Sensasjonele stavering

Ut Wikipedy

In sensasjonele stavering, ek wol dekorative stavering neamd, is de opsetlike misstavering fan in wurd om it opfalle te litten. Dat is in strategy dy't yn 'e reklamewrâld in protte brûkt wurdt om merknammen fan gewoane wurden te ûnderskieden. In bekend foarbyld is de stavering fan 'blu-ray', dat neffens de standertstavering fan it Ingelsk eins skreaun wurde moatte soe as "blue-ray". In oar foarbyld is it fideospultsje Mortal Kombat, wêrfan't de korrekte stavering eins "Mortal Combat" wêze soe. Men komt sensasjonele staveringswizen ek in protte tsjin yn 'e ynternasjonale muzykbrâns, yn 'e nammen fan bands en rappers. Foarbylden binne The Beatles (korrekt: "The Beetles"), The Byrds (korrekt: "The Birds"), Limp Bizkit (korrekt: "Limp Biscuit"), Mötley Crüe (korrekt: "Motley Crew"), Xzibit (korrekt: "Exhibit"), Ludacris (korrekt: "Ludicrous") en Timbaland (korrekt: "Timberland").

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.