Slangen
| slangen | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | reptilen (Reptilia) | |
| boppeskift: | lepidosauriërs (Lepidosauria) | |
| skift: | skobhûdigen (Squamata) | |
| klade: | skink- en gekko-eftigen (Scincogekkomorpha) | |
| klade: | inkelaaitoskigen (Unidentata | |
| klade: | echte skobhûdigen (Episquamata) | |
| klade: | gifskobhûdigen (Toxicofera) | |
| klade: | slangeftigen (Ophidia) | |
| ûnderskift: | slangen (Serpentes) | |
| Linnaeus, 1758 | ||
| Ferspriedingsgebiet | ||
| fersprieding op lân fersprieding yn see (seeslangen en platsturten) | ||
De slangen (wittenskiplike namme: Serpentes) foarmje in ûnderskift fan 'e klasse fan 'e reptilen (Reptilia), it skift fan 'e skobhûdigen (Squamata) en de rangleaze klade fan 'e slangeftigen (Ophidia). It binne kâldbloedige, poatleaze wringedieren mei in ferlinge lichem dat oerdutsen wurdt mei skobben. Slangen binne nau besibbe oan 'e hagedissen, dêr't se poer taksonomysk sjoen eins in subgroep fan foarmje. It binne karnivoaren, en in protte soarten hawwe in oare ferbining fan 'e ûnderkaak mei de plasse as hagedissen, sadat se proaien ferswolgje kinne wêrfan't it lichem in folle gruttere diameter hat as har eigen kop. Slangen lykje sterk op guon poatleaze hagedissen, mar de oerienkomsten fan lichemsfoarm binne it gefolch fan konverginte evolúsje en net fan nauwe sibskip.
Oars as dat faak tocht wurdt, binne de measte soarten slangen net giftich. De soarten dy't dat al binne, de gifslangen, brûke harren gif benammen om har proaien te oerweldigjen en te deazjen, en mar komselden foar selsferdigening. Guon soarten hawwe gif dat krêftich genôch is om minsken pynlik te ferwûnjen of sels te deadzjen. Wjirchslangen, dy't net giftich binne, deadzje har proai troch him te omwuoljen mei har lichem en dea te drukken of te ferstikken. Oare, lytsere, net-giftige slangen fersline har proai libben.
It tinken is dat slangen ôfstamje fan itsij ûndergrûnsk libjende hagedissen, itsij akwatyske hagedissen. De ierste ûntjouwing fan slangen krige syn beslach yn it Kryt of mooglik noch langer lyn, yn it Sjuera. Tsjintwurdich binne der likernôch 3.900 ûnderskate soarten slangen, ferdield oer sa'n 520 skaaien en rûchwei 50 famyljes. Slangen hawwe in kosmopolityske fersprieding. Se komme foar op alle wrâlddielen útsein Antarktika. Ek ûntbrekke se yn 'e Arktis en op guon ôfhandige eilannen, lykas Ierlân, Iislân, Nij-Seelân en in protte lytsere eilannen yn 'e Atlantyske en sintrale Stille Oseaan. Mar seeslangen (Hydrophiinae) en de platsturten of seekraiten (Laticaudinae) komme rûnom foar yn 'e Stille en Yndyske Oseaan.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De slangen waarden yn 1758 as taksonomyske klade yntrodusearre troch de Sweedske biolooch en taksonoom Carolus Linnaeus yn 'e baanbrekkende tsiende edysje fan syn magnum opus, de Systema Naturæ. De wittenskiplike namme, Serpentes, is it meartal fan it Latynske serpentis, dat "slang" betsjut.
De slangen foarmje in ûnderskift fan it skift fan 'e skobhûdigen (Squamata), dat ek de hagedissen omfettet. Foarhinne waarden de slangen en de hagedissen as ferskillende groepen beskôge, en tradisjoneel bestiene de skobhûdigen út trije ûnderskiften: de slangen, de hagedissen (Lacertilia) en de wjirmhagedissen (Amphisbaenia). Dy yndieling is lykwols folslein efterhelle, mei't út ûndersyk oan it ljocht kommen is dat de slangen en de wjirmhagedissen eins subgroepen fan 'e hagedissen binne. Winliken ferskille de slangen neat méár fan 'e hagedissen mei poaten as dat ferskate groepen poatleaze hagedissen dêrfan ferskille. De hagedissen binne dêrtroch in parafyletyske groep, wat betsjut dat se as ûnderskift taksonomysk ûnjildich binne om't se as groep sûnder de slangen net alle ôfstammelingen fan 'e lêste mienskiplike foarâlder omfetsje. De oantsjutting hagedissen is tefolle ynboargere om hielendal út te bannen, mar wurdt tsjintwurdich inkeld noch yn ynformele sin brûkt.
Binnen de skobhûdigen binne de slangen it naust besibbe oan 'e leguaaneftigen (Iguanomorpha, foarh. Iguania) en oan 'e slanghagedissen (Anguimorpha), dêr't de faraaneftigen (Varanoidea, foarh. Platynota) ta hearre, en teffens de útstoarne prehistoaryske mosasauriërs (Mosasauridae).
Evolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sjoch ek: slangeftigen.
Mei't de skeletten fan slangen ornaris lyts en brekber binne, liene se har min foar it fossilisearringsproses. Fossilen fan slangen binne sadwaande relatyf seldsum. Dêrtroch is de krekte fylogenetyske relaasje tusken moderne slangen en har primitivere foarâlden noch tige ûndúdlik. Dy foarâlden, dy't faak noch wol efterpoaten hiene, wurde net ta it ûnderskift fan 'e slangen (Serpentes) rekkene, mar ynstee mei dat ûnderskift yn 'e noch rangleaze taksonomyske klade fan 'e slangeftigen (Ophidia) ûnderbrocht.

Der besteane twa hypotezes oer it ûntstean fan slangen. Neffens de iene soene slangen ôfstamje fan hagedissen dy't ûndergrûnske hoalen groeven. Omreden fan in ûndergrûnske libbenswize soene slangen troch in proses fan evolúsje lichems krigen hawwe dy't langrutsener en streamline wiene en dêrom gaadliker om har yn nauwe tunnels fuort te bewegen. Neffens de oare hypoteze soene slangen har ûntjûn hawwe út akwatyske (yn it wetter libjende) hagedissen. De lichemsfoarm fan slangen soe dan, op 'e nij troch evolúsje, ta stân kommen wêze om harren makliker troch it wetter fuortbewege te litten. De twadde hypoteze liket ûnderstipe te wurden troch de nauwe sibskip fan slangen mei de útstoarne mosasauriërs (Mosasauridae), dat eins reuseftige wetterhagedissen wiene.
Moderne slangen ûntjoegen har nei alle gedachten healwei it Kryt (145–66 miljoen jier lyn). De ierst bekende fossilen datearje fan likernôch 112 miljoen jier lyn. Soms wurdt in noch gruttere âldens suggerearre, tebek geand oant yn it Sjuera (201–145 miljoen jier lyn), mar dêr bestiet gjin wittenskiplike konsensus oer.
Moderne slangen hawwe har yn it Paleoseen (62–56 miljoen jier lyn) sterk difersifiëarre (ta ferskillende kloften ûntwikkele). Dy ûntjouwing gie lykstrekich op mei de adaptive radiaasje fan 'e sûchdieren, dy't folge op it útstjerren fan 'e dinosauriërs (útsein dy groepen dêr't neitiid de fûgels út fuortkamen). De glêde-slangdieren (Colubroides), ien fan 'e meast foarkommende subgroepen fan slangen, ûntjoegen har yn dy perioade ta in bysûnder soad ûnderskate foarmen troch jacht te meitsjen op kjifdieren, in tige súksesfolle groep sûchdieren.

Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Slangen hawwe in kosmopolityske fersprieding. Se komme foar op alle wrâlddielen útsein Antarktika en ûntbrekke fierders op it lân inkeld yn 'e poalstreken (Alaska, noardlik Kanada, Grienlân, Iislân, noardlik Skandinaavje, noardlik Jeropeesk Ruslân, noardlik Sibearje en súdlik Patagoanje), op beskate ôfhandige eilannen (Ierlân, Nij-Seelân en in protte lytsere eilannen yn 'e Atlantyske en de sintrale Stille Oseaan). Yn 'e Himalaya komme slangen foar oant in hichte fan 4.900 m boppe seenivo. Twa groepen: de seeslangen (Hydrophiinae) en de platsturten of seekraiten (Laticaudinae), allebeide ûnderfamyljes fan 'e koraalslangeftigen (Elapidae), hawwe har oanpast oan it libben yn see en komme rûnom foar yn 'e Stille en de Yndyske Oseaan.
Yn Nederlân komme mar trije soarten slangen foar: de njirre (Vipera berus), de ringslang (Natrix natrix) en de glêde slang (Coronella austriaca). Dêrfan is inkeld de njirre in gifslang. Syn byt is yn prinsipe foar minsken gefaarlik, mar yn 'e praktyk komt in njirrebyt yn Nederlân mar tige selden foar.

Lichemsskaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lichemsgrutte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De útstoarne Cerrejóntitaanboä (Titanoboa cerrejonensis) út Kolombia is de grutste bekende slang. Dat bist hie in lingte fan 12.80 m en in gewicht fan 1.100 kg. De grutste libbene slang is de netpyton (Malayopython reticulatus) út Súd- en Súdeast-Aazje, mei in maksikmumlingte fan 6.95 m. De anakonda (Eunectes murinus) út Súd-Amearika, wêrfan't leken, op basis fan berjochten yn 'e media, faak miene dat it de grutste slang is, mjit 'mar' 5.21 m. It is wol wrâlds swierste slang, mei in maksimumgewicht fan 97,5 kg. Oan 'e oare útein fan it spektrum stiet de petiterich lytse Barbadostriedwjirmslang (Leptothyphlops carlae), mei in lingte fan 10,4 sm. De measte slangen binne net botte grut en hawwe in lingte fan rûchwei 1–11/2 m.
Lichemsfoarm
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Slangen hawwe in langrutsen lichemsfoarm. Utwindige earen ûntbrekke. Foarpoaten binne ek folslein ôfwêzich by alle bekende slangen. Dat gebrek wurdt feroarsake troch de evolúsje fan Hoxgenen, dy't de morfogeneze fan 'e lea behearskje. De skelet-as fan 'e mienskiplike foarâlder fan 'e slangen omfette, lykas dy fan 'e measte oare fjouwerpoatigen, regionale spesjalisaasjes, besteande út halswringen, boarstwringen (of torakale wringen), mulwringen, krúswringen en sturtwringen.

Ier yn 'e ûntwikkeling fan slangen waard it Hoxgen yn 'e skelet-as dat ferantwurdlik wie foar de ûntjouwing fan boarstwringen dominant. Fan gefolgen hawwe by slangen alle wringen boppe de rudimintêre efterpoaten (as dy al oanwêzich binne) deselde torakale identiteit (útsein de atlas, de aksis en 1–3 halswringen). Mei oare wurden: it meastepart fan it skelet fan slangen bestiet út in ekstreem lange boarstkas. De halswringen, mulwringen en krúswringen binne sterk yn oantal werombrocht, wylst fan 'e sturtwringen yn ferhâlding ta it lichem mar in koart sturtsje oerbleaun is.
De pytoneftigen (Pythonoidea) en boä-eftigen (Booidea), dat primitive groepen binne middenmank de moderne slangen, hawwe noch rudimintêre efterpoaten: petiterich lytse mei klauwen tariste teantsjes dy't bekkenspoaren neamd wurde, en dy't in rol spylje by de pearing om 'e pearingspartner mei fêst te gripen. By de triedwjirmslangen (Leptotyphlopidae) en de wjirmslangen (Typhlopidae) besteane de restanten fan in bekkengurdle noch (wat bewiist dat de foarâlden fan dy slangen efterpoaten hiene). By soarten wêrby't de rudimintêre bekkengurdle útwindich sichtber is, nimt er de foarm oan fan hoarneftige útstulpsels.
Hûd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hûd fan slangen is oerdutsen mei skobben, dy't besteane út keratine, deselde stof dêr't by minsken de neilen en it hier fan makke binne. Der wurdt wol tocht dat slangen slimerich binne, mooglik troch betizing mei wjirms of trochdat har skobben in oaljige, irisearjende glâns hawwe. Mar slangehûd hat winliken in glêde, drûge gearstalling. Trochdat de skobben ûntrochlittich binne, kinne slangen net switte. De measte slangen hawwe spesjalisearre skobben op 'e bealch dêr't se mear gryp mei krije kinne op 'e ûndergrûn, om har krûpen makliker te meitsjen. De eachlidden fan slangen besteane út trochsichtige skobben dy't fan ûnderen fêstsitte en net iepen kinne. Slangen sjogge dus altyd troch in soartemint feilichheidsbril dy't har eagen beskermet.

