Springe nei ynhâld

Shelleyglânsstaar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Shelley's glânsprotter)
shelleyglânsstaar
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaaiglânsstaren (Lamprotornis)
soarte
Lamprotornis shelleyi
Sharpe, 1890
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     briedfûgel
     stânfûgel
     wintergast

De shelleyglânsstaar of Shelley's glânsstaar (Lamprotornis shelleyi), ek: shelleyglânsprotter of Shelley's glânsprotter, is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).

De boppedielen binne irisearjend mei in blauwe glâns op 'e kop en grien op it grutste part fan 'e wjukken. De fûgel liket in soad op 'e Hildebrandtglânsstaar, mar de eagen binne gieloranje en de búk is donkerder kastanjebrún. Ek liket de fûgel op 'e trijekleurige glânsstaar, mar hy mist de wite boarstbân en hat ek gjin wite ûndersturt.

It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel leit yn Etioopje, Kenia, Somaalje, Sûdan en Tanzania.

De soarte libbet yn drûge savannes mei toarnstrûken. en wurdt meast yn lytse groepkes sjoen, fakentiden mei oare prottersoarten. De soarte is foar in part migrearjend. en is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûnderfieling yn ûndersoarten is.

Shelleyglânsstaren ha in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny ta Behâld fan 'e Natuer (IUCN) hat de soarte dêrom as net bedrige (LC) klassifisearre.

De namme fan 'e fûgel is in earbetoan oan George Ernest Shelley (1840-1910), in geolooch, samler en ornitolooch dy't aktyf wie yn Austraalje, Egypte, Birma, Súd-Sûdan en Súd-Afrika.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: