Springe nei ynhâld

Separation of Church and Hate

Ut Wikipedy
Separation of Church and Hate
algemiene gegevens
auteurJohn Fugelsang
taalIngelsk
foarmnon-fiksje
sjenrereligy
1e publikaasje2025, New York
oarspr. útjwr.Avid Reader Press
kodearring
ISBN978-1 66 80 66 898

Separation of Church and Hate is in non-fiksjeboek oer religy, skreaun troch de Amerikaanske komyk en akteur John Fugelsang. Yn Separation of Church and Hate keart Fugelsang him tsjin it fûnemintalistyske, rjochts-populistyske en kristen-nasjonalistyske sabeare kristendom dat beliden wurdt troch rjochts Amearika, en leit er út wêr't it kristendom wier om heart te gean. It boek waard 19 augustus 2025 publisearre troch Avid Reader Press, in ymprint fan útjouwerij Simon & Schuster.

Titel en ûndertitel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De titel Separation of Church and Hate betsjut: "Skieding fan Tsjerke en Haat". It is in wurdboarterij op 'e skieding fan tsjerke en steat (yn it Ingelsk: separation of church and state, dat op 'e titel fan it boek rymt). It boek hat as ûndertitel: A Sane Person's Guide to Taking Back the Bible from Fundamentalists, Fascists, and Flock-Fleecing Frauds, wat safolle betsjut as: "in gids foar minsken mei in sûn ferstân om 'e Bibel werom te nimmen út 'e hannen fan fûnemintalisten, faksisten en huchelders dy't har eigen oanhingers oplichtsje".

Yn it boek jout de fan Long Island ôfkomstige Fugelsang oan dat hy him, as de djip-religieuze soan fan in úttrêde fransiskaanske mûnts en in úttrêde karmelityske non, roppen fielde om te besykjen en stjoer de koers by dy't it kristendom yn 'e ienentweintichste iuw yn 'e Feriene Steaten nommen hat. De oanstriid dêrta fiert er werom op syn oanhâldende argewaasje oer it misbrûk en de ferdraaiïng fan sawol de Bibel as it kristendom as gehiel troch rjochts Amearika. Separation of Church and Hate wie in wurk fan jierren, dat ta stân kaam yn Floarida, Kalifornje, New York en tusken de tweintich en tritich hotelkeamers ferspraat oer de legere 48 steaten.

John Fugelsang.

De ynhâld fan it boek wurdt kreas gearfet troch it motto: "Wat dogge jimme My allegeduerigen Hear, Hear te neamen, as jimme dochs net dogge wat Ik sis?" (Lukas 6:46).

Yn Separation of Church and Hate leit Fugelsang op detaillearre manear út hoe't yn 'e Feriene Steaten hjoed oan 'e dei it kristendom yn it algemien en de Bibel yn 't bysûnder misbrûkt wurde troch skynhillige rjochtse haatprekers. Dy ûntwikkeling hat neffens him histoarysk syn woartels yn 'e Reade Panyk oan it begjin fan 'e Kâlde Oarloch, yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren en de earste helte fan 'e 1950-er jierren, doe't senator Joseph McCarthy en it Komitee oangeande Unamerikaanske Aktiviteiten fan it Hûs fan Offurdigen (HUAC) in wiere heksejacht op Amerikaanske kommunisten op gong brochten.

Tsjintwurdich is it neffens Fugelsang gewoan wurden en akseptearre rekke foar kristlike fûnemintalisten, rjochts-populisten en kristen-nasjonalisten om in sabeare kristendom út te dragen dat ûnderstipe wurdt troch bibelteksten út it Alde Testamint en útspraken fan Jezus Kristus en de apostel Paulus út it Nije Testamint, dy't út har ferbân skuord binne en/of moedwillich ferkeard útlein wurde. Hy karakterisearret sokke lju as minsken dy't "Jezus net oannommen hawwe as har ferlosser, mar as har maskotte".

