Springe nei ynhâld

Sevanmar

Ut Wikipedy
Sevanmar
Սևանա լիճ
geografy
lân Armeenje
provinsjeGegharkûnik
koördinaten40°18'N 45°20'E
sifers
maks. lingte74 km
maks. breedte32 km
oerflak1.242 km²
djiptegemiddelde26.8 m
djipste punt80 m
wetterfolume33.2 km³
kaart
Sevanmar (Armeenje-reliëf)
Sevanmar

De Sevanmar (Armeensk: Սևանա լիճ) is de grutste mar fan Armeenje en fan 'e Kaukasus. It is 1.242 km² grut en maksimaal 80 m djip en leit yn it easten fan it lân yn 'e provinsje Gegharkûnik op in hichte fan 1914 meter. Dêrmei is de mar ien fan 'e heechstlizzende grutte marren fan 'e wâld. De mar leit yn it Nasjonaal Park Sevan en waard eartiids it "blauwe each fan Armeenje" neamd.

Eartiids stie de mar bekend as de Geghamsee. Ferskillende rivieren soargje foar de tafier fan wetter, dat troch de rivier de Hrazdan yn it noardwestlike diel fan 'e mar wer ôffierd wurdt. Troch de Hrazdan heart de mar ta it streamgebiet fan 'e Aras, dy't oer de Koera yn 'e Kaspyske See útmûnet.

Troch yrrigaasje en enerjyprojekten yn 'e Sovjet-tiid is it wetter fan 'e mar likernôch 20 meter sakke. Dêrtroch koenen der oan 'e iggen fan 'e mar in soad archeologyske fynsten dien wurde. De ekologyske skea wie lykwols grut en de fiskpopulaasjes sakken dramatysk. Sûnt de jierren 1990 wurdt it peil stadichoan troch wetteroanfier út oare rivieren ferhege.

It gebiet is in wichtich ekosysteem foar fûgels, fisksoarten en planten. Bekend is benammen de Sevan-forel, in seldsume endemyske fisk dy't allinnich hjir foarkomt. As fûgelreservaat is it wichtich en in soad trekfûgels rêste of briede hjir.

Op in earder eilân dat troch de wetterpeilferleging no in skiereilân is, leit it Sevan-kleaster, in ferneamd kultureel monumint út de 9e iuw.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sevanmar fan Wikimedia Commons.