Shinfield Studios

Ut Wikipedy
Shinfield Studios
algemien
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Shinfield (Ingelân)
oprjochte 2021
mem Shadowbox Studios
offisjele webside
shinfieldstudios.com
kaart
Shinfield Studios (Ingelân)
Shinfield Studios
Lokaasje yn Ingelân.

De Shinfield Studios binne in studiokompleks yn it Ingelske doarp Shinfield, yn it greefskip Berkshire. It leit yn 'e neite fan 'e stêd Reading. De Shinfield Studios waarden yn 2021 oprjochte en as de bou yn 2024 hielendal foltôge is, moat it ien fan 'e grutste studiokompleksen fan it Feriene Keninkryk wêze. Anno 2023 binne de opnamen fan al films en tillefyzjesearjes der al begûn.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Shinfield Studios waard yn 2021 oprjochte troch (en binne eigendom fan) Shadowbox Studios, in ynternasjonaal bedriuw dat ek studiokompleksen by Atlanta (Georgia) en Santa Clarita (Kalifornje) besit. Shadowbox is in dochterûndernimming fan Commonwealth Asset Management en Silver Lake. Faze 1 fan 'e Shinfield Studios, besteande út fjouwer hypermoderne soundstages, kaam yn 2022 ree, wêrnei't fuortendaliks úteinset waard mei de opnamen foar de earste films en tillefyzjesearjes. Faze 2, de bou fan nochris 14 soundstages en tabehearrende produksjeromten, is anno 2023 geande en sil nei ferwachting oan 'e ein fan 'e simmer fan 2024 klear wêze.

Geografy en berikberens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Shinfield Studios steane op it bedriuweterrein Thames Valley Science Park by it doarp Shinfield. Dat leit yn 'e neite fan 'e stêd Reading yn it Ingelske greefskip Berkshire, westlik fan 'e Britske haadstêd Londen. It studiokompleks is goed berikber om't it lyk oan 'e autosnelwei M4 leit. De reistiid fan 'e Lofthaven Londen Heathrow ôf bedraacht sadwaande 30 minuten yn 'e auto of in oere mei de trein.

Fasiliteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anno 2023 besteane de Shinfield Studios út fjouwer hypermoderne soundstages, wêrfan twa mei in oerflak fan 1.600  en twa mei in oerflak fan 2.000 m², allegear mei in wurkbere hichte fan 35 m. Der binne noch fjirtjin oare soundstages yn oanbou, wêrfan't de earste fiif oan 'e ein fan 'e maityd fan 2023 oplevere wurde sille. It hiele kompleks moat oan 'e ein fan 'e simmer fan 2024 klear wêze.

Njonken de soundstages beskikke de Shinfield Studios anno 2023 ek al oer fjouwer wurkplakken foar de produksje fan dekôrstikken, dy't yn grutte útinoar rinne fan 370 oant 1.375 m². It kompleks omfettet ek kantoarromte, fasiliteiten foar preproduksje, postproduksje en de produksje fan special effects, klaaikeamers, romten foar fisazjy en hierstilearring en in grut parkearterrein. Alle soundstages en ûnderstypjende romten mei-inoar sille, as it kompleks klear is, in oerflak hawwe fan krapoan 70.000 m².

Produksjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tillefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In seleksje fan tillefyzjesearjes dy't alteast foar in diel yn 'e Shinfield Studios opnommen binne:

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: