Springe nei ynhâld

Shazam! Fury of the Gods

Ut Wikipedy
Shazam! Fury of the Gods
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurDavid F. Sandberg
produsintPeter Safran
senarioHenry Gayden
Chris Morgan
basearre opde strips fan DC Comics
kamerarezjyGuyla Pados
muzykChristophe Beck
filmstudioNew Line Cinema
DC Films
The Safran Company
distribúsjeWarner Bros.
spilers
haadrollenZachary Levi
Jack Dylan Grazer
Helen Mirren
Lucy Liu
Rachel Zegler
byrollenDjimon Hounsou
Grace Caroline Currey
Asher Angel
Adam Brody
Meagan Good
Faithe Herman
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre14 maart 2023
foarmlangspylfilm
sjenresuperheldefilm
taalIngelsk
spyltiid130 minuten
budget en resultaten
budget$110–125 miljoen
opbringst$134,1 miljoen
filmsearje
filmsearjeDC Extended Universe
 foarich dielBlack Adam
 folgjend dielThe Flash

Shazam! Fury of the Gods is in Amerikaanske superheldefilm út 2023 ûnder rezjy fan David F. Sandberg, mei yn 'e haadrollen Zachary Levi, Jack Dylan Grazer, Helen Mirren, Lucy Liu en Rachel Zegler. De titel betsjut "Shazam! Razernij fan 'e Goaden". De film makket diel út fan 'e DC Extended Universe-searje. As sadanich folget er op Black Adam út 2022 en giet er foarôf oan The Flash út 2023. Shazam! Fury of the Gods is it direkte ferfolch op Shazam! út 2019. It ferhaal folget teenager Billy Batson, dy't de superheld Shazam wurden is. Yn 'e mande mei syn ek mei superkrêften bejeftige pleechbruorren en -susters nimt er it op tsjin 'e misdie yn Philadelphia. Se komme lykwols yn 'e swierrichheden wannear't trije oerâlde goadinnen, dy't Billy by fersin befrijd hat, de wrâld binnenkringe op 'e siik nei wraak. Shazam! Fury of the Gods krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes en prestearre teloarstellend yn 'e bioskopen.

It is twa jier nei't teenager Billy Batson, yn syn superhelde-alter ego Shazam, en syn ek mei superkrêften bejeftige pleechbruorren en -susters Mary, Freddy, Pedro, Eugene en Darla, ôfweefd hawwe mei supersmjunt dr. Thaddeus Sivana en de demoanen fan 'e Sân Haadsûnden (sjoch: Shazam!). Se bestride no de 'gewoane' misdie yn harren wenplak Philadelphia, mar mei't se allegearre âlder wurde, groeie se útinoar en begjinne se harren eigen libbens te lieden. Billy, dy't deroer yn noed sit dat er de earste famylje kwytreitsje sil dy't er ea hân hat, besiket dat út alle macht tsjin te kearen, mar it is krewearjen om 'e nocht.

Underwilens oerfalle Hespera en Kalypso, de dochters fan 'e titaan Atlas, it Akropolismuseum yn 'e Grykske haadstêd Atene, dêr't de brutsen stêf fan 'e tsjoender belâne is nei't Billy him efterlitten hie nei de oerwinning op Sivana (sjoch: Shazam!). De beide goadinnen binne út op wraak om't se troch de tsjoender lang lyn út 'e minskewrâld ferballe binne. Mar de betsjoening dy't harren fuorthold, is ferbrutsen doe't Billy de toverstêf midstwa briek. Nei't se gâns dea en ferdjer oanrjochte hawwe, stelle Hespera en Kalypso de beide stikken fan 'e stêf en nimme dy mei werom nei de wrâld fan 'e goaden, dêr't se de (troch Billy-en-dy deawaande) tsjoender finzen blike te hâlden. Nei't se him twongen hawwe en meitsje de stêf wer folslein, stjoert de tsjoender Billy in dream, wêryn't er him warskôget foar de dochters fan Atlas.