Om foar slangen sûnder poaten fuortbeweging mooglik te meitsjen, is de hûd dêroan oanpast. De skobben sitte oan 'e boppehûd of epidermis fêst. Dêrûnder leit de learhûd of dermis, wêryn't de gromatofoaren sitte, de pigminthâldende sellen dy't de kleur fan 'e hûd bepale. De út keratine besteande skobben oerlaapje inoar fan foarren nei efteren ta foar in diel. De skobben foarmje in soartemint pânser, dat foarkomt dat de hûd fan 'e slang, troch it konstante kontakt mei de grûn, fuortslyt sa't mei de hûd fan in minske barre soe as dy oan ien wei troch oer de grûn wreaun waard.
Om't de skobben ferhurde en net rekber binne, groeie se net mei it lichem fan 'e slang mei. Fan gefolgen moat de slang ienris yn 'e safolle tiid ferfelje, wêrby't er syn âlde hûd ôfstrûpt as wie it in sok. Dêrûnder is dan al in nije hûd oangroeid, dy't yn 't earstoan wat rekberder is sadat de slang der wer in skoftke mei foarút kin. Hoe faak oft in slang ferfelje moat, hinget ôf fan 'e waarsomstannichheden, de beskikberens fan proaien, de leeftyd fan it oanbelangjende eksimplaar en oare faktoaren. Yn 'e regel giet it om 4–5 ferfellings yn 't jier. Yn teory is it mooglik om 'e soarte fan 'e slang fêst te stellen oan 'e hân fan allinnich de ôfstrûpte hûd, mar dêrfoar moat dy wol tige yntakt wêze.
Sturt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't it foar minsken wol liket as binne slangen ien en al sturt, is it anatomysk sjoen eins sa dat se mar in koart sturtsje hawwe, mei't har lichem eins foar it meastepart út in ekstreem ferlinge boarstkas bestiet. De sturt is lykwols noch langernôch om fan pas te kommen by it klimmen by in protte arboreaal libjende slangen. By de rattelslangen út 'e skaaien fan 'e echte rattelslangen (Crotalus) en de dwerchrattelslangen (Sistrurus) fan 'e famylje fan 'e njirren (Viperidae) ferfelje de lêste skobben oan 'e sturtein net mei, sadat dêr meitiid in rattel fan âlde skobben groeit. As in rattelslang him bedrige fielt, stekt er de útein fan syn sturt omheech en begjint dêrmei te triljen, mei as gefolch dat de ferhurde âlde skobben tsjininoar oan fibrearje, wat in ratteljend lûd feroarsaket. Dat is in warskôging foar de bedriger fan 'e slang om op te sokkebaljen. As men gehoar jout oan dy warskôging, bart der fierders neat, want nettsjinsteande har reputaasje binne rattelslangen fan natuere net agressyf nei minsken ta en bite se hast nea, of it moat wêze dat se provosearre wurde.

Sintugen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gesichtsfermogen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gesichtsfermogen fan slangen fariëarret sterk nei soarte. Guon slangen hawwe in skerp sicht, wylst oaren sa min sjogge dat se inkeld ljocht en tsjuster faninoar ûnderskiede kinne. Foar de measte slangen jildt lykwols dat se goed genôch sjen kinne om der bewegings mei gewaar te wurden. Oer it algemien is it gesichtsfermogen it bêst ûntwikkele by arboreäle slangen en it minst by hoalegravende slangen. Party hawwe binokulêr gesichtsfermogen, wêrby't beide eagen op itselde punt fokust wurde kinne, lykas it gefal is foar de twiichslangen (Ahaetulla spp.). Skerp sjen dogge de measte slangen troch de lins hinne en wer te bewegen yn ferhâlding ta it netflues.
Slangen dy't by dei aktyf binne, hawwe rûne pupillen, wylst nachtaktive slangen spjalten pupillen hawwe (lykas in kat). By de measte soarten befetsje de eagen trije soarten kegeltsjes, en dy slangen kinne nei alle gedachten by deiljocht twa primêre kleuren sjen. De blaubânseeslang (Hydrophis cyanocinctus) en de soarten út it skaai fan 'e skele wetterslangen (Helicops) lykje in grut diel fan har kleuresicht weromwûn te hawwen as evolúsjonêre oanpassing oan harren akwatyske miljeu. Herpetologen binne fan tinken dat de lêste mienskiplike foarâlder fan alle slangen yn it ultrafiolette diel fan it kleurespektrum sjen kinnen hawwe moat, mar de measte slangen dy't by deiljocht jeie, hawwe linzen ûntwikkele dy't as 'sinnebril' fungearje om ultrafiolet ljocht fuort te filterjen. Dat ferskerpet nei alle gedachten harren gesichtsfermogen troch it kontrast te ferbetterjen.
Gehoar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant de midden fan 'e tweintichste iuw waard oannommen dat slangen net hearre koene. It is wier dat se gjin earen hawwe sa't minsken dy hawwe, mar dat nimt net wei dat slangen eins oer twa ûnderskate, ûnôfhinklik faninoar funksjonearjende gehoarsystemen beskikke. Ien dêrfan, it somatysk gehoar, wurket troch it trochjaan fan frekwinsjes fia de wringe, dy't waarnommen binne mei de bealchskobben yn 'e ûndergrûn. It oare gehoarssysteem jout trillings út 'e lucht troch fan 'e rudimintêre lofterlong oan 'e harsens fia de harsensenuw. De gefoeligens fan slangen foar trillings is tige sterk. Yn in stille keamer kin in slang immen sêftkes praten hearre, inkeld troch de trillings yn 'e lucht op te fangen.

Rooksin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Slangen spoare proaidieren op troch har rooksin te brûken. Oars as by sûchdieren giet dat net fia de noas, mar fia de tonge. De noasters fan in slang binne inkeld bedoeld om troch te sykheljen en hawwe neat mei de rooksin fan it bist út te stean. Mar de yn en út 'e bek glûpende spjalten tonge fan in slang fangt omswevende dieltsjes op út 'e lucht en fan 'e grûn of út it wetter, dy't dêrnei oerbrocht wurde nei it orgaan fan Jacobson yn it ferwulft fan 'e bek. Om mear dieltsjes tagelyk op te fangen, wrimelet de slang mei syn tonge wannear't er dy útstekt; dat hjit 'tongeljen'. De spjalting yn 'e útein fan 'e tonge jout de slang in rjochtingsgefoel foar rook. By slangesoarten dy't in protte yn wetter swimme, lykas de anakonda (Eunectes murinus) of de ringslang (Natrix natrix), fungearret de tonge like effisjint ûnder as boppe wetter.
Ynfrareadwaarnimming
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skreefkopnjirren (Crotalinae), in ûnderfamylje fan 'e njirren (Viperidae) dêr't de rattelslangen en har neiste sibben ûnder falle, hawwe alle sintugen dy't oare slangen ek hawwe, mei noch ien dêropta. De oantsjutting "skreefkop" ferwiist nei koarte, ûndjippe skreven yn 'e sydkant fan 'e kop tusken de noasters en de eagen yn. Dy skreven, dy't der útsjogge as in ekstra pear noasters, binne spesjale ynfrareadgefoelige reseptors. Hoewol't alle slangen it fermogen hawwe om waarmte waar te nimmen troch de waarmtesensors yn harren hûd, geane de skreven fan skreefkopnjirren in stap fierder. Dêrmei fielt de slang gjin waarmte, mar wurdt er waarmte gewaar op in manear dy't mear wei hat fan sjen. Krekt as by binokulêr gesichtsfermogen, wêrby't it eachweid fan it iene each dat fan it oare each oerlapet, oerlaapje ek it waarnimmingsfjilden fan 'e beide skreven inoar, sadat de waarmtegefoeligens fan 'e slang djiptepersepsje hat en mei wissichheid de ôfstân ynskatte kin tusken himsels en de waarmte-ôfjaande proai dy't er waarnimt.
Skelet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skelet fan slangen bestiet by de measte soarten út de plasse, de tongbonke, de rêchbonke en de ribben, hoewol't by party soarten, wêrûnder de grutte wjirchslangen út 'e boppefamyljes fan 'e boä-eftigen (Booidea) en de pytoneftigen (Pythonoidea) ek noch rudimintêre efterpoaten oanwêzich binne, ferlykber mei hoe't minsken noch in sturtbonke hawwe.

