden, kening Harold (John Cleese) en keninginne Lillian (Julie Andrews) fan Fier, Fier Fuort, útnûge wurde om del te kommen sadat sy yn 'e kunde komme kinne mei harren nije skoansoan. It keningspear is lykwols skokt as bliken docht dat Shrek in oger is, en dat Fiona troch har leafde foar him feroare is yn in ogerinne. Underwilens hat de Dreamprins (Rupert Everett) syn sinnen derop set om mei Fiona te trouwen sadat er nei it ferstjerren fan kening Harold sels kening wurde kin. Hy wurdt yn dat stribjen oanfitere troch syn mem, de Goede Fee (Jennifer Saunders), en mei kening Harold smeie se in plan om Shrek út 'e wei te romjen. Se hiere de Kat op Learzens (Antonio Banderas), in freesde aventoersman, yn om 'e moard út te fieren, mar wannear't it dyselde net slagget om Shrek te ferslaan, wurde se freonen en jout er him by Shrek en Ezel (Eddie Murphy).

Shrek 2 waard regissearre troch Andrew Adamson, Kelly Asbury en Conrad Vernon nei in senario fan Adamson, Joe Stillman, J. David Stern en David N. Weiss. De film gie op 15 maaie 2004 yn premiêre, en brocht $936,2 miljoen op tsjin in budget fan $150 miljoen.

Shrek the Third

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sjoch: Shrek the Third foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Yn Shrek the Third regearje Shrek (Mike Myers) en Fiona (Cameron Diaz) mei tsjinnichheid oer it Lân Fier, Fier Fuort salang't kening Harold (John Cleese) siik is. Dat giet net sûnder swierrichheden, dat Shrek wol mei gragens fan dy famyljeferplichting ôf. Mar de kening betteret net mear op en komt te ferstjerren, sadat Shrek en Fiona foargoed mei de troan opskipe driigje te wurden. Op syn stjerbêd seit de kening lykwols dat der njonken Fiona nóch in troanpretendint is, syn omkesizzer en har neef Artie Pendragon (Justin Timberlake). Shrek set daliks mei syn maten Ezel (Eddie Murphy) en de Kat op Learzens (Antonio Banderas) ôf om dy Artie op te spoaren, mar krekt foar harren ôfreis dielt Fiona him mei dat se swier is. Wylst Shrek slim mei dat nijs ompakt om't er himsels folslein ûngaadlik fynt om bern grut te bringen, smeit de Dreamprins (Rupert Everett) in komplot om yn Fier, Fier Fuort de macht te gripen.

Shrek the Third waard regissearre troch Chris Miller nei in senario fan himsels, Jeffrey Price, Peter S. Seaman en Aron Warner. De film gie op 6 maaie 2007 yn premiêre, en brocht $813,4 miljoen op tsjin in budget fan $160 miljoen.

Shrek Forever After

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sjoch: Shrek Forever After foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Yn Shrek Forever After is Shrek (Mike Myers) in húslike oger wurden, dy't in gelokkich bestean liedt mei Fiona (Cameron Diaz) en harren bern. Ynstee dat er de doarpelingen de stupen op it liif jaget as se mei heafoarken efter him oan komme, moat er no harren heafoarken sinjearje. Hy begjint nostalgyske gefoelens te krijen foar "dy goede âlde tiid" foar't er Fiona mette. Oegemantsje (Walt Dohrn), in glêde hantsjebakker dy't Shrek mei wurden wol oerkin, ferliedt him ta in ruilhanneltsje: Shrek jout ien dei út syn jonkheid op om nochris in dei as in echte oger te libjen. Dat pakt lykwols net út sa't it Shrek foar eagen stie. Ynienen libbet er yn in alternative reäliteit, dêr't net ien him ken, ogers ferfolge wurde, Oegemantsje de kening is, de Kat op Learzens (Antonio Banderas) oan obesitas lijt, en Fiona oan it haad fan in ûndergrûnske fersetsgroep stiet. Hy ûntdekt dat er sûnder euvelmoed de dei fan syn berte fuortruile hat, en dat er dêrom oan 'e ein fan dizze dei ophâlde sil te bestean.

