Senegalpappegaai
| Senegalpappegaai | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Poicephalus rufiventris | ||||||||||||
| Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Senegalpapegaai (Poicephalus senegalus) is in middelgrutte papegaaiesoarte yn it skaai grutkoppappegaaien (Poicephalus) út 'e ûnderfamylje fan 'e Afrikaanske pappegaaien (Psittacinae). Yn it Nederlânsk hjit de fûgel Bont Boertje, in ferwizing nei de kleuren en it koartswilige (boertig) karakter fan 'e fûgel.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Senegalpapegaai is sawat 24 sm lang en weaget tusken de 120 en 170 gram. Hy hat in grize kop en boppeboarst, in grien boppeliif en boarst en ûnder in brede oranje oant giele bân, dy't in soarte fan V-foarm op 'e búk foarmet. De kleur fan dy boarstbân ferskilt neffens ûndersoarte. De iris is giel by folwoeksen fûgels, en de snaffel is donkergriis. Om it each is in donkere eachring.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Senegalpappegaai komt yn West-Afrika foar fan Senegal en Gambia oant súdlik Maly, Nigearia en de súdlike útrinners fan Tsjaad. Hy libbet meast yn iepen bosken, savannes en agraryske gebieten mei beammen dêr’t er in nêst yn bouwe kin.
De soarte is ferdield yn twa oant trije ûndersoarten:
- Poicephalus senegalus senegalus – komt foar fan Gambia en Guinee-Bissau oant súdlik [[Niger], noardlik Kameroen en súdwestlik Tsjaad.
- Poicephalus senegalus versteri (Finsch, 1863) – komt foar fan noardwestlik Ivoarkust oant súdwestlik Nigearia.
Guon behannelje ek de eastlikste populaasje fan senegalus as in ûndersoarte:
- Poicephalus senegalus mesotypus (Reichenow, 1910) – komt foar yn noardeastlik Nigearia en oangrinzgjende gebieten fan Niger, súdwestlik Tsjaad en noardlik Kameroen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Senegalpapegaaien libje meastal yn pearkes of lytse groepkes. Se binne tige sosjaal en nijsgjirrich, mar kinne ek beskermjend wêze oer har territoarium. Se ite benammen sied, nuten, fruchten en soms blomknoppen.
It wyfke leit meastentiids 3 oant 4 aaien yn in holte fan in beam. De briedtiid duorret sa'n 4 wiken en de jongen fleane nei sa'n 9 wiken út.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Senegalpappegaaien binne tige populêr om te hâlden. Dat feroarsake in hiel soad jacht op 'e soarte en tusken 1975 en 2014 binne der neffens BirdLife mear as 800.000 libbene fûgels út Afrika eksportearre. Ek hjoed-de-dei foarmet de hannel in risiko foar de fûgel en tusken 2004 en 2015 waarden 70.000 fûgels út Afrika eksportearre, ek al wurdt de fûgel no beskerme ûnder CITES taheakke II. In oar probleem foarmet de ûntbosking troch omsetting nei lânbou en kommersjele houtwinning. As de âlde beammen ferdwine is der minder nêstgelegenheid foar de fûgel. Yn guon gebieten wurde de fûgels troch boeren as pleachfûgels sjoen.
De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2019) op 'e Reade list, mar de soarte rint yn oantallen tebek.
Hûsdier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Senegalpapegaai is in populêre húsfûgel om't er relatyf stil, yntelligint en oanhinklik is. Hy kin goed praten leare en hat in freonlik karakter, mar freget wol in soad sosjaal kontakt en geastlike útdaging.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Grutkoppappegaai
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Togo