Ien fan 'e opmerklikste ferskillen mei it skelet fan hagedissen is dat de kaken by slangen fleksibelder binne. De ûnderkaak is net oan 'e plasse ferbûn troch in gewricht, mar troch in bonke dy't de fjouwerkantsbonke hjit. En by it kin sit tusken de rjochter- en de lofterhelte fan 'e ûnderkaak sit in elastysk bynweefsel dat tastiet dat de beide helten útinoar spraat wurde. Dy beide oanpassings meitsje it foar slangen mooglik om proaien yn har gehiel te ferswolgjen, sels al hat it lichem fan 'e proai in gruttere diameter as de kop fan 'e slang.
Ynwindige organen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oars as de krokkedileftigen, dy't nauwer besibbe binne oan 'e fûgels as oan oare reptilen, hawwe slangen, hagedissen, en skyldpodden in hert mei trije ynstee fan fjouwer holten, dat de bloedsomrin behearsket troch de rjochter- en lofterboezem en ien hertkeamer. Yntern is de hertkeamer ferdield yn trije mei-inoar yn ferbân steande romten: de slachierholte (cavum arteriosum), de hertslachholte (cavum pulmonale) en de ierholte (cavum venosum). Yn 'e ierholte komt it soerstofearme bloed de keamer binnen út 'e rjochterboezem wei, wylst yn 'e slachierholte it soerstofrike bloed de keamer binnenkomt út 'e lofterboezem wei. Yn 'e herslachholte fynt de oandriuwing fan it bloed plak.
Om it hert fan in slang hinne sit in soartemint 'pûde', dy't it perikardium hjit. It hert sit normaalwei by de opspjalting fan 'e bronchiën, mar trochdat slangen gjin mulruft hawwe, kin it hinne en wer skowe. Dat fermogen rêdt it hert fan mooglike skea as in grutte ferswolge proai fia de slokterm nei de mage giet. De milt sit by slangen fêst oan 'e galblaas en de alfleisklier en filteret it bloed.

De measte soarten slangen hawwe mar ien funksjonele long, te witten: de rjochterlong. De lofterlong is almeast mar rudimintêr oanwêzich en mist by guon soarten hielendal. In protte fan 'e oare organen dy't yn pearen foarkomme, lykas de nieren en de geslachtsorganen, sitte by slangen, fanwegen gebrek oan romte, net njonkeninoar, mar ûnder- of efterinoar. Lymfeklieren ûntbrekke by slangen hielendal.
Gif
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne likernôch 725 soarten gifslangen, dy't om-ende-by 18,6% fan alle slangesoarten útmeitsje. Ta dat oantal hearre lykwols guon fan 'e bekendste kloften slangen, lykas njirren, rattelslangen, kobra's, mamba's, pofnjirren, seeslangen, platsturten of seekraiten, koraalslangen, mokkasinslangen en brune slangen. Dy hearre allegearre ta trije taksonomyske famyljes: de njirren (Viperidae), de koraalslangeftigen (Elapidae) en de glêde slangen (Colubridae), hoewol't fan dy lêste kloft lang net alle soarten giftich binne en allinnich de beamslang (Dispholidus typus) gefaarlik is foar minsken.
Giftigens is in skaaimerk dat slangen diele mei beskate besibbe groepen hagedissen: de roofhagedissen (Helodermatidae), mei as bekendste soarte it Gilameunster (Heloderma suspectum), en de faranen (Varanidae), mei as bekenste soarte de Komodofaraan (Varanus komodoensis). Gifslangen brûke harren gif om har proaien te oerweldigjen en, selden, ta selsferdigening. It gif is eins in oanpaste foarm fan flibe, dy't by de proai yn 'e bloedsomrin ynjektearre wurdt troch in byt. By de njirren en koraalslangeftigen binne de lange hoektosken hol en steane se yn ferbining mei klieren wêryn't it gif oanmakke wurdt. By de giftige glêde slangen, de saneamde 'efterhoektoskigen', binne de hoektosken solide mar hawwe se oan 'e efterkant in lytse fertikale skreef dêr't it gif trochhinne rint yn 'e bytwûne.

Der binne twa útsûnderings op 'e foarneamde regels. De slangen út it skaai fan 'e stôkslangen (Rhabdophis) binne fan harsels net giftich, mar garje gif op fan 'e podden dy't se frette en skiede dat út fia klieren yn 'e nekke om rôfdieren te ferjeien. En in lytse, ûngewoane populaasje fan 'e gewoane hoasbânslang (Thamnophis sirtalis) yn Oregon sammelet yn syn lever genôch gif fan salamanders dy't er fret, dat er effektyf giftich is (om op te fretten) foar lytse pleatslike rôfdieren, lykas krieën of foksen.
Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kâldbloedigens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Slangen binne kâldbloedich, wat betsjut dat se har eigen lichemstemperatuer net regulearje kinne. Moarns binne se slûch en traach nei de kjeld fan 'e nacht en moatte se earst sinnebaaie om op te waarmjen sadat se aktyf wurde kinne. Yn kontreien mei winters dy't sa kâld binne dat slangen der net oer kinne, reitsje se yn it winterskoft wei yn in soarte fan torpor, dy't in brumaasje neamd wurdt. Oars by in wintersliep (hibernaasje), wêrby't de bisten echt sliepe, bliuwe brumearjende slangen wekker, mar binne se wol folslein ynaktyf.
Solitêr bestean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer it algemien nommen binne slangen bisten dy't in solitêr bestean liede, útsein yn 'e peartiid. Fan in stikmannich soarten is bekend dat se yn groepen foarkomme, mar dat is altyd yn 'e neite fan in itensboarne, lykas in poel dêr't kikkerts libje. As slangen winterdeis yn brumaasje geane, sykje se dêr in gaadlik plak foar, lykas in rotsspjalt, in beamholte of in kompostheap. Op sokke plakken komme gauris ferskate eksimplaren fan deselde soarte gear. It mienskiplik oerwinterjen helpt om ferlies oan lichemswaarmte te beheinen. Foarbylden fan sokke soarten binne de ringslang (Natrix natrix) yn Jeropa en de gewoane hoasbânslang (Thamnophis sirtalis) yn Noard-Amearika.