Op basis dêrfan sykje Billy-en-dy de goadinnen nei yn harren haadkertier, de Rots der Ivichheid, dat in mystike timpel is yn in oare diminsje. It docht bliken dat Atlas trije dochters hie. Underwilens is Freddy smoarfereale rekke op Anne, in nij famke yn syn klasse. Om yndruk op har te meitsjen, lit er har syn (totaal oars útsjende) superhelde-alter ego sjen. Dan docht bliken dat Anne eins nimmen oars is as Anteä, de trêde dochter fan Atlas. Sûnder dat se wit dat Freddy en syn superhelde-alter ego ien-en-deselde binne, lokket se him yn 'e fâle. Hespera en Kalypso ferskine op it toaniel, dy't troch de wer folslein makke stêf te brûken, Freddy fan syn superkrêften berôvje. Se binne fan doel om him en al syn pleechbruorren en -susters te straffen foar it brûken fan krêften dy't fan rjochten inkeld de goaden takomme.

Mei't it algemien bekend wie dat Freddy út en troch mei de superheld Shazam prate, hie Anteä him mei opset sin befreone om by Shazam-en-dy yn 'e buert te kommen. Mar geandewei hat se echt in swak foar Freddy krigen, dat se is ûnoangenaam ferrast as se foar it ferstân kriget hy ien fan 'e superhelden is dy't sy en har susters tenei komme wolle. Billy en syn oare pleechbruorren en -susters besykje Freddy te rêden, mar de dochters fan Atlas pleatse in ûntrochlittige, trochsichtige, ûnferneatichbere koepel oer Philadelphia hinne, wêrmei't se harren effektyf yn 'e stêd finzen sette. Freddy wurdt ûnderwilens ûntfierd nei de wrâld fan 'e goaden, dêr't er by de tsjoender yn 'e sel smiten wurdt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Billy-en-dy besykje Freddy troch ûnderhannelings frij te krijen, mar de moeting mei Hespera en Kalypso rint al rillegau út op slaanderij. Yn it gefjocht nimme de goadinnen ek de superkrêften fan Pedro werom. Mar Billy en syn pleechsusters Mary en Darla witte Hespera út te skeakeljen en finzen te nimmen. Se skoattelje har op yn 'e Rots der Ivichheid wylst se in brief oan Kalypso en Anteä opstelle wêryn't se oanbiede om Hespera te ruiljen tsjin Freddy.

Underwilens hat Kalypso oan Anteä opdracht jûn om Freddy om hals te bringen, mei't de goadinnen neat mear oan him hawwe. Anteä kiest der ynstee foar om Freddy en de tsjoender te helpen by har ûntsnapping. Wylst se fuortglûpe, fertrout de tsjoender oan Freddy ta dat de goadinnen net folle fierder komme kinne sûnder de Gouden Apel, dy't it sied fan 'e Libbensbeam befettet. Dy is feilich opburgen yn 'e Rots der Ivichheid, dêr't de goadinnen net binnenkringe kinne. It docht lykwols bliken dat Hespera har mei opset sin finzen nimme litten hat, sadat Billy-en-dy har meinimme soene nei de Rots. Hja ûntsnapt sûnder swierrichheden út har sel, stelt de Gouden Apel en keart werom nei de wrâld fan 'e goaden.

Krekt as se út 'e goadewrâld ûntkomme wolle, wurde Freddy en de tsjoender Hespera mei de Gouden Apel gewaar. Der ûntstiet ûnienichheid mank de goadinnen oer hoe no fierder. Anteä wol de apel hjir plantsje om 'e deade goadewrâld te refitalisearjen. Kalypso, lykwols, is sa obsedearre troch wraak dat se de apel yn 'e minskewrâld plantsje wol, dêr't alle goeds fan 'e beam te'n kweade keare soe. It soe de ein fan 'e minskewrâld betsjutte, en Anteä is der poer op tsjin. Hespera wifelet. Wylst de goadinnen redendiele, stelt Freddy de Gouden Apel werom. Hy wurdt ûntdutsen en de goadinnen sette efter him oan, mar Billy en de oaren arrivearje nei't se it spoar fan Hespera folge hawwe, en der ûntstiet jitris in gefjocht. Yn it trelit wint Freddy syn superkrêften werom.

