Shotgun Wedding (film út 2022)
Shotgun Wedding | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Jason Moore | |
produsint | Todd Lieberman David Hoberman Alexander Young Jennifer Lopez Elaine Goldsmith-Thomas Benny Medina | |
útfierend produsint |
Ryan Reynolds | |
senario | Mark Hammer | |
kamerarezjy | Peter Deming | |
muzyk | Pinar Toprak | |
filmstudio | Summit Entertainment Mandeville Films Nuyorican Productions Maximum Effort | |
distribúsje | Amazon Studios Lionsgate Films | |
spilers | ||
haadrollen | Jennifer Lopez Josh Duhamel | |
byrollen | Jennifer Coolidge Sônia Braga Cheech Marin Lenny Kravitz | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() | |
premiêre | 28 desimber 2022 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske komeedzje en aksjekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 100 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | ûnbekend | |
opbringst | $8,3 miljoen |
Shotgun Wedding is in Amerikaanske romantyske komeedzje en aksjekomeedzje út 2022 ûnder rezjy fan Jason Moore, mei yn 'e haadrollen Jennifer Lopez en Josh Duhamel. De titel betsjut "Twongen Trouwerij" (oftewol "moetje"), mar it is in wurdboarterij, mei't de term yn it Ingelsk letterlik "jachtgeweartrouwerij" betsjut. It ferhaal folget it Amerikaanske stel Tom Fowler en Darcy Rivera, dy't trouwe sille yn in eksklusyf resort op in eilantsje yn 'e Filipinen. Ferfelende famyljeleden, net útnûge gasten en ûnútsprutsen ûnderlinge yrritaasjes tusken it breidspear sels soargje lykwols foar swierrichheden. En dat is noch foar't swierbewapene seerôvers it resort oerfalle. Shotgun Wedding waard inkeld yn Aazje yn 'e bioskoop útbrocht, mar koe yn Noard-Amearika en Jeropa allinnich fia de streamingtsjinst Prime Video sjoen wurde. Fan 'e filmkritisy krige de film oer it algemien negative resinsjes.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tom Fowler en Darcy Rivera hawwe de ultime bestimmingstrouwerij organisearre troch in stik as fyftich neisten en freonen oer te bringen nei in eksklusyf resort op in lyts eilantsje yn 'e Filipinen. Problemen wurde makke troch Tom syn eksintrike mem Carol en troch Darcy har heit en mem Robert en Renata, dy't skieden binne en eins net mear troch ien doar kinne. Om it noch minder te meitsjen hat Robert syn nije flam meinommen, de sweverige Harriet, dy't fan Darcy har âldens is. Dan blykt dat Robert ek syn wurknimmer Sean Hawkins útnûge hat, dy't Tom en Darcy mei opsetsin net útnûge hiene om't dat Darcy har eks is. Sean is in súksesfolle, tige oantreklike keardel mei in flotte babbel, njonken wa't Tom himsels tekoartkommen fielt. Underwilens hat Darcy twifels oer de trouwerij om't sy hielendal gjin grutte, tradisjonele brulloft hawwe woe en har der inkeld ta beprate litten hat troch Tom.
Op 'e moarn dat it houlik ynseinge wurde sil, barst de bom en krije Tom en Darcy freeslik rûzje. Underwilens wurdt it eilân oerfallen troch seerôvers, dy't alle gasten yn gizeling nimme en it personiel fan it resort opslute. De iennichsten dy't se net fuortendaliks te pakken krije, binne Tom en Darcy sels, dy't har ôfsûndere hiene om inoar yn privacy te wurd te kinnen. De seerôvers easkje fan Robert Rivera, dy't miljonêr is, $45 miljoen om it breidspear, himsels en de oare gasten frij te keapjen. Robert ferpoft it om mei te wurkjen salang't er net iens wit oft syn dochter noch wol libbet. Sadwaande is der de seerôvers alles oan gelegen om Tom en Darcy yn 'e hannen te krijen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Wannear't Tom en Darcy foar it ferstân krije wat der geande is, moatte se gearwurkje om frij te bliuwen. Dat keallet dreech, en se wurde al rillegau finzen nommen, mar witte neitiid op ûnwierskynlike wize wer te ûntkommen. Dêrby deadzje se, mear by fersin as opsetlik, ien fan 'e seerôvers. Wylst se op 'e flecht binne foar de oare seerôvers, ferlieze se it geduld mei-inoar en sizze se inoar einlings en te'n lêsten ris goed de wierheid. Alle opkroppe frustraasjes komme derút, wat harren iroanysk genôch tichter byinoar bringt. Nei ferskate konfrontaasjes mei ien of twa seerôvers, wêrby't dy lêsten stiiffêst de slach ferlieze, fine Tom en Darcy op 't langelêst beskûl yn in geheime ûndergrûnske romte ûnder it hûs fan Margy, de manager fan it resort, en har man.