Fuortbeweging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch harren fleksibele skelet kinne slangen har op ferskate manearen fuortbewege. Dat dogge se ornaris krûpend troch de ribben en de búkspieren te brûken. Hokfoar metoade se foar kieze, hinget mei ôf fan 'e ûndergrûn. De ienfâldichste manear fan fuortbeweging is kronkeljen, wêrby't de slang him om bar nei rjochts en nei lofts ta ôfset op 'e grûn. Swimmende slangen ûnder wetter en oan it wetteroerflak bewege har ek kronkeljend fuort.
Op in glêde ûndergrûn, dêr't in slang him net tsjin ôfsette kin, brûkt er in harmonika-eftige skobeweging lykas in rûp, wêrby't er it efterliif nei it foarliif ta skood sadat er yn 'e midden fan 'e grûn los komt, wêrnei't it foarliif wer in ein foarút skood wurdt. Op mul sân, losse modder of wiete drek makket in slang in sigesaagjende sydlingse skobeweging, wêrby't er sa min mooglik druk op 'e ûndergrûn útoefenet. In slang dy't him sa fuortbeweecht, wurdt yn it Ingelsk in side-winder ("sydwiner") neamd.
By it klimmen yn beammen makket in slang mei syn lichem lussen en bringt dêrby de kop omheech. Inkele soarten út it skaai fan 'e fleanende slangen (Chrysopelea) binne by steat om stikjes te sweven troch har lichem sterk ôf te platsjen en in spiraalfoarmige lichemshâlding oan te nimmen. Sa kinne se har, troch gebrûk te meitsjen fan 'e swiertekrêft en de luchtwjerstân, út hege beammen falle litte en nei in oare beam of de grûn ta sweve sûnder te pletter te fallen.

Ferdigening
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nettsjinsteande har ûnfertsjinne reputaasje, dy't benammen ûntstien is trochdat minsken de warskôgingssinjalen fan slangen oer de holle sjogge of negearje of om't se de bisten moedwillich provosearje, binne slangen fan natuere net botte agressyf. As it mooglik is, sille se in konfrontaasje altyd út 'e wei besykje te gean. Gruttere soarten binne oer it algemien flugger en sille besykje út te naaien, wylst lytsere slangen ornaris fertrouwe op har skutkleur en roerleas stil lizzen bliuwe. Guon soarten hâlde har skyndea troch op 'e rêch te rôljen, de tonge heal út 'e bek hingje te litten en foar dea lizzen te bliuwen. In stikmannich soarten skiedt út 'e klieren by de anus in stjonkende substânsje ôf om rôfdieren (en minsken) ôf te skrikken. In protte slangen litte ek har wetterige kjitte rinne as se oppakt wurde.
Guon lytsere soarten slangen hawwe gjin inkele aktive ferdigening ûntwikkele en binne eins folslein warleas as se troch in rôfdier ûntdutsen wurde. Dêrom hawwe inkele ûngefaarlike soarten troch mimikry sa'n likenis mei giftige soarten ûntwikkele dat rôfdieren mei in bocht om har hinne rinne. In foarbyld is de ûngefaarlike molkeslang (Lampropeltis triangulum), dy't mar dreech te ûnderskieden is fan 'e tige giftige koraalslangen (Micrurus spp.).
Mar der binne ek in protte slangen dy't aktyf gefaarlik wêze kinne as se ta in gewelddiedige konfrontaasje twongen wurde. De earste ferdigening is dêrby trouwens hast altyd warskôgjen en driigjen. In protte slangen meitsje yn dat ferbân siizjende lûden en rjochtsje har op mei de kop by de grûn wei. Rattelslangen (Crotalus en Sistrurus spp.) meitsje in ratteljend lûd mei de ferhurde skobben oan 'e útein fan har sturt. Lânspuntslangen (Bothrops spp.) slane mei har ferhurde sturtpunt razenfluch op 'e grûn. Seachskobnjirren (Echis) skuorje mei de fan richeltsjes foarsjoene skobben op har siden tsjininoar oan, wat ek in ratteljend lûd makket.

De wettermokkasin (Agkistrodon piscivorus) hat in opfallend wyt plak oan 'e binnenkant fan syn bek, dat er by wize fan drigemint sjen lit troch de bek wiid te iepenjen. Dy slang wurdt dêrom yn 'e Feriene Steaten ek wol de cottonmouth ("katoenbek") neamd. Kobra's (Naja spp.) hawwe efter de kop oan 'e sydkanten fan 'e hals útsetbere flappen, dy't mei-inoar in 'kape' neamd wurde. It útsetten fan 'e kape, wat in teken fan agitaasje is, wurdt 'kaapjen' neamd. Kaapjen wurdt benammen dien mei de ribspieren. By guon soarten, de saneamde spuiende kobra's, giet kaapjen faak mank mei it spuien fan gif yn 'e rjochting fan 'e bedriging. As men dat yn 'e eagen kriget, kin it wol ta blinens liede.
Nei de warskôging fiert in slang faak earst noch ien of mear skynoanfallen út. As it rôfdier (of de minske) op dat alles net reägearret troch op te sokkebaljen, sille in protte soarten echt fan har ôf bite. By gifslangen kin dat (ek foar minsken) libbensgefaarlik wêze, hoewol't de mjitte fan giftigens ôfhinget fan 'e soarte. De top-10 fan giftichste slangen is: 1) de taipan (Oxyuranus scutellatus) en 2) de ynlânske taipan (Oxyuranus microlepidotus) út Austraalje, 3) de wâldkobra (Naja melanoleuca) út Afrika, 4) Dubois' seeslang (Aipysurus duboisii) út 'e súdwestlike Stille Oseaan, 5) de brune slang (Pseudonaja textilis) út Austraalje, 6) de swarte mamba (Dendroaspis polylepis) út Afrika, 7) Russells njirre (Daboia russelii) út Yndia, 8) de beamslang (Dispholidus typus) út Afrika, 9) de keningskobra (Ophiophagus hannah) út Súd- en Súdeast-Aazje, en 10) de rûge lânspuntslang (Bothrops asper) út Midden-Amearika en it noardeasten fan Súd-Amearika.[1] Faak wurdt tocht dat wjirchslangen net bite, mar dat is net sa. Har byt is net giftich, mar om't wjirchslangen oer it algemien grutte bisten binne, kin har byt likefolle skea oanrjochtsje as de byt fan in grutte hûn.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle slangen binne strikte karnivoaren. De measte soarten bejeie lytse bisten, lykas hagedissen, kikkerts, oare slangen, kjifdieren, lytse fûgels, fûgelpiken, slakken, wjirms, en ynsekten en oare lidpoatigen. Ek fûgelaaien steane by guon soarten op it menu. Mei't slangen net it fermogen hawwe om har proaien útinoar te skuorren of om fleis te kôgjen, hat it foar har gjin sin en bejei proaien dy't grutter binne as dat se yn har gehiel trochslokke kinne. Dat betsjut dat minsken, mooglik útsein foar wat de aldergrutste slangen oanbelanget, altyd bûten de proaiseleksje falle.