Mei Freddy, de tsjoender en de Gouden Apel flechtsje Billy-en-dy werom nei minskewrâld, dêr't se einlings en te'n lêsten twongen binne om harren geheime identiteiten bekend te meitsjen oan harren pleechâlden Victor en Rosa. Mei syn allen ûntflechtsje se it hûs krekt foar't de goadinnen mei de draak Ladon, harren trewant dy't oarspronklik de bewekker fan 'e Gouden Apels wie, oerkomme út 'e goadewrâld en de wente folslein ferneatigje. Billy en de oaren besykje de goadinnen tsjin te kearen, mar yn it gefjocht reitsje se allegearre, útsein Billy sels, harren superkrêften kwyt.

Mar wat noch minder is, Kalypso wit de Gouden Apel wer yn 'e hannen te krijen en brûkt dy om 'e Libbensbeam te plantsjen yn it honkbalstadion Citizens Bank Park. Yn 'e minskewrâld groeie út 'e fruchten fan 'e beam inkeld meunsters, dy't op 'e stêd en syn ynwenners oanfalle. Hespera en Anteä besykje Kalypso tsjin te kearen, mar Kalypso lit Hespera fataal ferwûnje troch Ladon, en nimt mei de toverstêf Anteä har godlike krêften ôf sadat se ien fan dy minsken wurde kin dêr't se safolle om jout.

Nei in momint fan wanhoop giet Billy, yn 'e foarm fan Shazam, wer efter Kalypso oan mei de temûke bedoeling op himsels op te offerjen foar de stêd, wylst de oaren, no sûnder superkrêften, in riskant plan betinke om 'e ynwenners fan Philadelphia te rêden fan 'e meunsters. De tsjoender hat harren nammentlik ferteld dat de meunsters inkeld benaud binne ienhoarnen, dat net de leave, knuffelige bisten út 'e moderne folkloare binne, mar de grutste meunsters fan allegearre. De jonge Darla, dy't sljocht is fan ienhoarnen, is der lykwols wis fan dat mei de wêzens te redendielen falt. De tsjoender fertelt har dat se o sa fan ambroazium hâlde, de goadespiis, dy't swiet wie as hunich. Darla beslút de ienhoarnen har favorite snobbersguod Skittles oan te bieden, dat it swietste is dat se har yntinke kin. De ienhoarnen nimme dêr genoegen mei en litte har nuet meitsje, wêrnei't de hiele famylje, ridend op ienhoarnen, de stêd suveret fan oare meunsters.

Underwilens bepraat Billy de yn it stjerren lizzende Hespera om him te helpen en ferslaan Kalypso. Mei't er foar it ferstân krigen hat dat de koepel dy't Hespera oer de stêd hinne pleatst hat, de wjerljocht dy't er út syn hannen sjitte litte kin, fergruttet, lokket er Kalypso nei it honkbalstadion ta wêrnei't Hespera de koepel ynkrimpe lit sadat dy inkeld it stadion omjout. Hy sjit oanhâldend wjerljocht oant de toverstêf, dy't alle enerzjy út syn om-en-by opsûcht, oerladen wurdt en eksplodearret. Dêrtroch wurdt alles yn 'e koepel folslein fernield en komme Ladon, Kalypso en Billy sels om. Ek de Libbensbeam wurdt ferneatige, en fan gefolgen ferwaaie ek de meunsters dy't út 'e beam fuortkommen binne ta stof. De tasjende Hespera bepreuvelet tsjin harsels dat Billy dus dochs in echte god wie, foar't se ferstjert sadat de koepel weiwurdt.