Shrek Forever After waard regissearre troch Mike Mitchell nei in senario fan Josh Klausner en Darren Lemke. De film gie op 21 april 2010 yn premiêre op it Filmfestival fan Tribeca, en brocht $756,2 miljoen op tsjin in budget fan $135–165 miljoen.

Sjoch: Puss in Boots (film út 2011) foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Puss in Boots is in oarsprongsferhaal fan de Kat op Learzens (Antonio Banderas), dat spilet jierren foarôfgeande oan syn aventoeren mei Shrek yn Shrek 2, Shrek the Third en Shrek Forever After. Yn 'e mande mei twa selskipslju, de dievegge Kitty Poezelpoatsje (Salma Hayek) en syn lang fan him ferfrjemde jeugdfreon Humpty Dumpty (Zach Galifianakis), in libben en pratend aai, stelt de Kat op Learzens trije magyske beantsjes fan it moardsuchtige banditeduo Jack en Jill (Billy Bob Thornton en Amy Sedaris). Hy lit himsels lykwols op naïve wize brûke foar it plan fan Humpty Dumpty om by de beanstôk op te klimmen, dy't groeit as se de trije beantsjes plantsje. It doel is neffens Humpty Dumpty om gouden aaien te stellen fan in meunster dat 'de Grutte Skrik' neamd wurdt. Oant safier slagget it allegearre, mar neitiid wurdt al rillegau dúdlik dat Humpty Dumpty lang net alles oan 'e Kat op Learzens ferteld hat.

Puss in Boots waard regissearre troch Chris Miller nei in senario fan Tom Wheeler. De film gie op 16 oktober 2011 yn premiêre, en brocht $555 miljoen op tsjin in budget fan $130 miljoen.

Puss in Boots: The Last Wish

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sjoch: Puss in Boots: The Last Wish foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Puss in Boots: The Last Wish spilet jierren nei de aventoeren út Shrek 2, Shrek the Third en Shrek Forever After. Nei in ûngelokkich foarfal is de Kat op Learzens (Antonio Banderas) dwaande mei it lêste fan syn njoggen libbens. Nei't er op in hier nei foargoed deagien is, rekket de oars sa ûnferskrokken held yn 'e lytse loege. Yn 'e mande mei syn eks-ferloofde, de dievegge Kitty Poezelpoatsje (Salma Hayek), en in hûntsje dat Perrito (Harvey Guillén) neamd wurdt, set er ôf op in kweeste om 'e Lêste Winsk fan 'e fallen Winskstjer te finen. Hy wol de winsk brûke om syn acht ferspile libbens werom te heljen. Mar der binne oare kapers op 'e kust, lykas Goudhierke (Florence Pugh) en de Trije Bearen (Ray Winstone, Olivia Colman en Samson Kayo) en de smjunt Jack Horner (John Mulaney). Underwilens wurdt de Kat op Learzens persoanlik hjitfolge troch in sinistere, mei sichten bewapene wolf (Wagner Moura).

Puss in Boots: The Las Wish waard regissearre troch Joel Crawford nei in senario fan Paul Fisher en Tommy Swerdlow. De film gie op 25 novimber 2022 yn premiêre, en brocht $484,3 miljoen op tsjin in budget fan $90–110 miljoen.

Takomstige filmprojekten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it súkses Shrek 2 makke Jeffrey Katzenberg fan DreamWorks Animation yn maaie 2004 bekend dat it ferhaal fan Shrek en Fiona fan it begjin ôf in pentalogy wie, dy't ferdield wurde soe oer fiif ûnderskate films. Doe't yn 2010 as fjirde film Shrek Forever After ("Shrek Noch Lang en Lokkich") útbrocht waard, suggerearre de titel lykwols dat it om 'e lêste film fan 'e rige gie. Dat bliek ek sa te wêzen, mei't der yn 'e fyftjin jier dêrnei gjin nij diel yn 'e haadrige mear útkaam.

