Sesiliatsjerke (Lekkum)

Ut Wikipedy
Sesiliatsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Lekkum
adres Tsjerkepaed 26
koördinaten 53° 130'N 5° 49'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Sesilia fan Rome
Arsjitektuer
boujier 1778
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 24513 [1]
Webside
Prot. tsjerke Lekkum
Kaart
Sesiliatsjerke (Fryslân)
Sesiliatsjerke

De Sesiliatsjerke (Ceciliakerk) of de Tsjerke fan Lekkum is de protestanske tsjerke fan Lekkum (gemeente Ljouwert). De tsjerke is in ryksmonumint.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

De tsjerke waard yn 1778 boud en ferfong doe de âlde midsiuwske tsjerke dy't wijd wie oan Sint-Sesilia, de beskermhillige fan de musisi. De âlde sealtektoer waard oan it ein fan de 19e iuw ferfongen troch in nije toer mei spits. De preekstoel en de hearebank datearje út de bouperioade fan de tsjerke. Yn de flier fan de tsjerke lizze in tal grêfsarken en in midsiuwske sarkofaachdeksel fan Bremer sânstien.[2]

Sûnt 2015 wurde der njonken de wênstige protestanske tsjinsten op snein ek op alle earste saterdeis fan de moanne eucharistyfierings fan de Ald-katolike Tsjerke fierd.[3]

Klokken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De liedklokken fan de âlde toer bleaune bewarre. Se binne en 1512 en 1548 getten troch de bruorren Van Wou en soannen.[4]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel yn de Lekkumer tsjerke waard yn 1828 boud troch de Ljouwerter oargelbouwer Luitjen Jacob van Dam. Yn 1913 waarden inkelde registers ferfongen troch oare registers. By in restauraasje yn 1984 waard de disposysje fan it oargel troch Bakker & Timmenga yn de oarspronklike steat werom brocht.[5]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ryksmonuminten
  2. Ynformaasjeboerd oan de tsjerke
  3. http://friesland.okkn.nl/?b=220
  4. Ynformaasjeboerd oan de tsjerke
  5. http://www.orgelsite.nl/kerken1/lekkumhk.htm