Seysjellenparkyt
| Seysjellenparkyt | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| † Psittacula wardi | ||||||||||||
| Newton, 1883 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Seysjellenparkyt (Psittacula wardi) is in útstoarne pappegaaieftige fan it skaai ealparkiten út de famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae). De Seysjellenparkyt wie endemysk op 'e Seysjellen.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mantsjes fan 'e 41 sm lange Seysjellenparkyt hiene in griene kop mei op 'e kop en yn 'e nekke blaue dielen en in swarte streek ûnder it wang lâns. De ûnderkant wie gieleftich en de fûgel hie in poarperread skouderplak op 'e wjukken. De sturt wie blau, grien en giel en de snaffel read en giel. It wyfke hie gjin swarte streek ûnder it wang en juvenilen liken op it wyfke.
Oer it gedrach fan 'e fûgel is net in soad bekend, oannommen wurdt dat dy net in soad fan 'e besibbe gruttere Aleksanderparkyt ferskilde. De soarte libbe yn it bosk, mar koe him oanpasse oan it kultuerlânskip as it oarspronklike bosk kapt wie. Se iten û.o. fruit.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De parkyt kaam foar op 'e eilannen Mahé, Silhouette en nei alle gedachten ek op Praslin.
Utstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1811 kaam de fûgel noch talryk foar, mar de fûgel wie yn 1867 by de earste wittenskiplike beskriuwing troch Newton al sa bot ferfolge, dat it in seldsume soarte woarn wie. Yn maart 1880 en yn juny 1881 skeat de samler H.M. Warry de lêste trije wylde fûgels (twa wyfkes en in jong mantsje) del. De lêst bekende fûgel ferstoar yn 1883 op it eilân Silhouette yn finzenskip. De bosken dêr't de soarte ea libbe wiene foar it oanlizzen kokosplantaazjes kapt. Dêrnjonken wiene de fûgels troch boeren ferfolge om 't se skea brochten oan 'e maisfjilden. Doe't de Britske ornitolooch Michael John Nicoll yn 1906 in besite oan 'e Seysjellen brocht, koe er gjin Seysjellenparkiten mear fine. Fan 'e fûgel binne tsien eksimplaren (sûnder skelet) yn musea bewarre bleaun.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Sjoch foar boarnen en referinsjes: en:Seychelles parakeet
|