Nei't DreamWork Animation yn 2016 oernommen waard troch NBCUniversal foar it sêfte pryske fan $3,8 miljard, makke Steve Burke, de algemien direkteur fan NBCUniversal, lykwols bekend dat syn bedriuw troch woe mei de kommersjeel ynteressante Shrek-filmsearje. In fyfde film, provisoarysk bekend ûnder de wurktitel Shrek 5, waard oarspronklike ferwachte yn of koart nei 2019. Mar troch swierrichheden by de ûntwikkeling kaam it filmprojekt jierrenlang muorrefêst te sitten. Chris Meledandri fan 'e tekenfilmstudio Illumination, dy't der yn 2018 by helle waard om as útfierend produsint de produksje fan sawol Puss in Boots: The Last Wish as Shrek 5 glêd te lûken, sei yn april 2023 dat Shrek 5 noch altyd yn produksje wie. By deselde gelegenheid makke Meledandri ek bekend dat der plannen wiene foar in spin-off-film mei Ezel as haadpersoan. Letter waard dúdlik dat Shrek 5 yn 2027 útkomme sil, en de film oer Ezel, mei de wurktitel Donkey, yn 2028.

Shrek in the Swamp Karaoke Dance Party

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Shrek in the Swamp Karaoke Dance Party is in koarte filmmusical út 2001 mei in spyldoer fan 3 minuten dy't as bonusfilmke tafoege waard oan VHS- en dvd-edysjes fan Shrek. It is in langere ferzje fan 'e lêste sêne fan dy film (foar't Shrek en Fiona ôfsette op houliksreis). Alderlei personaazjes út 'e film fiere in medley fan moderne poplieten op.

The Ghost of Lord Farquaad

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sjoch: The Ghost of Lord Farquaad foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

The Ghost of Lord Farquaad, ek bekend as Shrek 4-D, Shrek 3-D en Shrek's Never Before Seen Adventure, is in koarte film út 2003 mei in spyldoer fan 13 minuten. It ferhaal fynt plak tusken Shrek en Shrek 2 yn. Hear Farquaad (John Lithgow) stiet op út 'e dea om Fiona (Cameron Diaz) te ûntfieren en Shrek (Mike Myers) en Ezel (Eddie Murphy) moatte har rêde. It filmke waard oarspronklik útbrocht foar de ferdivedaasjeparkattraksje Shrek 4-D.

Far, Far Away Idol

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Far, Far Away Idol is in ynteraktive koarte film út 2004 mei in spyldoer fan 5 minuten. Hy waard útbrocht as bonusfilmke op VHS- en dvd-edysjes fan Shrek 2. Far, Far Away Idol fynt plak fuort nei de ein fan Shrek 2, wannear't de minder wichtige personaazjes in sangwedstryd hâlde mei Shrek (Mike Myers), Fiona (Cameron Diaz) en Simon Cowell (himsels) as sjueryleden.

Donkey's Caroling Christmas-tacular

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Donkey's Caroling Christmas-tacular, ek wol bekend as Donkey's Christmas Shrektacular, is in koarte film út 2010 mei in spyldoer fan 5 minuten. Hy waard útbrocht as bonusfilmke op dvd's en blu-ray's fan Shrek Forever After en by de folsleine boxset fan alle Shrek-films. By in krystfiering stelt Ezel (Eddie Murphy) foar dat hy en syn freonen om bar in krystliet sjonge sille, in foarstel dat de oaren grif oannimme.

Shrek's Yule Log

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Shrek's Yule Log is in koarte film út 2010 mei in spyldoer fan 30 minuten, dy't útbrocht waard as bonusfilmke op 'e blu-ray-edysje fan Shrek Forever After. It plak fan hanneling is Shrek syn âld hûs yn it moeras. Der is net echt in ferhaal; it is mear in foarm fan slow-TV, wêrby't de sjoggers troch de flammen fan Shrek syn iepen hurd hinne syn hûs ynsjogge. Ut en troch bart der wat: Shrek (Mike Myers) keart tsjin dat Oegemantsje (Walt Dohrn) it hurdfjoer útmakket, Ezel (Eddie Murphy) makket in grap, Fiona (Cameron Diaz) leit koekjes del foar de Krystman en de Kat op Learzens (Antonio Banderas) fret himsels blastich oan 'e koekjes.

Thriller Night is in koarte film út 2011 mei in spyldoer fan 6 minuten, dy't as bonusfilmke útbrocht waard op 'e dvd fan Scared Shrekless en de dvd en blu-ray fan Shrek's Thrilling Tales. It is in parody op 'e fideoclip fan it nûmer Thriller fan Michael Jackson. Ferstoarne personaazjes út 'e Shrek-filmrige, lykas hear Farquaad, Mongo, Oegemantsje, Fifi, de Goede Fee en de Dreamprins keare werom as sombys.