Teffens lit Fugelsang sjen wêr't it kristendom wier foar stiet. Dat docht er allegearre op lichthertige wize, mei sawol ferwizings nei de popkultuer as oanhelle bibelteksten en sitaten fan teologen, geastliken en oare saakkundigen op it mêd fan it kristendom, en hjir en dêr mei in persoanlike anekdoate út syn eigen libben. Alsa leit er earst de grûnslach foar syn arguminten troch yn haadstik 1 yn te gean op Jezus Kristus, en yn haadstik 2 op 'e apostel Paulus, dy't er karakterisearret as "Jezus syn p.r.-man, dy't net Jezus [sels] wie". Fugelsang wiist derop dat Paulus de stifter fan it kristendom wie, mar ek in feilbere minske mei earnstige karakterflaters. Dêrnjonken timmeret er der ferskate kearen op dat Jezus mei syn Nij Ferbûn alle âlde regels en wetten út it Alde Testamint fuortreage, sadat dy foar kristenen net mear jildich binne, en teffens op it feit dat de Brieven fan Paulus troch Paulus sels nea bedoeld wiene as "Hillige Skrift".

Haadstik 3 is wijd oan 'e útlis oer de stân fan saken yn rjochts Amearika en yn haadstik 4 fertsjutsket Fugelsang dat men net alles yn 'e Bibel letterlik opfetsje of útlizze (wolle) moat. Yn 'e folgjende haadstikken leit er út dat der yn it wiere kristendom (d.w.s. it Bliid Boadskip fan Jezus) gjin romte is foar:

Yn haadstik 15, syn konklúzje, skriuwt Fugelsang: "Faaks dat jo no tinke fan: No en? Jo hawwe it [boek] hielendal oan hjir ta [lêzen] en jo hawwe besletten om dy rjochtsen it kristendom mar hâlde te litten. Lit se der mar yn stikke." Fugelsang leit dêr lykwols tsjinyn dat der neffens him in ferskil is tusken persoanlike spiritualiteit en organisearre religy en dat fan beiden ferlet is yn 'e wrâld. Hy dielt de oanhingers fan it kristendom fan tsjintwurdich op yn kristenen: al dyjingen dy't sizze dat se it kristendom oanhingje, en Kristusfolgers: de lju dy't har hâlde oan 'e lear fan Jezus Kristus. Hy ropt de lêste groep op om it net oer te jaan en de fûnemintalisten en kristen-nasjonalisten net har sin te jaan: "Wy meie harren net haatsje, mar yn in demokrasy moatte wy harren ferslaan." Hy beëiniget syn boek mei in berop op leafde, want "[…] leafde is de iennichste religy dy't altyd wurket."

Separation of Church and Hate waard oer it algemien mei loovjende kritiken ûntfongen. De kritikus dy't de resinsje skreau foar Kirkus Reviews wie krekt minder te sprekken oer Separation of Church and Hate, dat hy of sy karakterisearre as in "net serieuze oanpak fan in serieus ûnderwerp". Fugelsang syn "bepaald ynformele en folslein subjektive ynfalshoeke" soe de lêzer de grize fan 'e oer de grouwe gean. Neffens de resinsint is it "walchlike en meunsterlike rjochtse kristendom" dêr't de skriuwer him yn syn boek tsjin oankantet "fierhinne in karikatuer, dat net folle lju weromkenne sille". Ek miste de kritikus de ynbring yn it boek fan konservative teologen om wjerwurd te bieden oan 'e sitaten fan 'e progressive teologen dy't Fugelsang oanhellet.[1]

Mar Publishers Weekly skreau dat "it mingsel fan teology en humor fan 'e auteur syn ta neitinken stimmende arguminten enerzjy jouwe". Dêrby waard wol oantekene dat de úthalen fan Fugelsang nei Republikeinske politisy syn boek minder oantreklik meitsje kinne soene foar guon fan 'e lêzers dy't er seit berikke te wollen. Mar de resinsint konkludearre dat dit "wrange en tagonklike traktaat" "genôch munysje" jout oan kristenen dy't "har oankantsje wolle tsjin 'e fûnemintalistyske lear".[2]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ Separation of Church and Hate: Unserious Approach to a Serious Subject, yn: Kirkus Reviews, juny 2025.
  2. ↑ Separation of Church and Hate, yn: Publishers Weekly, augustus 2025.