Guon slangen hawwe har spesjalisearre yn it bejeien fan in beskate proai. Sa frette de keningskobra (Ophiophagus hannah) en de hoepeslang of bandy-bandy (Vermicella annulata) út Austraalje frijwol allinnich mar oare slangen. De soarten út 'e famylje fan 'e slakkefrettende slangen (Pareidae) hawwe har, sa't de namme al oanjout, oanpast om slakken lytsman te meitsjen.
De jachtmetoade fan slangen fariëarret. Gifslangen ynjektearje har proai troch in byt mei gif, sadat se deade of alteast útskeakele wurde. Wjirchslangen wuolje harsels om har proai hinne en knipe dy fyn, sadat er troch ferstikking omkomt. In protte oare slangen pakke har proai gewoan mei de tosken beet en frette dy libben op, bygelyks as it giet om slakken, wjirms of ynsekten.
Nei't se fretten hawwe, wurde slangen in skoft ynaktyf, wêrby't it wol liket as sliepe se. Dat komt om't it proses fan 'e spiisfertarring foar harren in yntinsive aktiviteit is, benammen as de ferswolge proai in gruttenien is. Mei't slangen kâldbloedich binne, hawwe se in folle stadiger metabolisme as sûchdieren, en dat betsjut dat se folle minder faak hoege te iten. Har hiele yngewant wurdt dêrom tusken mielen 'útskeakele' om enerzjy te besparjen, en as der in proai ferslynd is, duorret it hast 48 oeren om it hiele spiisfertarringsproses wer op gong te krijen. Dat slangen kâldbloedich binne, betsjut ek dat de temperatuer fan it omjaande miljeu in wichtige faktor is by de spiisfertarring. Ideäliter moat it foar de measte soarten om-ende-by de 30 °C wêze. Mei de spiisfertarring giet by slangen gâns enerzjy mank; sa giet de lichemstemperatuer fan 'e Súdamerikaanske rattelslang (Crotalus durissus) by de spiisfertarring wol mei 1,2 °C omheech.

As in slang fersteurd wurdt koart nei't er fretten hat, koarret er syn proai faak wer út sadat er makliker ûntsnappe kin oan 'e bedriging. As in slang net fersteurd wurdt, is syn spiisfertarring tige effisjint en wurdt alles, bonken ynbegrepen, fertard. Inkeld it hier of de fearren, en ek de klauwen fan 'e proai wolle net fertarre en wurde dêrom mei de dong útskaat.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fuortplanting wurdt by alle slangen bewurkmastere troch ynwindige befruchting. It mantsje hat in hemipenis (mt.: hemipenes), dat in dûbele penis is dy't ornaris binnenstbûtenst teard opburgen is yn 'e kloäka, it geslachtsdiel fan reptilen, dat by slangen yn 'e sturt sit. Analooch mei de hemipenis fan it mantsje is de kloäka fan it wyfke in fagina mei in hemiklitoris, oftewol in dûbele klitoris. De hemipenes hawwe faak richels, heakjes of stikels dy't bedoeld binne om gryp te krijen op 'e wanden fan 'e kloäka fan it wyfke.
De measte slangen binne ovipaar: se lizze aaien wêryn't de jongen har bûten it lichem fan 'e mem ûntwikkelje oant se selsstannich oerlibje kinne en de aaien útkomme. De grutte mearderheid fan 'e ovipare slangen lit de aaien efter en sjocht der net wer nei om. Inkele soarten, wêrûnder de keningskobra (Ophiophagus hannah) bouwe nêsten dy't se bewekje en bliuwe ek nei it útkommen fan 'e aaien yn 'e neite fan 'e jongen. By de measte pytons (Pythonidae spp.) wuollet de mem har om 'e aaien hinne en bliuwt by harren oant se útkomme. Yn dy perioade ferlit de wyfkespyton de aaien inkeld út en troch om te sinnebaaien en te drinken. Soms "beeft" se sels om waarmte foar op te wekjen foar it 'bebrieden' fan har aaien.
Party slangesoarten binne ovofivipaar. Dat wol sizze dat de aaien yn it lichem fan 'e mem bliuwe oant se útkomme, wêrnei't de jongen libben berne wurde. Inkele soarten binne folslein fivipaar, lykas de boä konstriktor (Boa constrictor) en de anakonda (Eunectes murinus). By dy soarten groeie de jongen yn it lichem fan 'e mem sûnder dat se fan 'e mem skaat binne troch in aaiskaal, en wurde se fet troch sawol in plasinta as út in djerreflues. Dat is tige ûngewoan foar reptilen, mar normaal foar rekwiëmhaaien (Carcharhinidae spp.) en plasintasûchdieren (Placentalia spp.). Twa soarten slangen, de koperkop (Agkistrodon contortix) en de wettermokkasin (Agkistrodon piscivorus), binne by steat en plantsje har ûngeslachtlik fuort troch fakultative partenogeneze, wêrby't it wyfke genetyske kloanen fan harsels produsearret.
Yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ûnderskift fan 'e slangen falt útinoar yn twa tuskenskiften: de wjirmslangen en sibben (Scolecophidia) en de hegere slangen (Alethinopidia). Dy skieding is basearre op sawol morfologyske skaaimerken as op ferskillen yn mitogondriaal DNA. De hegere slangen wurde sels wer opspjalten yn twa kloften, de âlde slangen (Henophidia), dy't û.o. de wjirchslangen omfetsje, en de nije slangen (Caenophidia). Dy lêste groep fertsjintwurdiget 85% fan alle libbene slangesoarten, wêrûnder alle gifslangen.
|
Slangen en minsken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oanfallen op minsken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne in protte minsken dy't benaud binne foar slangen. Dat wurdt ofidiofoby neamd. It is lykwols net basearre op in rasjonele beskôging fan 'e feiten. Allinnich al troch har lichemsgrutte falle minsken bûten de proaiseleksje fan hast alle slangesoarten, en sels de grutste soarten hawwe it frijwol nea op minsken foarsjoen. De measte slangen mije kontakt mei minsken krekt as de pest. En sels gifslangen, dy't wol gefaarlik wêze kinne, falle nea samar minsken oan, of it moat wêze dat se ferwûne binne, kjel makke wurde, har bedrige fiele of provosearre wurde.

