Senegaltrap
| Senegaltrap | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje Wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Eupodotis senegalensis | ||||||||||||
| Vieillot, 1821 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De Senegaltrap (Eupodotis senegalensis) is in Afrikaanske trapsoarte út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae). De soarte komt wiidferspraat foar yn Afrika besuden de Sahara, benammen op gerslân en yn iepen boskgebieten.
Nettsjinsteande syn grutte fersprieding en maklik werkenbere skaaimerken is der mar in bytsje ûndersyk nei dizze soarte dien, en der is relatyf net in soad bekend oer syn hâlden en dragen.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Senegaltrap is ien fan 'e lytsere trappen en wurdt 48 oant 61 sm lang. Alle ûndersoarten hawwe in gielbrune boppekant en gielbrún boarst en in wite búk. De poaten binne rjemmekleurich. Jonge fûgels hawwe in ljochtbrune kop en hals, wylst folwoeksen fûgels in blaugriize hals hawwe.
It folwoeksen wyfke hat in grize kroan, in brún-gielige streek ûnder it each en swarte spikkels op 'e kiel. It folwoeksen mantsje hat in swarte kroan, swarte streken op 'e wite wangen, in swart kielplak en in readrôze snaffel. De soarte fertoant dúdlik seksueel dimorfisme: de mantsjes binne grutter as de wyfkes.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Senegaltrap is ien fan 'e 26 erkende trapsoarten fan 'e famylje Otididae. De soarte waard earst beskreaun as Eupodotis caffra, mar krige letter de namme Eupodotis senegalensis.
De Senegaltrap wurdt hjoed-de-dei tegearre mei de blauwe trap yn it skaai Eupodotis yndield, en beide wurde as nau besibbe beskôge. Hoewol't earder mear soarten yn it skaai Eupodotis yndield waarden, wurde tsjintwurdich yn in soad moderne yndielingen allinne de Senegaltrap en de blauwe trap yn dit skaai ûnderbrocht.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurde fiif ûndersoarten erkend:
- E. s. senegalensis – súdwestlik Mauretaanje en Guinee, eastlik oant de Sintraal-Afrikaanske Republyk, sintraal Sûdan en mooglik Eritreä;
- E. s. canicollis – fan Etioopje oant noardeastlik Tanzania;
- E. s. erlangeri – súdlik Kenia en westlik Tanzania;
- E. s. mackenziei – fan eastlik Gabon en sintraal Kongo-Kinsjasa oant Sambia, Angoala en noardlik Namybje;
- E. s. barrowii – Botswana, Swazylân, Súd-Afrika en Lesoto.
Guon auteurs hawwe E. s. barrowii wol as aparte soarte beskôge, mar dêr bestiet op dit stuit gjin algemiene oerienstimming oer.
Fersprieding en leefgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Senegaltrap komt allinne yn Afrika foar. De grutste populaasjes lizze yn fjouwer haadgebieten:
- fan súdeastlik Botswana oant eastlik Súd-Afrika en Swazylân;
- fan súdeastlik Gabon oant Angoala en westlik Sambia;
- yn Etioopje, Somaalje, noardeastlik Uganda, westlik Kenia en Tanzania;
- yn West-Afrika, fan Senegal en Gambia oant Ivoarkust en fierder eastlik oant sintraal en súdlik Sûdan.
De soarte jout de foarkar oan heech gerslân en savanne, mar komt ek wol foar yn iepen strûkgebieten mei lytse beammen. De West-Afrikaanske populaasje is better oanpast oan drûge omstannichheden en kin yn 'e reintiid sels de râne fan 'e woastyn opsykje. Oare populaasjes bliuwe faker yn grienere gebieten mei ticht heech gers, rivierflakten of kultivearre lân.
Yn East-Afrika binne eksimplaren oant 2.000 meter boppe seenivo waarnommen, mar de measte waarnimmingen komme fan 1.500 meter of leger.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rop kin it hiele jier troch heard wurde, benammen by it lemieren, it skimerjen en reinich waar. Sawol mantsjes as wyfkes roppe. Dy rop draacht fier en kin reaksjes fan oare groepen Senegaltrappen útlokje.
De soarte wurdt meast yn pearen of famyljegroepen sjoen; de jongen bliuwe folle langer by harren âlden as by in soad oare Afrikaanske trapsoarten. It territoarium fan in briedpear of groep wurdt rûsd op likernôch 40 hektare, al binne der ek groepen waarnommen dy't mear as 100 hektare útinoar sieten.
De Senegaltrap is omnivoar. It iten bestiet benammen út krobben, termiten, sprinkhoannen, rûpen en spinnen, mar ek út sied, beien en blommen. By it sykjen nei iten beweecht de fûgel him leech oer de grûn; soms wurdt er ek sjoen yn koartlyn ôfbaarnde gebieten.
Oer it briedgedrach is noch in soad ûnbekend. De briedtiid ferskilt sterk per regio en ûndersoarte: fan maart oant juny yn noardeastlik Afrika en oktober oant febrewaris yn Súd-Afrika. It nêst is in ienfâldige ûndjippe kûle yn 'e grûn, ferburgen yn of ûnder begroeiïng. Dêr wurde ien oant trije aaien lein. De aaien binne ljocht oant donker oliifkleurich mei donkerbrune of grize plakken.
Allinne it wyfke briedt de aaien út. Yn finzenskip duorret de briedtiid sa'n 23 dagen, mar yn it wyld is dat noch net goed ûndersocht.
Status en beskerming
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN beskôget de Senegaltrap as net bedrige (Least Concern), foaral troch it grutte ferspriedingsgebiet. Yn Súd-Afrika waarden de populaasjes lykwols yn 2015 troch it SANBI (South African National Biodiversity Institute) as kwetsber beskôge fanwegen lokale efterútgong.
De wichtichste bedrigingen binne feroarings yn it lângebrûk troch lânbou, oerbeweiding, it ôfbaarnen fan gerslân en de útwreiding fan bebouwing.
Yn guon lannen binne jongen fan 'e Senegaltrap mei súkses yn finzenskip grutbrocht. Dêrfoar besteane spesifike rjochtlinen foar bistetunen en wittenskiplike ynstellingen. Undersyk nei ûnder oare bloed, bonkestruktuer en ynterne organen moat helpe om ferwûne of sike fûgels better fersoargje te kinnen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Blauwe trap
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Sambia
