Springe nei ynhâld

Senegaleeske iisfûgel

Ut Wikipedy
Senegaleeske iisfûgel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje iisfûgels (Alcedinidae)
skaai echte beamiisfûgels (Halcyon)
soarte
Halcyon senegalensis
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige

De Senegaleeske iisfûgel of Senegaliisfûgel (Halcyon senegalensis) is in fûgel fan it skaai echte beamiisfûgels (Halcyon) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Senegaleeske iisfûgel yn it Nasjonaal Kruger Park, Súd-Afrika.

De 23 sm lange fûgel is op 'e rêch, sturt en wjukken ljochtblau. Kop, nekke en ûnderkant binne wyt en de skouders swart. De grutte snaffel is boppe read en ûnder swart. De fûgel hat reade poaten. Beide skaaien binne hast gelyk, juvenilen ha wat minder sprekkende kleuren en in brune snaffel. De rop fan 'e fûgel is in lûd triljen.

Senegaleeske iisfûgels libbje fral oan 'e evener binne de beide 8e breedtegraden. De noardlike en súdlike populaasjes migrearje yn 'e drûge tiid rjochting evener. It leefgebiet bestiet út net tichte bosken en ek by delsettings fan minsken. De fûgel ferdigenet syn territoarium, ynklusyf tsjin minsken.

Der binne trije ûndersoarten bekend:

Undersoarten Senegaleeske iisfûgel
Ofbyld Wittenskiplike
namme
Beskriuwer Fersprieding
Halcyon senegalensis fuscopileus Reichenow (1906) Fan Sierra Leöane oant Súd-Nigeria en nei it suden ta oant yn 'e Demokratyske Republyk Kongo en Noard-Angoala.
Halcyon senegalensis senegalensis Linnaeus
(1766)
Fan Senegal en Gambia oant Etioopje en it noarden fan Tanzania.
Halcyon senegalensis cyanoleuca Vieillot
(1818)
Fan Súd-Angoala en West-Tanzania oant Súd-Afrika.

Senegaleeske iisfûgels bried yn beamholtes, dy't troch spjochten makke wurde. In lechsel bestiet út twa oant trije rûne wite aaien, dy't yn 13 oant 14 dagen útbret wurde. Beide âlders fuorje de jongen. Nei it útfleanen bliuwe jonge fûgels noch sa'n fiif wiken by de âlders.

Fanôf in sitplak op in peal of in tûke jager er op grutte ynsekten, slakken, fisken, kikkers en weakdieren.

Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e wrâldpopulaasje, mar de soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en is algemien. It geskikte biotoop fan 'e soarte is lykwols de lêste tiid ôfnommen en dêrfandinne wurdt der fanút gien dat de oantallen ôfnimme. Oannommen wurdt dat de efterútgong yn trije generaasjes tiid lykwols net heger is as 30% fan 'e wrâldpopulaasje en dêrom klassifisearret de IUCN de soarte op 'e Reade list as net bedrige.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes op de:Senegalliest