Sesilia fan Rome
Sesilia fan Rome | ||
hillige | ||
Oargelspyljende Sesilia op in skilderij fan Orazio Gentileschi en Giovanni Lanfranco. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 200 | |
berteplak | Rome | |
stjerdatum | 230 | |
stjerplak | Rome | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke guon protestantske tsjerken Koptysk-Otterdokse Tsjerke Eastersk-Otterdokse Tsjerke Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken Armeensk-Apostoalyske Tsjerke | |
hjeldei | 22 novimber; Armeensk-Apostoalyske Tsjerke: 27 novimber | |
attributen | muzykynstrumint (û.o. oargel, fioele, liere), swurd, roas, falk | |
patroan fan | Tsjerkemuzyk, oargelbouwers, ynstrumintenmakkers, musisy, dichters |
Sesilia fan Rome (berne om it jier 200 hinne yn Rome; ferstoarn yn 230 yn Rome) is in kristlike hillige jongfaam en martleres fan 'e iere Tsjerke. Hja is patroanhillige fan 'e tsjerkemuzyk. Dat patronaat is te tankjen oan 'e oersettingsfout dat hja op har brulloft sels op it oargel spile hat. Har attributen binne in oargel of in fioele, it swurd (as attribút fan har martlerskip), in roas en yn 'e Nederlannen somtiden ek in falk (fanwegen har aadlike ôfkomst). Har feestdei is 22 novimber. De Sesiliatsjerken fan Lekkum en Easternijtsjerk binne nei de hillige ferneamd.
Oerlevering
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sesilia wie fan doel har libben te wijen oan Jezus, mar har âlders joegen har oan de heidenske Valerianus. Hja wist har man en syn broer te bekearen ta it kristendom. Wylst dy holpen by it kristlik begraven fan eksekutearre kristenen waarden se oppakt en yn 'e finzenis smiten. Dêr bekearden de twa bruorren harren bewaker Maksimus. Nei't de prekekt alle trije ûnthalzje liet, waard ek Sesilia arrestearre. Mar ear't dat barde bekearde Sesilia earst noch alle tsjinstfeinten en -fammen fan it hûs. De ferfolgers doopten Sesilia yn siedend hyt wetter, mar de hjittens dearde har net en it wetter fielde sels labberich oan. Doe't de beul dêrnei besocht har te ûnthalzjen, slagge it him oant trije kear net de holle fan 'e hillige ôf te slaan. Slim skein libbe Sesilia noch trije dagen lang en ferdielde yn dy tiid al har besit oer de earmen.
Joazefhoulik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e brulloft flústere Sesilia har man Valerianus yn 't ear dat in ingel oer har keinens weitsje soe. Har man ûnthiet har om har suverens te respektarjen, op betingst dat hy dy ingel ek sjen mocht. Hja stelde him doe út om nei de Via Appia te gean en dêr te freegjen nei biskop Urbanus I. Nei't de minsken Valerianus nei de katakomben brochten seach er dêr de biskop. Dêr ferskynde ek in âldman yn in kleed sa wyt as snie. De âldman droech by him in boek mei gouden letters en liet him de tekst lêze: "Der is ien God; ien leauwe en ien doopsel. Ien God en Heit fan alle minsken". Sa bekearde Valerianus him ek ta it leauwe fan syn frou en nei't de ingel ferdwûn wie liet er him troch Urbanus dope. Valerianus hold syn wurd en Sesilia bleau yn it houlik in jongfaam.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ferearing fan Sesilia sette likernôch om it midden fan 'e 5e iuw hinne yn. Sûnt is oan har de tsjerke Santa Cecilia yn Trastevere oan har wijd. Sûnt 545 wurdt har feest dêr op 22 novimber fierd.
Sesilia's lichem waard yn 'e 9e iuw geef werom fûn en begroeven yn 'e basilyk fan Trastevere, it 8e stedsdiel fan Rome, op it plak dêr't neffens de tradysje har âldershûs stien hie. De tsjerke waard yn 'e jierren dêrnei fersierd mei û.o. 13e iuwske fresko's fan Pietro Cavallini.
By in renovaasje fan 'e tsjerke waard yn 1599 har sark iepene en it omskot fûn fan in jonge, noch yntakte frou. Hja lei op de rjochterside, droech in kleed mei goudbrokaat en hie yn 'e hals djippe snijwûnen. De ferneamde keunster Stefano Maderno makke yn 1600 in byld foar de tsjerke sa't de frou fûn is.
Yn hast alle tsjerken wurdt Sesilia op 22 novimber betocht. De Armeenske Tsjerke betinkt Sesilia op 27 novimber. Hja is patroan fan de tsjerkemuzyk, oargelbouwers, ynstrumintemakkers, musisy en dichters. In soad tsjerkekoaren drage de namme fan de hillige.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Cäcilia von Rom
|