Anteä en Billy syn roujende famylje bringe syn stoflik omskot nei de goadewrâld om him dêr te begraven. De toverstêf, dy't de eksploazje yn it stadion ridlik ûnskansearre trochstien hat, is lykwols alhiel ûntladen. Der is in god foar nedich om him wer op te laden, sadat mei de stêf wer lju mei superkrêften bejeftige wurde kinne. Mar der binne gjin goaden mear. Utsein ien. Diana Prince (oftewol Wonder Woman), in healgoadinne dy't de dochter fan Seus is, ferskynt ynienen en bringt de toverstêf wer ta libben troch it ding op te laden mei har eigen krêften. Dy rinne oer út 'e stêf om 'e deade goadewrâld ta nij libben te bringen. Wetter begjint te streamen en bloeiende planten ûntsprute oeral. Fia har fuotten, dy't op 'e grûn steane, kringe de refitalisearjende krêften ek it lichem fan Anteä binnen, dy't dêrtroch har godlike macht weromkriget. En by it grêf fan Billy stekt ynienen in hân ta de grûn út, wêrnei't Billy, yn 'e foarm fan Shazam, himsels útgraaft en ferûntweardige is dat syn famylje him "libben begroeven" hat. Billy jout al syn pleechbruorren en -susters har superkrêften werom. De hiele famylje keart werom nei de minskewrâld om harren hûs te werbouwen, dêr't Anteä, mei wa't Freddy no ferkearing hat, by harren ynlûkt. De tsjoender set him ûnderwilens nei wenjen yn 'e minskewrâld.

Yn in sêne healwei de ôftiteling wurde Emilia Harcourt en John Economos troch de ûnmeilydsume Amanda Waller, it haad fan in net by namme neamde Amerikaanske ynljochtingetsjinst (sjoch: Suicide Squad) stjoerd om Billy út te nûgjen en jou him by de Justice Society, in groep superhelden dy't Waller ûnder de tomme hâldt. Billy betanket foar de ear. Yn in sêne oan 'e ein fan 'e ôftiteling moetet de noch altyd finzen sittende dr. Thaddeus Sivana wer de mysterieuze Mister Mind.

Zachary Levi.
Jack Dylan Grazer.
Rachel Zegler.
haadrollen
personaazje                           akteur/aktrise
Shazam Zachary Levi
Freddy Freeman Jack Dylan Grazer
Hespera Helen Mirren
Kalypso Lucy Liu
Anteä Rachel Zegler


byrollen
personaazje akteur/aktrise
de tsjoender Djimon Hounsou
Mary Bromfield / it superhelde-alter ego fan Mary Grace Caroline Currey
Billy Batson Asher Angel
it superhelde-alter ego fan Freddy Freeman Adam Brody
it superhelde-alter ego fan Darla Dudley Meagan Good
Darla Dudley Faithe Herman
Eugene Choi Ian Chen
it superhelde-alter ego fan Eugene Choi Ross Butler
Pedro Peña Jovan Armand
it superhelde-alter ego fan Pedro Peña D.J. Cotrona
Rosa Vásquez Marta Milans
Victor Vásquez Cooper Andrews
Diana Prince / Wonder Woman Gal Gadot (cameo)
Emilia Harcourt Jennifer Holland (cameo)
John Economos Steve Agee (cameo)
dr. Thaddeus Sivana Mark Strong (cameo)
Mister Mind David F. Sandberg (stimcameo)
learaar Rizwan Manji
dokter Dario Bava P.J. Byrne
Geckle Diedrich Bader
Brett Breyer Carson MacCormac
Burke Breyer Evan Marsh
himsels Wolf Blitzer

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In ferfolch op it súksesfolle Shazam! waard yn april 2019 oankundige, likernôch in moanne nei it útkommen fan dy film. David F. Sandberg kearde werom om ek Shazam! Fury of the Gods te regissearjen. Hy wurke dêrby nei in senario fan Henry Gayden en Chris Morgan op basis fan 'e strips fan DC Comics. As produsint wie op 'e nij Peter Safran by it projekt belutsen foar de filmstudio's New Line Cinema, DC Films en The Safran Company. Foar de film wie neffens The Hollywood Reporter in budget beskikber fan $110 miljoen, hoewol't Variety it hie oer in budget fan $125 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Guyla Pados, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Christophe Beck.

De opnamen soene oarspronklik mids 2020 begjinne, mar waarden fertrage fanwegen de koroanapandemy. Uteinlik setten se útein op 26 maaie 2021. Se duorren oant en mei 31 augustus fan dat jier. Der waard op lokaasje filme op ferskate plakken yn Atlanta yn 'e Amerikaanske steat Georgia.

Regisseur David F. Sandberg.

De distribúsje fan Shazam! Fury of the Gods waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 14 maart 2023 yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 17 maart yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 10 maart by platemaatskippij WaterTower Music. Shazam! Fury of the Gods kaam op 7 april 2023 beskikber fia video-on-demandtsjinsten en waard op 23 maaie fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Shazam! Fury of the Gods mingde resinsjes. Peter Bradshaw fan 'e Britske krante The Guardian joech de film 3 fan 5 stjerren. Hy skreau: "We brekke net hielendal los fan it fêste stramyn fan superheldefilms, mar Shazam 2 hat dy 'krekt-út-'e-kuolkast'-smaak fan jus d'orange dy't [de film] ynnimlik makket." Yn 'e Australyske krante The Sydney Morning Herald part Sandra Hall de film 31/2 fan 5 stjerren ta. Neffens har "foldocht [Shazam! Fury of the Gods] as in meislepende foarstelling fan superhelden en wat superhelden ynteressant makket. [De film] sjocht derút as de berneferzje fan 'e komyske kaskreaker Deadpool fan Marvel, mei healwizens as ferfanging foar krêftwurden en galgehumor."

Frank Scheck fan The Hollywood Reporter fûn Shazam! Fury of the Gods mar sa-sa. Hy skreau: "Sa't guon bern net mear sa skattich binne as se wat grutter wurden binne, sa mist dit ferfolch in grut diel fan wat syn foargonger sa oansprekkend makke." Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 2 fan 4 stjerren. Hy skreau: "It wurdt al rillegau dúdlik dat dit in formulemjittich, twadderangs aventoer wurdt mei mar in pear lytse gniismominten en ien of twa echt oangripende foarfallen. De rest is neat oars as rûs." Yn The Times parte Kevin Maher oan Shazam! Fury of the Gods mar 1 fan 5 stjerren ta. Hy kwalifisearre de film as "in leechhollich en teloarstellend ferfolch."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Shazam! Fury of the Gods in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 49%, basearre op 263 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't [dizze film] minder focus hat en minder befredigjend is as syn foargonger, behâldt Shazam! Fury of the Gods noch altyd hàst genôch fan 'e healwize sjarme fan it boarnemateriaal om der mei troch te kinnen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Shazam! Fury of the Gods in goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 49 resinsjes.

Shazam! Fury of the Gods brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $57,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $76,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $134,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $110–125 miljoen betsjut dat in winst fan $9,1–24,1 miljoen. Mar om't dêr de marketingkosten ek noch ôf moatte, liket it ûnwierskynlik dat de film yn 'e bioskopen út 'e reade sifers kommen is. Yn elts gefal waard de film troch de filmkritisy beskôge as in flop.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

DC Extended Universe (filmsearje)
Man of Steel (2013) Batman v Superman: Dawn of Justice (2016) Suicide Squad (2016) Wonder Woman (2017) Justice League (2017) Aquaman (2018) Shazam! (2019) Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn) (2020) Wonder Woman 1984 (2020) Zack Snyder's Justice League (2021) The Suicide Squad (2021) Black Adam (2022) Shazam! Fury of the Gods (2023) The Flash (2022) Blue Beetle (2023) Aquaman and the Lost Kingdom (2023)