Mei útsûndering fan 'e grutste wjirchslangen hâlde net-giftige slangen gjin inkele bedriging foar minsken yn. Fan 'e grutste wjirchslangen stiet benammen de anakonda (Eunectes murinus) út Súd-Amearika bekend as in minskesliner. Dat is lykwols net basearre op stekhâldend bewiismateriaal, mar earder op sensasjonele media lykas de horrorfilm Anaconda (1997). Fan 'e Birmeeske pyton (Python bivittatus) de rotspyton (Python sebae) en mooglik ek de strewelpyton (Morelia amethistina) binne wol oanfallen op folwoeksen minsken dokumintearre, mooglik om't dy slangen yn it tichtbefolke Súdeast-Aazje folle mear mei minsken yn kontakt komme as de anakonda yn it tige tinbefolke Amazônegebiet.
Fan 'e likernôch 725 ûnderskate soarten gifslangen wrâldwiid binne der mar 250 soarten mei in sterk genôch gif om in minske te deadzjen. Nettsjinsteande dat moat men nei it oprinnen fan in slangebyt altyd fuortendaliks medyske fersoarging sykje. Foar de measte soarten slangegif bestiet wol in anty-gif dat gâns helpe kin by de genêzing fan 'e byt. Der bestiet datoangeande in grutte kleau tusken de Westerske wrâld en ûntwikkelingslannen. Yn Austraalje, ien fan 'e lannen mei de measte ekstreem giftige slangen, komt yn trochsneed mar 1 persoan yn 't jier om troch in slangebyt. Yn Yndia komme jiers wol 50.000 minsken om troch slangebiten. Om't Yndia in befolking hat dy't 50 kear sa grut is as dy fan Austraalje, soe dat oantal by in gelikense sitewaasje op 50 deaden yn 't jier lizze moatte. It ferskil sit him dêr yn 'e beskikberens fan 'e juste medyske fersoarging.
Slangemelken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om anty-gif te meitsjen, is ferlet fan slangegif. Gifslangen moatte dêrfoar fongen (of yn finzenskip holden) wurde, en beweegd wurde om troch in membraan hinne te biten dat oer in potsje hinne spand is. It slangegif wurdt dan opfongen yn it potsje. Dat proses wurdt slangemelken neamd. Behalven foar it oanmeitsjen fan anty-gif is slangegif ek fan belang foar it ûndersyk nei pine en nei sykten en oandwanings as kanker, rimmetyk, oerhalen, hertsykten, hemofily en in hege bloeddruk. Guon stoffen út slangegif lykje gâns ûnthjittend te wêzen foar de ûntwikkeling fan nije medisinen foar sokke sykten en oandwanings.

Slangebeswarders
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn guon parten fan 'e wrâld, yn 't bysûnder yn Yndia, besteane slangebeswarders. Dat binne strjitartysten mei in slang yn in koer dy't se skynber 'beswarre' troch op 'e fluit te spyljen. De slang liket dêrby op 'e muzyk fan 'e fluit te reägearjen, mar it is eins de sêftkes widzjende beweging dy't de slangebeswarder mei de útein fan 'e fluit makket, dy't folge wurdt troch de slang. In protte slangebeswarders wurkje mei kobra's, dy't se yn 'e measte gefallen earst fan 'e giftosken ûntdogge. Der binne ek slangebeswarders dy't in kobra en in mangoeste hawwe, natuerlike fijannen faninoar, dy't se in skyngefjocht útfiere litte. Dat komt lykwols net safolle foar, mei't de bisten net oan it ferstân te bringen is dat it mar boartsjen is, mei as gefolch dat se inoar slim ferwûnje kinne. De Yndiaaske Wet op 'e Beskerming fan Wylde Bisten út 1972 leit yn prinsipe it near op slangebeswarren, dat as in foarm fan bistemishanneling te boek stiet. It is dêrom in útstjerrende wizânsje dêr't de measte hjoeddeistige Ynjers inkeld fan heard hawwe yn ferhalen oer it ferline.
Slangen as iten en boarne fan lear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten fan slangen is in gebrûk yn in protte minsklike kultueren, mar komt fral in protte foar yn East- en Súdeastaziatyske lannen as Sina, Taiwan, Fjetnam, Kambodja, Tailân en Yndoneezje. Dêr wurdt oan slangefleis genêskrêftige en geslachtsdrift opwekjende eigenskippen tatocht, hoewol't dat bakerpraatsjes sûnder lykfol hokke wittenskiplike ûnderbouwing binne. Mar om dy reden wurdt slangefleis yn dy lannen as in delikatesse beskôge. Ek slangewyn, in tradisjoneel Sineesk drinken dêr't hiele slangen yn stoppe binne, soe medisinale eigenskippen hawwe. Sok byleauwe kin skealike gefolgen hawwe as it liedt ta oerbejaging fan slangen. Yn 'e Westerske wrâld, benammen de Feriene Steaten, wurde slangen ek bejage om har hûd, dêr't lear fan makke wurdt foar djoer fuotark.

Slangen as húsdieren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Westerske wrâld wurde slangen troch guon entûsjastelingen holden as húsdier, hoewol't se dêrby ornaris fierwei it meastepart fan 'e tiid yn in terrarium ferbliuwe. Soarten dy't as húsdier holden wurde, binne benammen fan natuere kalme slangen as de keningspyton (Python regius) en de nôtslang (Pantherophis guttatus). Slangen dy't yn finzenskip fokt binne, skine bettere húsdieren te wêzen as slangen dy't út it wyld weifongen binne. Yn ferhâlding ta gongberder húsdieren, lykas de hûn (Canis lupus familiaris) of de kat (Felis catus), binne slangen tige maklik yn 'e fersoarging. Se hawwe mar ferlet fan in bytsje romte, mei't de measte soarten net langer wurde as 1–11/2 m. Boppedat hoege se mar út en troch fuorre te wurden, yn 'e regel ienris yn 'e 5–14 dagen. Guon slangen kinne by in goede fersoarging wol 40 jier libje.
Yn 'e minsklike kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mesopotamyske Aldheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e minsklike kultuer spylje slangen al sûnt minskewitten in wichtige rol. Yn it Alde Mesopotaamje waard Nirah, de boadskipper fan 'e god Ištaran, op kudurru's (grinspealtsjes) werjûn as in slang. Ofbyldings fan twa mei-inoar ferweve slangen kamen in protte foar yn 'e keunst fan 'e Sûmearjers en wiene noch sporadysk werom te finen op silindersegels en amuletten út sa'n lette perioade as de trettjinde iuw f.Kr. De woastynhoarntsjenjirre (Cerastes cerastes) waard werjûn op Kassityske en Nij-Assyryske kudurru's en wurdt oanroppen yn Assyryske teksten as in magyske en beskermjende entiteit.
In draak-eftich wêzen mei hoarnen, it lichem en de hals fan in slang, de foarpoaten fan in liuw en de efterpoaten fan in fûgel kin yn keunst út 'e Mesopotamyske Aldheid oantroffen wurde fan it Akkadyske Ryk (2334–2154 f.Kr.) oant it Hellenistyske Tiidrek (323–31 f.Kr.). Dat wêzen, dat yn it Akkadysk de mušḫuššu ("razene slang") neamd waard, wie in symboal foar beskate godheden en waard ek brûkt as in beskermjend embleem yn 'e algemiene sin. It liket oarspronklik in helper fan 'e Ninazû, de god fan 'e ûnderwrâld, west te hawwen, mar waard letter assosjearre mei de Hoerrityske stoarmgod Tisjpak, en hearde noch wer letter ta it gefolch fan Ningisjzida, de soan fan Ninazû, en teffens fan 'e Babyloanyske nasjonale god Mardûk, fan 'e Assyryske nasjonale god Asjûr en fan Nabû, de god fan 'e klerken.