The Pig Who Cried Werewolf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Pig Who Cried Werewolf is in koarte film mei in spyldoer fan 6 minuten. It filmke wie yn oktober 2011 koart te sjen op Nintendo 3DS en waard yn 2012 útbrocht op 'e dvd en blu-ray fan Shrek's Thrilling Tales. De Trije Bichjes komme yn 'e swierrichheden wannear't se in nije buorman krije dy't by folle moanne in grouwélich stal oannimt.

Puss in Boots: The Three Diablos

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sjoch: Puss in Boots: The Three Diablos foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Puss in Boots: The Three Diablos is in koarte film út 2012 mei in spyldoer fan 13 minuten. De rezjy wie yn 'e hannen fan Raman Hui. Puss in Boots: The Three Diablos waard as bonusfilmke tafoege oan 'e dvd- en blu-ray-edysjes fan Puss in Boots. Yn it filmke moat de Kat op Learzens (Antonio Banderas) sjen dat er it stellen sieraad fan in prinsesse weromkriget fan 'e beruchte dief dy't 'de Flústerder' neamd wurdt. Dêrby wurdt er mei tsjinnichheid beselsskippe troch trije lytse jongkatsjes, de trije 'duvels' (diablos) út 'e titel, dy't de Kat op Learzens nuet meitsje moat foar't se syn misje yn gefaar bringe.

Puss in Boots: The Trident

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Puss in Boots: The Trident is in koarte film út 2023 mei in spyldoer fan 3 minuten. It waard as bonusfilmke tafoege oan dvd's en blu-rays fan Puss in Boots: The Last Wish. It ferhaal spilet nei de foarfallen yn dy langere film. De Kat op Learzens (Antonio Banderas), Kitty Poezelpoatsje (Salma Hayek) en Perrito (Harvey Guillén) sitte om by tsjuster om in kampfjoer hinne. Perrito wol graach mear hearre oer de acht kear dat de Kat op Learzens deagien is, en de Kat fertelt oer syn fyfde dea, doe't er it mei Goudhierke en de Trije Bearen opnaam tsjin in binde seerôvers.

Tillefyzjespecials

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Shrek the Halls

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sjoch: Shrek the Halls foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Shrek the Halls is in tillefyzjespecial yn it ramt fan 'e kryst, dy't op 28 novimber 2007 foar it earst útstjoerd waard op it Amerikaanske tillefyzjenetwurk ABC. De spyldoer bedraacht 21 minuten. De special kin yn 'e ynterne gronology fan 'e franchise pleatst wurde tusken de films Shrek the Third en Shrek Forever After yn. De plot folget Shrek (Mike Myers), dy't noch nea kryst fierd hat, mar no besiket om der in perfekte feestdei fan te meitsjen foar Fiona (Cameron Diaz) en harren bern. Hy keapet dêrta in boek dat Kryst foar Doarpsgekken hjit en folget stap foar stap de advizen dy't dêryn fermeld steane. Underwilens hawwe Ezel (Eddie Murphy) en de Kat op Learzens (Antonio Banderas) har eigen plannen foar it fieren fan kryst, dy't tsjin dy fan Shrek yngeane.

Scared Shrekless

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sjoch: Scared Shrekless foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Scared Shrekless is in tillefyzjespecial yn it ramt fan Halloween, dy't op op 28 oktober 2010 foar it earst útstjoerd waard troch it Amerikaanske tillefyzjenetwurk NBC. De spyldoer bedraacht 26 minuten. De special spilet nei de foarfallen yn Shrek Forever After. Shrek (Mike Myers) daget syn maten Ezel (Dean Edwards), de Kat op Learzens (Antonio Banderas), de Trije Bichjes (Cody Cameron), de Grutte Boaze Wolf (Aron Warner), it Piperkoekmantsje (Conrad Vernon) en Pinokkio (Cody Cameron) út om 'e nacht fan Halloween troch te bringen yn it âlde kastiel fan hear Farquaad, dêr't it spûket. Dêr fertelle se inoar grizelige ferhalen om te sjen wa't it langst wjerstân biede kin oan syn eangst. Scared Shrekless is opboud út dit ramtferhaal en trije grizelferhalen: ien ferteld troch it Piperkoekmantsje dat basearre is op 'e horrorfilm Bride of Frankenstein, ien ferteld troch Ezel en de Kat op Learzens dat basearre is op 'e film Psycho, en ien ferteld troch Shrek dat basearre is op The Exorcist.

Tillefyzjesearjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Adventures of Puss in Boots

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sjoch: The Adventures of Puss in Boots foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

The Adventures of Puss in Boots ("De Aventoeren fan 'e Kat op Learzens") is in spin-off fan 'e Shrek-franchise yn 'e foarm fan in tekenfilmsearje foar bern oer it personaazje fan 'e Kat op Learzens. De searje rûn 6 tillefyzjeseizoenen, fan 2015 oant en mei 2018. Der waard yn 2017 ek in ynteraktive tillefyzjespecial fan makke mei de titel Puss in Book: Trapped in an Epic Tale. It útgongspunt fan 'e searje is dat de Kat op Learzens (Eric Bauza) by ien fan syn aventoeren de magy stikken makket dy't it Spaanske doarpke San Lorenzo en syn legindaryske mystike skat ferberget foar de plonderjende banditebindes dy't de omkriten ûnfeilich meitsje. De Kat beslút om yn San Lorenzo te bliuwen oant er in manear fynt om 'e ferbergingsmagy te reparearjen. De plonderders en oare smjunten kinne no wol yn San Lorenzo komme, mar fine eltse kear de Kat op harren paad, wat in like goede beskerming is as de magy.

Sjoch: Shrek: The Musical foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Shrek: The Musical is in toanielmusical basearre op 'e Shrek-franchise. Nei in try-out yn Seattle iepene it stik op 8 novimber 2008 op Broadway. Hoewol't it fan 'e toanielkritisy mingde resinsjes krige, waard it nominearre foar acht prestizjeuze Tony Awards, wêrûnder dy foar bêste musical. Shrek: The Musical rûn mear as in jier en hold op 3 jannewaris 2010 nei 478 foarstellings op. In op 'e nij besjoene ferzje fan 'e musical gie yn july 2010 op toernee troch de Feriene Steaten. Yn juny 2011 iepene it stik yn it Londenske West End, dêr't it nominearre waard foar fiif Laurence Olivier Awards. Letter waard de musical ek opfierd yn Austraalje. Fertaalde ferzjes waarden op 'e planken brocht yn Poalen, Spanje, Frankryk, Brazylje, Itaalje en de Filipinen.

Yn it ramt fan 'e Shrek-franchise binne de folgjende soundtrackalbums útkommen:

Yn it ramt fan 'e Shrek-franchise binne ferskate fideospultsjes útbrocht. Sjoch foar in folsleine (en byholden) opsomming dizze list op 'e Ingelske Wikipedy.

Utjouwerij Dark Horse Comics brocht 2003 trije stripalbums fan 32 siden yn kleur út oer Shrek, Fiona en Ezel, mei as titels Shrek #1, Shrek #2 en Shrek #3. Dy albums wiene it wurk fan tekstskriuwer Mark Evanier en striptekeners Ramon Bachs en Raúl Fernández.

Letter ferskynden ûnder de KiZoic-ymprint fan Ape Entertainment nochris 5 kleurestripalbums oer Shrek-en-dy: yn 2010 in 52 siden tellende prequel fan Shrek Forever After mei as titel Shrek, en fjouwer albums fan 32 siden mei as titels Shrek #1, Shrek #2, Shrek #3 en Shrek #4. Fan dy lêste rige kamen de earste beide dielen út yn 2010 en de lêste beiden yn 2011.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Shrek (filmsearje)
haadsearje
Shrek (2001) • Shrek 2 (2004) • Shrek the Third (2007) • Shrek Forever After (2010)
spin-off-films
Puss in Boots (2011) • Puss in Boots: The Last Wish (2022)
koarte films
Shrek in the Swamp Karaoke Dance Party (2001) • The Ghost of Lord Farquaad (2003) • Far, Far Away Idol (2004) • Shrek the Halls (2007) • Scared Shrekless (2010) • Donkey's Caroling Christmas-tacular (2010) • Shrek's Yule Log (2010) • Thriller Night (2011) • The Pig Who Cried Werewolf (2011) • Puss in Boots: The Three Diablos (2012) • Puss in Boots: The Trident (2023)