Dan komt oan it ljocht dat it eilân in jier tefoarren ek al troch seerôvers plondere is, en dat Tom dat wist doe't er de trouwerij op it eilân plande. Darcy is poer, mar Tom seit dat hy en Margy it allebeide tige ûnwierskynlik achten dat de seerôvers sa gau weromkomme soene. Margy wiist derop dat de seerôvers de oare kear inkeld gau-gau wat byinoar stellen hawwe en binnen in healoere wer fuort wiene. In gizeling fan 'e resortgasten lykas dizze hat sy noch nea meimakke. Wannear't Margy en har man de seerôvers yn harren eigen taal praten hearre oer de portofoan dy't Tom bútmakke hat, sizze se dat se it net ferstean kinne en dat it gjin taal is dy't yn 'e Filipinen sprutsen wurdt.
Om foar te kommen dat Darcy troch de seerôvers ûntdutsen en finzen nommen wurdt, jout Tom himsels oer. Hy wurdt nei de oare gizelders brocht, dy't fêstholden wurde yn it swimbad fan it resort. Nei't er op snoade wize in fermoeden befêstige hat, beskuldiget er Sean derfan dat dy mei de seerôvers ûnder ien tekken skûlet. Foar de oare gasten leit er út dat Filipynske seerôvers gjin minsken gizelje, en dat dizze 'seerôvers' it spesifyk op 'e trouwerij fan him en Darcy foarsjoen hiene om't se wisten dat Robert miljonêr wie. De taal dy't se sprekke, is Balineesk, en Sean wennet op Baly. No't er ûntmaskere is, nimt Sean eigenhandich de lieding oer de seerôvers oer. Hy nimt Robert syn freondinne Harriet as gizelster mei en giet sels efter Darcy oan.
Wylst Sean-en-dy yn in helikopter nei de noardkant fan it eilân ta fleane, dêr't se miene dat Darcy is, komt Darcy foar 't ljocht en jout har by de gizelders yn it swimbad, dêr't se har fermoedsoenet mei Tom. Larry, Tom syn heit, dy't al dagenlang oan ien wei troch mei in fideokamera omrint, lit harren en de oare houliksgasten bylden sjen fan 'e foargeande jûns, doe't er Sean en Harriet op in sideplak trappearre wylst se oan it tútsjen wiene. Tom, Darcy en harren gasten beseffe dat ek Harriet mei de seerôvers gearwurket. Dat betsjut dat it drigemint fan Sean om Harriet wat oan te dwaan as de oare gizelders harren net koest holden, hol is. Tom en Darcy komme de beide seerôvers dy't by it swimbad op wacht steane, oer it mad. Se oerweldigje de iene en deadzje de oare.
De houliksgasten sykje in feilich plak op, wylst Tom en Darcy nei de oanlissteger geane om mei de speedboat fan it resort, dy't ornaris brûkt wurdt foar parasailing, de autoriteiten op it oanbuorjende eilân te warskôgjen. Op 'e steger wurde se lykwols opwachte troch Sean. It rint út op slaanderij tusken Tom en Sean, wêrby't Darcy en Tom úteinlik yn 'e speedboat witte fuort te kommen. Op it lêste momint grypt Sean lykwols it ôfmartou fêst en klaut him troch it wetter in wei oan board fan 'e speedboat. Tom befrjochtet him op 'e nij, wêrby't by fersin it parasail oplitten wurdt mei de beide mannen deroan. Tom wit him fan syn taaie rivaal te befrijen en brûkt de parasailkeabel as tokkelbaan troch der oan in djoere hierekstinsje fan Darcy (dy't se him earder jûn hie om foar har te bewarjen) by del glydzjen. Underwilens is Harriet yn 'e helikopter efter de speedboat oan gien, dy't se út 'e loft wie ûnder fjoer nimt mei in mitrailleur. Tom en Darcy snije de keabel fan it parasail los, sadat it parasail, mei Sean deroan, yn 'e rotor fan 'e helikopter fljocht. Sean komt dêrby om, en de helikopter stoart del, wêrby't ek Harriet de dea fynt.