Egyptyske Aldheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Egyptyske Aldheid namen slangen in wichtich plak yn mei't in yn goud getten kop fan 'e Egyptyske kobra (Naja haje) diel útmakke fan 'e kroan fan 'e farao. Dat bist waard fereare as ien fan 'e goaden fan it Egyptyske panteön. Slangen waarden yn it Alde Egypte ek foar sinistere doelen brûkt. Sa wie it in tradisjonele metoade om fijannen of rivalen út te skeakeljen troch in gefaarlike gifslang tusken harren besittings te ferstopjen. Ek waarden gifslangen wol brûkt foar it begean fan selsmoard. Sa liet de legindaryske keninginne Kleopatra VII har yn 30 f.Kr. troch in Egyptyske kobra bite om te ûntkommen oan finzenname troch de Romeinen.
De ouroboros wie in bekend Aldegyptysk symboal fan rûngong yn 'e foarm fan in slang dy't syn eigen sturt ferslynt. De âldste oerlevere ôfbylding fan 'e ouroboros komt fan 'e fergulde hillichdommen yn 'e grêftombe fan farao Tûtanchamon. Yn 'e earste iuwen fan 'e Westerske jiertelling waard de ouroboros as symboal oannommen troch de gnostyske kristenen. Yn 'e algemy fan 'e Midsiuwen feroare it fan wêzen fan in slang yn in typyske Westerske draak, mei wjukken, fjouwer poaten en in sturt.
Grykske Aldheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Alde Griken brûkten de gorgoneion, in ôfbylding fan in skriklik minsklik antlit mei slangen ynstee fan hier, as in symboal om kwea ôf te warjen. Yn in Grykske myte, dy't troch Pseudo-Apollodoarus beskreaun waard yn syn Biblioteka, wie Medûsa in gorgoan mei slangen ynstee fan hier, wa har blik al dyjingen dy't nei har seagen yn stien feroare. Hja waard deade troch de held Perseus. Letter skreau de Romeinske dichter Ovidius yn syn Feroarings fan Stal dat Medûsa oarspronklik in tsjeppe preesteresse fan 'e goadinne Pallas Atene west hie, dy't troch har goadinne yn in meunster mei slangen op 'e holle feroare waard nei't se yn 'e timpel fan Palles Atene ferkrêfte wie troch de seegod Poseidon.
Yn in oare Grykske myte, dêr't koart nei ferwiisd waard troch de Boeoatyske dichter Hesiodus en dy't yn detail beskreaun waard troch Pseudo-Apollodoarus, deade de healgod Hearakles de Lerneeske hydra, in fjoerblazend meunster mei njoggen koppen, dat, as ien kop ôfslein waard, dêr twa foar yn 't plak weromgroeide.

In legindarysk ferslach fan 'e stifting fan 'e wichtige Aldgrykske stêd Tebe makket melding fan in meunstereftige slang dy't de welle bewekke dêr't de nij delsetting syn drinkwetter wei helje moast. Yn 'e striid om dat wêzen te ferslaan en te deadzjen kamen de selskipslju fan Kadmus, de stifter fan Tebe, allegearre om, liedend ta de term "kadmusoerwinning", foar in oerwinning dy't sa djoer kocht wurdt dat er ta jins eigen delfal liedt.
Ut 'e Grykske Aldheid stammet ek de eskulaap, in stôk of stêf mei om 'e boppe-ein in slang wuolle. Dat wie oarspronklik it symboal fan 'e Asklepius, de god fan 'e genêskunde ("eskulaap" is in ferbastering fan "Asklepius"). Tsjintwurdich is it symboal foar de medyske stân, dat bygelyks op in kaartsje stiet dat hûsdokters ûnder it foarrút fan 'e auto lizzen hawwe, sadat se gjin boetes krije foar foutparkearjen as se earne mei haast hinne roppen wurde.
Hindoeïsme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan âlds nimme slangen yn 'e kultuer fan it Yndysk subkontinint ek al in foaroansteande posysje yn. Dat wie sa yn 'e Yndyske Aldheid en it is hjoed oan 'e dei net oars. Yn it hindoeïsme wurde slange fereare as goaden, en fromme hindoefroulju bringe ek tsjintwurdich noch plingoffers troch molke yn slangekûlen te jitten (ek al hawwe slangen in hekel oan molke). De kobra wurdt gauris ôfbylde op 'e hals fan 'e god Sjiva, wylst de god Visjnû faak ôfbylde wurdt rêstend op in sânkoppige slange of omwuolle troch in slange. Der besteane guon timpels dy't poer en allinich op 'e ferearing fan 'e kobra rjochte binne, dy't wol oantsjut wurdt as Nagraj ("Kening der Slangen"), en ienris yn 't jier wurde de hjeldei Nag Panchami holden, dy't oan slangen wijd is. Ek wurde slangen, mooglik trochdat har lichemsfoarm wat oan in penis tinken docht, yn it hindoeïsme sjoen as symboalen fan fruchtberens.

Monoteïstyske godstsjinsten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e trije grutte monoteïstyske godstsjinsten, it joadendom, it kristendom en de islaam, bestiet der net folle wurdearring foar slangen. Sa spilet de slang yn it joadsk-kristlike skeppingsferhaal yn it bibelboek Genesis (3:1–6) in tige negative rol as in ferskining fan 'e duvel dy't Eva, de earste frou, ferliedt om tsjin it gebod fan God yn te gean troch in apel fan 'e Beam fan 'e Kennis fan Goed en Kwea te iten en Adam, de earste man, dêr ek fan ite te litten. Ek yn 'e Iepenbiering fan Jehannes (20:2), yn it Nije Testamint, wurdt de slang lykslein mei de duvel: "Hy griep de draak, de âlde slange, dat is de duvel, de satan, en sloech him yn 'e boeiens foar tûzen jier."
Yn it bibelboek I Samuël (11:1–13) wurdt fierders op tige negative wize in kening Nachasj fan 'e Ammoniten beskreaun, waans namme yn it Hebriuwsk "slang" betsjut. Yn 'e lettere kristlike literatuer waarden slangen krektlyk ferspijd. Sa wurdt yn it hilligelibben fan Patrick, de beskermhillige fan Ierlân, dy't it kristendom nei dat eilân brocht hawwe soe, fertelt dat er alle slangen út Ierlân ferjeid hawwe soe by wize fan symboalyske reiniging fan it eilân fan kwea.
Mar krekt as by de Alde Griken is de slang yn it bibelboek Numeri (21:6–9) in symboal fan rêding: de Israeliten sprekke op tsjin God en dy stjoert slangen op harren ôf om har te biten. Der stjerre withoefolle. Mar de Israeliten krije berou fan harren opsprekken en God hjit de profeet Moazes en meitsje in slang fan brûns dy't er op in stander sette moat. Eltsenien dy't in slangebyt oprûn hat en nei de stander sjocht, wurdt genêzen. Yn guon denominaasjes fan it kristendom, benammen yn 'e Súdlike Feriene Steaten, hat dat bibelferhaal oanlieding jûn ta it idee dat men jins leauwe yn God bewize moat troch libbene gifslangen te hantearjen.
Modern heidendom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e ûnderskate streamings fan it modern heidendom, lykas de wicca, wurdt de slang sjoen as in symboal fan wiisheid en kennis.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