Tsjin 'e jûn, wylst de warskôge autoriteiten de restearjende seerôvers oppakke en ôffiere, beslute Tom en Darcy by in wat ymprovisearre seremoanje op it strân dochs noch mei-inoar te trouwen.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Darcy Rivera | Jennifer Lopez |
Tom Fowler | Josh Duhamel |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Carol Fowler, Tom syn mem | Jennifer Coolidge |
Renata Ortiz, Darcy har mem | Sônia Braga |
Robert Rivera, Darcy har heit | Cheech Marin |
Sean Hawkins, Darcy har eks | Lenny Kravitz |
Harriet | D'Arcy Carden |
Jamie Rivera, Darcy har suster | Callie Hernandez |
Margy | Selena Tan |
Ricky Silver | Desmin Borges |
Larry Fowler, Tom syn heit | Steve Coulter |
Jeannie Fowler, Tom syn suster | Melissa Hunter |
Ace | Alberto Isaac |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Shotgun Wedding waard as filmprojekt yn jannewaris 2019 oankundige, yn 't earstoan mei Ryan Reynolds as tsjinspiler fan Jennifer Lopez. Reynolds waard lykwols letter om ûndúdlike redens ferfongen troch Armie Hammer, mar bleau wol by de film belutsen yn 'e hoedanichheid fan útfierend produsint. Hammer waard yn jannewaris 2020 oan 'e dyk set nei't er yn it ramt fan it #MeToo-skandaal beskuldige wie fan seksueel misbrûk fan ferskate froulju. Dêrop waard de manlike haadrol úteinlings ferjûn oan Josh Duhamel.
De film waard regissearre troch Jason Moore, dy't yn 2012 trochbrutsen wie mei de komeedzjefilm Pitch Perfect. Hy wurke op basis fan in orizjineel senario fan Mark Hammer. As produsinten wiene Todd Lieberman, David Hoberman, Alexander Young, Elaine Goldsmith-Thomas, Benny Medina en Jennifer Lopez by it projekt belutsen foar de filmstudio's Summit Entertainment, Mandeville Films, Maximum Effort fan Ryan Reynolds, en Lopez har Nuyorican Productions. It budget foar Shotgun Wedding waard net bekendmakke. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Peter Deming, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Pinar Toprak.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar Shotgun Wedding wiene oarspronklik pland foar de simmer fan 2019, mar rûnen fertraging op. Se setten úteinlik op 22 febrewaris 2021 útein en duorren oant en mei 22 april fan dat jier. It meastepart fan 'e film waard opnommen yn ÀNI Dominican Republic, in lúkse resort oan 'e noardkust fan it Karibyske eilân Hispanjoala, yn 'e Dominikaanske Republyk. Dêrnjonken waard der ek filme yn Boston.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Shotgun Wedding wie oarspronklik wrâldwiid yn 'e hannen fan Lionsgate Films. It wie de bedoeling dat de film op 29 juny 2022 yn 'e Amerikaanske bioskopen komme soe. Yn maart 2022 ferkocht Lionsgate de distribúsjerjochten foar de Feriene Steaten lykwols oan 'e Amazon Studios. De wrâldpremiêre fan Shotgun Wedding wie op 28 desimber 2022, doe't de film yn Singapoer yn 'e bioskoop útkaam. Letter wie de film ek yn oare Aziatyske lannen yn 'e bioskoop te sjen. Yn Noard-Amearika (en teffens yn Jeropa) waard Shotgun Wedding lykwols net yn 'e bioskoop útbrocht en wie de film inkeld (fan 27 jannewaris 2023 ôf) te sjen fia de streamingtsjinst Prime Video fan Amazon.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Shotgun Wedding oer it algemien negative resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 44%, basearre op 115 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Shotgun Wedding soe samar persiis de útnûging wêze kinne dêr't fans fan romcoms en lju dy't alles sjen wolle fan JLo op sitte te wachtsjen. Mar de measte oare filmsjoggers kinne mei in gerêst hert en sûnder spyt ôftynge jaan." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Shotgun Wedding in goedkarringspersintaazje fan 46%, basearre op 28 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't Shotgun Wedding yn 'e Feriene Steaten en Kanada net yn 'e bioskopen útbrocht waard, brocht de film om utens, yn Aziatyske lannen, yn 'e bioskopen $8,3 miljoen op. Om't ûnbekend is hoe heech oft it budget wie en ek hoefolle oft der mei streaming fia Prime Video fertsjinne is, kin ûnmooglik sein wurde oft Shotgun Wedding winst of ferlies makke hat.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske romantyske komeedzje
- Amerikaanske aksjekomeedzje
- Ingelsktalige film
- Film fan Jason Moore
- Film fan Lionsgate Films
- Film fan Amazon MGM Studios
- Film fan Summit Entertainment
- Film fan Mandeville Films
- Film fan Nuyorican Productions
- Film fan Maximum Effort
- Film út 2022
- Film oer in brulloft
- Film oer fakânsje
- Film oer famyljerelaasjes
- Film oer seerôverij
- Film oer in gizeling